La Chapelle-Montligeon
Appearance
| La Chapelle-Montligeon | ||
| Gemeentehûs | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Normandje | |
| Departemint | Orne | |
| Arrondissemint | Mortagne-au-Perche | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 509 (2023)[1] | |
| Oerflak | 8,33 km² | |
| Befolkingsticht. | 61 ynw./km² | |
| Hichte | 144-232 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 61400 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 48° 29' N 0° 39' E | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Kaart fan 'e gemeente. | ||
La Chapelle-Montligeon is in doarp en gemeente yn it Frânske departemint Orne (Normandje). It plak leit yn it hert fan it Regionale Natuerpark Perche en is ferneamd om 'e imposante Notre-Damebasilyk, in wichtich beafeartsplak.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De grutte neogoatyske Us-Leaffrouwebasilyk út de lette 19e iuw oerhearsket de omkriten mei de twa 60 m hege tuorren. Yn 'e tsjerke binne û.o. de brânskildere ramen it besjen wurdich. Tige bekend is it haadalter fan carrara-moarmer.
- De Église Saint-Pierre (Sint-Pitertsjerke) is de âlde parochytsjerke fan it doarp en datearret út 'e 16e iuw.
- De pastorij yn it doarp datearret fan 'e 18e iuw.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Pitertsjerke.
- Us-Leaffrouwebasilyk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
