Atlas Contact

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan L.J. Veen Klassiek)
Atlas Contact
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Amsterdam
oprjochte 2012
fuortk. út L.J. Veen (útjouwerij)
Uitgeverij Atlas
Uitgeverij Augustus
Uitgeverij Contact
mem VBK Uitgeversgroep
offisjele webside
www.atlascontact.nl

Atlas Contact is in Nederlânske útjouwerij fan literêre publikaasjes dy't rjochte binne op Nederlân sawol as Flaanderen. It bedriuw ûntstie yn 2012 út in fúzje fan in stikmannich âldere útjouwerijen, en is in dochterûndernimming fan 'e VBK Uitgeversgroep. Atlas Contact jout benammen oarspronkik Nederlânsktalige en oersette literêre fiksje en non-fiksje út, en dêrnjonken ek boeken op it mêd fan management, ekonomy en karriêre ûnder de ymprint Business Contact.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Atlas Contact ûntstie yn 2012 troch de fúzje fan 'e renomearre útjouwerijen L.J. Veen, Uitgeverij Atlas, Uitgeverij Contact en Uitgeverij Augustus. De âldste foargonger fan Atlas Contact wie L.J. Veen, dy't yn 1887 oprjochte waard en doedestiden namme makke mei útjeften fan wurk fan Louis Couperus en Stijn Streuvels. De namme fan dat bedriuw is noch bewarre bleaun yn 'e hjoeddeistige ymprint L.J. Veen Klassiek fan Atlas Contact, dêr't klassikers fan skriuwers as Charles Dickens, F. Scott Fitzgerald, Gustave Flaubert, Lev Tolstoj, John Steinbeck en Stendhal ûnder útbrocht wurde.

Uitgeverij Contact waard oprjochte yn 1933, en is benammen bekend wurden as de oarspronklike útjouwer fan Het Achterhuis, it deiboek fan Anne Frank. In trêde útjouwerij dy't yn Atlas Contact opgien is, wie Uitgeverij Atlas, dy't sûnt 1991 bestie, en oprjochte waard troch Emile Brugman en Ellen Schalker. Uitgeverij Augustus wie de jongste fan 'e bedriuwen dy't fúzjearre binne ta Atlas Contact. Augustus waard nammentlik pas yn 2001 oprjochte troch Tilly Hermans.

Skriuwers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skriuwers dy't publisearje by Atlas Contact, binne û.o. George Akerlof, Cees Andriesse, Julian Barnes, Patrick Beijersbergen, Alain de Botton, Jan Brokken, Stephen Covey, Adriaan van Dis, Malcolm Gladwell, Oek de Jong, Mensje van Keulen, Geert Mak, Vonne van der Meer, Haruki Murakami, Marieke Lucas Rijneveld, Salman Rushdie, Dimitri Verhulst en Bert Wagendorp.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: