LKJ Records

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

LKJ Records is in Ingelske platemaatskippij, yn 1981 oprjochte troch de fan Jamaika ôfkomstige dub-dichter en muzikant Linton Kwesi Johnson. Neist eigen wurk fan de oprjochter en nammejouwer fan de maatskippij, hat LKJ Records wurkt útjûn fan Dennis Bovell, Jean Binta Breeze, Fizzé Winston Francis, Steve Gregory, Shake Keane, John Kpiaye, Michael Smith en The Dennis Bovell Dub Band.