Springe nei ynhâld

LA Direct Models

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan L.A. Direct Models)
LA Direct Models
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor ympressariaat
haadkertier Las Vegas (Nevada)
oprjochte 2000
oprjochter Ben English
eigner Ben English en Hannah Harper
offisjele webside
www.ladirectmodels.com

LA Direct Models is in Amerikaansk ympressariaat dat yn 2000 yn 'e Britske haadstêd Londen oprjochte waard troch pornoakteur Ben English (wiere namme: Derek Hay).

It bedriuw wie oarspronklik bedoeld om Britske pornoakteurs tagong te jaan ta de Amerikaanske pornoyndustry, mar doe't der ek in grutte fraach nei fertsjintwurdiging troch in renommearre ympressariaat bliek te bestean ûnder Amerikaanske pornoakteurs, ferhuze English syn bedriuw yn 2001 nei Kalifornje, dêr't er it yn 't earstoan mei syn doetiidske freondinne Hannah Harper runde fanút harren ien-sliepkeamerappartemint yn Los Angeles. Neitiid ferhuzen hja it bedriuw nei de buert Cahuenga Pass, yn 'e Los Anzjelynske wyk Hollywood, dêr't it ympressariaat fêstige wie yn itselde kantoargebou dêr't ek filmstudio Vivid Entertainment siet. Yn it neijier fan 2014 iepene LA Direct Models in nij kantoar yn Las Vegas.

Ben English (m.) mei Havana Ginger (l.) en Audrey Bitoni (rj.).

Sûnt 2001 hat LA Direct Models him ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande ympressariaten fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, dat no likernôch 130 froulike en 30 manlike pornoakteurs fertsjintwurdiget. Dêrûnder binne Lexi Belle, Yurizan Beltran, Charisma Cappelli, Cassandra Cruz, Sophie Dee, Kagney Linn Karter, Kimberly Kendall, Mia Lelani, Shawna Lenée, Lisa Lipps, Krissy Lynn, Alexis Love, Jynx Maze, Aleksa Nicole, Teagan Presley, Alexis Texas en Jezabel Vessir. Yn 2005 waard Havana Ginger de earste stjer dy't in eksklusyf kontrakt mei LA Direct Models ôfsleat, en yn 2008 wie Kimber James de earste transseksuële pornostjer dy't har troch it ympressariaat fertsjintwurdigje liet.

Yn 2008 foarme LA Direct in gearwurkingsferbân mei Lisa Ann's Talent Management en The Lee Network om boekings foar feature dancers yn Amerikaanske stripklubs te koördinearjen. Datselde jiers lansearre LA Direct Models in eigen nijswebside oer de Amerikaanske pornoyndustry. It ympressariaat fertsjintwurdiget no net mear inkeld pornoakteurs en strippers, mar ek produksjemeiwurkers lykas regisseurs en fisazjistes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.