Springe nei ynhâld

La Vie mode d'emploi

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan La Vie: mode d'emploi)
Dit artikel is in stobbe oer literatuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Omslach fan de earste útjefte fan La Vie mode d'emploi yn 1978.

La Vie mode d'emploi (Frânsk, lykernôch "It libben: gebrûkshantlieding") is in roman fan de Frânske skriuwer Georges Perec út 1978, útjûn troch Hachette Livre yn Vanves. It is in wurk fan sa's 600 siden, mar neffens de ûndertitel binne it allegear novellen, dy't tegearre wer in nij ferhaal fertelle.

Guon kritisy hawwe it wurk oanhelle as in foarbyld fan postmoderne fiksje, mar Perec mijde leaver etiketten en syn iennige langduorjende bân mei in beweging wie mei de Oulipo of OUvroir de LIttérature POtentielle.

La Vie mode d'emploi befettet in soad mei elkoar ferweve ferhalen en ideeën, lykas literêre en histoaryske taspilings. It is basearre op de libbens fan de bewenners fan in fiktyf Parysk flatgebou, 11 rue Simone. It is skreaun neffens in kompleks plan fan skriuwbeheiningen, en is benammen opboud út ferskate eleminten, dy't elts in laach fan kompleksiteit taheakje.

In Fryske ferzje is der oant no ta net fan ferskynd.