Springe nei ynhâld

L.A. Confidential (film)

Ut Wikipedy
L.A. Confidential
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurCurtis Hanson
produsintAmon Milchan
Curtis Hanson
Michael Nathanson
senarioBrian Helgeland
Curtin Hanson
basearre opde roman fan James Ellroy
kamerarezjyDante Spinotti
muzykJerry Goldsmith
filmstudioWarner Bros.
Regency Enterprises
The Wolper Organization
distribúsjeWarner Bros.
spilers
haadrollenGuy Pearce
Russell Crowe
Kevin Spacey
byrollenJames Cromwell
Kim Basinger
Danny DeVito
David Strathairn
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre14 maaie 1997
foarmlangspylfilm
sjenrehistoaryske plysjeskriller
taalIngelsk
spyltiid138 minuten
budget en resultaten
budget$35 miljoen
opbringst$126,2 miljoen
prizen2 × Oscar
1 × Golden Globe
1 × SAG Award
2 × BAFTA
1 × Saturn Award
1 × Satellite Award

L.A. Confidential is in Amerikaanske histoaryske plysjefilm en skriller út 1997 ûnder rezjy fan Curtis Hanson. De haadrollen yn dizze neo-noirfilm waarden spile troch Guy Pearce, Russell Crowe en Kevin Spacey, mei James Cromwell, Kim Basinger en Danny DeVito yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Fertroulik yn Los Angeles" en ferwiist nei it skandaalblêd Confidential, dat yn 'e 1950-er jierren yn Los Angeles publisearre waard. Yn 'e film wurdt dat blêd om auteursrjochtlike redens portrettearre ûnder de namme Hush-Hush ("Sssst").

It ferhaal spilet begjin 1950-er jierren en folget trije leden fan it Los Angeles Police Department, dy't elts los faninoar op it spoar komme fan grutskalige korrupsje binnen it plysjekorps. Harren ûndersiken kruse inoar, en hoewol't se min mei-inoar kinne, wurde se twongen om gear te wurkjen tsjin in eftergrûn fan dekadinsje en seks yn 'e filmyndustry fan Hollywood en ynstitúsjonalisearre rasisme en homofoby by de plysje en yn alle lagen fan 'e maatskippij.

L.A. Confidential krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie yn 'e bioskopen ek kommersjeel súksesfol. De film waard nominearre foar gâns prizen en wûn twa Oscars, in Golden Globe, in Screen Actors Guild Award, twa BAFTA's, in Saturn Award en in Satellite Award. Tsjintwurdich wurdt de film beskôge as in wiere klassiker. Yn 2015 waard L.A. Confidential opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Yn 1951 set it pleatslike plysjekorps fan Los Angeles, it Los Angeles Police Department, útein mei in kampanje om syn imago te ferbetterjen nei jierren fan mar kwealk tadutsen korrupsje en plysjegeweld.

Resjersjeur Jack Vincennes is in plysjeman fan it âlde stimpel, dy't der gjin kwea yn sjocht om him omkeapje te litten. Hy is in dandy dy't him graach yn krease klean klaait en middenmank de pleatslike hegerein bejout, en dat kin er fan inkeld syn plysjesalaris net betelje. Dêrom hat er ek in baan oannommen as adviseur efter de skermen fan 'e populêre plysjesearje Badge of Honor. Vincennes ûnderhâldt fierders in nauwe relaasje mei Sid Hudgens, in rioelsjoernalist dy't it skandaalbledsje Hush-Hush publisearret. Tegearre organisearje se opsjochjaande arrestaasjes fan bekende lju foar yllegale dingen (drugs, prostitúsje, homoseksualiteit). Hudgens makket dêr foto's fan en publisearret der in sensasjoneel artikel oer op 'e foarside fan syn blêd, wylst Vincennes dêrtroch bekend rekket en in reputaasje as trochpakker kriget dy't syn karriêre by de plysje te'n goede komt.

Resjersjeur Bud White libbet heal yn 'e nije en heal yn 'e âlde tiid. Hy is yn prinsipe in ynteger man dy't by de plysje gien is om foar gerjochtichheid te soargjen. Hy wurdt tramtearre troch in trauma út syn jonkheid, doe't er der tsjûge fan wie hoe't syn mem deaslein waard troch syn heit. White hat dêrom yn 't bysûnder in grouwéligen hekel oan húslik geweld en frouljusmishanneling. Oan 'e oare kant hat er der gjin muoite mei om boargers te yntimidearjen, bekentenissen út fertochten te slaan of bewiismateriaal te fabrisearjen. Ek is er fan miening dat plysjeminsken inoar stypje moatte, en soed er nea tsjin in oare plysjeman tsjûgje, lykfolwat sa'nent misdien hie.

Brigadier Ed Exley is in nij soarte plysjeman. Hy wegeret pertinint om him omkeapje te litten en wol alles neffens de regels dwaan. Dêrby tinkt er o sa om syn karriêre, mei't er yn it skaad stiet fan syn heit, dy't in legindaryske plysjeman wie. Dyselde waard op it hichtepunt fan syn karriêre fermoarde troch in dieder dy't nea identifisearre is. Om 'e moardner fan syn heit foar himsels wat persoanlikheid te jaan, hat Exley sels in namme foar him betocht: Rollo Tomasi. Meitiid begjint dy namme foar him eltse krimineel te fertsjintwurdigjen dy't syn rjochtlike straf ûntrint.

Op krystjûn 1951 moetet White in pear djoere prostituees, Lynn Bracken en Susan Lefferts, dy't yn in auto sitte mei de rike sakeman Pierce Morehouse Patchett en dy syn liifwacht anneks sjauffeur Leland "Buzz" Meeks, in eardere plysjeman. White hâldt harren oan om't Susan in brutsen noas en twa blauwe eagen hat. Hy fermoedet dat se mishannele is, mar Susan en Lynn sizze dat er mis is, en sûnder mear bewiis moat er it selskip wol gean litte.

Letter dy jûns wurde in stikmannich Latino's oppakt dy't derfan beskuldige wurde dat se in pear (blanke) plysjes mishannele hawwe (anno 1951 binne alle plysjes blank). White syn dronken partner Dick Stensland en in lulke kliber plysjes dy't syn rasistyske opfettings diele, ferskaffe har mei geweld tagong ta it selleblok yn it plysjeburo en sette útein mei it ôftúgjen fan 'e arrestanten. Exley besiket harren tsjin te hâlden mar wurdt troch syn kollega's opsletten yn in lege sel. White en Vincennes besykje de boel del te bêdzjen, mar wannear't de Latino's begjinne werom te fjochtsjen, ûntstiet der yn it selleblok algemiene slaanderij wêrby't White en Vincennes allebeide ek belutsen reitsje. In parsefotograaf dy't krekt op it plysjeburo oanwêzich wie, makket foto's fan 'e opskuor, dy't yn 'e krante ferskine ûnder de kop "Bloedige Kryst".

Dy publike roftberens fan 'e kwestje makket dat der on offisjeel ûndersyk komme moat. White wegeret te tsjûgjen tsjin Stensland, mar syn sjef, haadynspekteur Dudley Smith, hâldt him de hân boppe de holle. Exley wol wól tsjin syn kollega's tsjûgje en hy jout de haadkommissaris fan it LAPD en ofsier fan justysje Ellis Loew goerie oer hoe't se ek Vincennes oan 'e praat krije moatte. Trije âldere plysjes dy't dochs al hast oan har pinsjoen ta wiene, ûnder wa Stensland, krije de swarte pyt taspile en wurde ûntslein. Vincennes wurdt foar straf tydlik oerpleatst fan Moardsaken nei Sedemisdriuwen en foar de rest komt de saak yn 'e dôfpot.

Exley kriget promoasje ta ynspekteur en komt op syn útdruklike winsk op 'e ôfdieling Moardsaken te wurkjen, dêr't er troch de oare resjersjeurs mei de nekke oansjoen wurdt omreden fan wat sy as syn ferrie beskôgje. White wurdt neitiid boadskiprindersjonge foar haadynspekteur Smith. No't de machtige gangster Mickey Cohen koartby efter de traaljes ferdwûn is, dy't yn 'e ûnderwrâld fan Los Angeles de lekkens útdielde, wol Smith derfoar soargje dat nimmen syn plak ynnimt. Alle kriminelen út oare dielen fan 'e Feriene Steaten dy't har yn Los Angeles fertoane, wurde dêrom yllegaal ûntfierd nei ôfhandige lokaasjes. Dêr wurde se troch White en inkele oaren yn opdracht fan Smith hielendal yninoar slein om harren dúdlik te meitsjen dat se hjir net wolkom binne, om dêrnei ta de stêd útjage te wurden. Underwilens wurde eardere trewanten fan Cohen troffen troch in rige ûnmeilydsume moarden troch mysterieuze dieders, dy't by ien fan harren slachtoffers 11 kg oan heroïne bútmeitsje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wannear't der yn 'e rin fan 1952 nachts yn it kafee The Nite Owl in oerfal plakfynt dy't útrint op in sjitpartij, wurdt de saak ûndersocht troch Exley yn 'e mande mei haadynspekteur Smith. It liket derop dat de oerfallers de saak inkeld besochten te berôvjen, doe't de kok in pistoal loek en by in wrakseling deasketten waard. Ien fan 'e dieders ferlear dêrby syn masker en doe waarden de servearster en de fjouwer oanwêzige klantten ek deasketten, nei't men oannimme mei om 'e identiteit fan 'e dieders geheim te hâlden. Ien fan 'e slachtoffers is âld-plysjeman Stensland. In oarenien is Susan Lefferts, de frou dy't White op krystjûn mei in brutsen noas en blauwe eagen sjoen hie. Op basis fan geroften dat der yn in buert net fier fan it kafee trije swarten sjoen binne dy't mei jachtgewearen omrûnen, wurdt daliks oannommen dat dyselden de dieders wêze moatte.

Der folget in klopjacht, wêrby't Vincennes en Exley troch fernimstich plysjewurk in ein ôfsnije en de identiteit fan 'e haadfertochte Sugar Ray Collins útfine. As se op syn adres arrivearje, treffe se dêr harren kollega's Breuning en Carlisle. Dyselden hawwe krekt de trije jachtgewearen, dy't by it bloedbad yn The Nite Owl brûkt binne, ûntdutsen yn 'e auto fan Collins. Fjouweresom falle se it hûs binnen en pakke Collins en syn maten Ty Jones en Louis Fontaine op. Werom op it plysjeburo docht Exley it ferhear, wêrby't hy en de fertochten earst in skoft byinoar lâns prate. Mar úteinlik komt oan it ljocht dat de trije mannen miene dat se arrestearre binne om't se in Latino-fanke ûntfierd en ferkrêfte hawwe, dat noch altyd finzen holden wurdt yn it hûs fan in fjirde swarte man. De plysje set dêrhinne, en Smith stjoert White om 'e wente troch de efterdoar binnen te kringen. White treft in jonge Latino-frou neaken fêstbûn op bêd oan. Hy sjit de bewenner fan it hûs sûnder mear dea en stoppet him in twadde pistoal, dat er sels by him hie, yn 'e hân om it lykje te litten as skeat er út selsferdigening. Dêrnei ûntfermet er him it slachtoffer fan 'e groepsferkrêfting dat er krekt losmakke hat en tadutsen mei in tekken wannear't de oare plysjes it hûs troch de foardoar binnenkomme.

It ferkrêftingsslachtoffer, Inez Soto, jout oan dat Sugar Ray Collins en syn maten har de jûns tefoaren ferkrêfte hawwe, mar om midsnacht hinne ôfset binne. Dat soe harren mear as genôch tiid jûn hawwe om dêrnei noch The Nite Owl te oerfallen. Werom op it plysjeburo docht lykwols bliken dat de trije mannen ûnderwilens ûntsnapt binne. Exley, dy't earder yn it ferhear fan Collins-en-dy de namme en it adres fan harren drugsdealer Roland Navarette loskrigen hie, nimt in kollega mei om by Navarette thús in ynfal te dwaan. Dêre treffe se yndie Collins, Jones en Fontaine oan. De beide senuweftige plysjes, dy't yn 'e minderheid binne, ferprutse de operaasje, dy't útrint op in sjitpartij. Dêrby komme sawol Exley syn kollega as alle fertochten en harren dealer om it libben. Exley, dy't de iennichste oerlibbene is, wurdt neitiid troch syn kollega's as in held ynhelle en kriget in ûnderskieding foar moed. It bloedbad yn The Nite Owl wurdt as oplost beskôge en it ûndersyk dêrnei wurdt beëinige.

Underwilens folget White in eigen line fan ûndersyk. Mei't er Susan Lefferts werkend hat fan 'e koarte moeting op krystjûn, giet er op 'e siik nei har selskipslju fan dy dei. Dat liedt him nei Lynn Bracken en Pierce Morehouse Patchett. Dy lêste hat in nije liifwacht/sjauffeur, mei't Meeks, sa seit er, net langer foar him wurket. It docht bliken dat ien fan 'e ûndernimmings fan Patchett de eksklusive callgirlservice Fleur-de-lis (Frânsk foar "leelje") is, mei prostituees dy't lykje op ferneamde aktrises. De brutsen noas en blauwe eagen fan Susan wiene feroarsake, sa leit Patchett him út, troch de plastyske sjirurzjy dy't se doe krekt oan har noas hân hie om mear op Rita Hayworth te lykjen. Lynn liket fan natuere sterk op aktrise Veronica Lake, en hat inkeld har brune hier blond hoegen te fervjen. White, dy't him sterk ta Lynn Bracken oanlutsen fielt, begjint neitiid in romantyske relaasje mei har, wylst sy ûnderwilens trochgiet mei har wurk as callgirl. Se fertelt White dat se derfan dreamt om úteinlings werom te kearen nei har berteplak Bisbee, yn súdeastlik Arizona, om dêr mei it jild dat se yn Los Angeles fertsjinne hat in damesbûtyk te begjinnen.

Yn 1953 komt Sid Hudgens by Vincennes mei it nijs dat ofsier fan justysje Loew temûk in homo is. Hudgens wol Loew deryn rinne litte troch him ferliede te litten troch de wurkleaze akteur Matt Reynolds, in tige kreaze jongeman dy't biseksueel is. Hudgens sil dat dan filmje, en Vincennes sil de beide mannen yn 'e boeiens slaan. Vincennes, dy't it noch net fergetten is hoe't Loew him te pakken hân hat nei de Bloedige Kryst fan 1951, liket it skoan ta om 'e karriêre fan 'e ofsier fan justysje te ferrinnewearjen, mar hy hat te dwaan mei Reynolds. Dyselde is sa nayf dat er it ûnthjit foar sûkerswiet opyt dat Vincennes him neitiid oan in rol yn 'e plysjesearje Badge of Honor helpe sil. Dat ûnthjit komt fan Hudgens en Vincennes befêstiget it mei tsjinnichheid. Mar as Vincennes dy jûns by de motelkeamer komt dêr't Loew en Reynolds inoar treffe soene, fynt er dêr Loew noch Hudgens en treft er ynstee Reynolds oan mei in trochsniene kiel. Vincennes is oars in egoïstyske rotsak, mar oer dit akkefytsje wurdt er neitiid tramtearre troch skuldgefoelens. Hy begjint sadwaande in ûndersyk nei it foar him mysterieuze Fleur-de-lis, wêrfan't er in fisitekaartsje yn 'e bûse fan it stoflik omskot fan Reynolds fûn hat.

Underwilens lit it bloedbad yn The Nite Owl White net los. Der is wat oan 'e saak dat him dwers sit, mar hy kin der de finger net op lizze. Hy begjint in privee-ûndersykje en merkt by it besjen fan 'e foto's fan it plak delikt bloedplakken op dy't derop wize dat syn eardere partner Stensland as earste deasketten is, wylst de servearster en de oare trije klanten troch de dieders nei de húskeromte ta brocht binne foar't se fermoarde binne. Dat soe derop wize kinne dat Stensland, as âld-plysjeman, in fjoerwapen by him droech en him fersette tsjin 'e oerfal (de offisjele lêzing), mar it soe ek kinne dat hy eins it doelwyt fan it hiele bloedbad wie en dat de oare slachtoffers simpelwei op 'e ferkearde tiid op it ferkearde plak wiene. White merkt ek op dat op it taffeltsje dêr't Stensland siet, twa koppen kofje stiene. Dat betsjutte dat er net allinnich wie, mar dat er yn it kafee immen trof. De iennichste fan 'e oaren dy't dêrfoar yn oanmerking komt, is Susan Lefferts. Mar Stensland wie by White doe't hy Susan op krystjûn 1951 foar it earst mette, en doe bearde er dat er har net koe. Weromsjend mei de kennis fan no begjint White beskate dingen oan it hâlden en dragen fan syn eardere partner fertocht te finen.

Ek Exley pakt noch altyd om mei de Nite Owl-saak. Hy is in karriêreman, mar hy wol ek it goede dwaan, en hy is derfan oertsjûge dat beide dingen mei-inoar te ferienjen binne. Dat Sugar Ray Collins en syn beide maten nea mei in wurd nei The Nite Owl ferwiisd hawwe, sit Exley dwers. Hy freest dat hy de ferkearden deasketten hat. Jawis, it wiene sûnder mis ferkrêfters en lju dy't net doge woene, mar dêrmei hiene se noch net de deastraf fertsjinne. As ien fan mar in pear leden fan it LAPD wurdt Exley net ferbline troch rasisme, en objektyf sjoen wurdt de bân tusken Collins-en-dy en de Nite Owl-saak inkeld foarme troch de jachtgewearen dy't yn Collins syn auto oantroffen binne. En inkeld it tsjûgenis fan it ferkrêftingsslachtoffer, Inez Soto, dy't sein hat dat de mannen omtrint midsnacht by har wei gien binne, makket it sels mar mooglik dat Collins, Jones en Fontaine de dieders fan it bloedbad wiene. Wannear't Exley Inez Soto wer moetet, jout sy lykwols ta dat se dêroer liigd hat: de trije mannen wiene it grutste part fan 'e nacht oer har gear. Mar Inez wie bang dat se nea foar de ferkrêfting bestraft wurde soene as sy tajoech dat se de blanken yn The Nite Owl net fermoarde hawwe koene, want wat kin de plysje no sa'n Latino-frommes as har skele? Exley begrypt dat syn fermoedens op wierheid berêste, en dat de dieders fan it bloedbad yn The Nite Owl noch frij omrinne. Dat kin er net ferkropje, temear om't de moardner fan syn heit nea pakt is. Dat, ek hy set útein mei in privee-ûndersyk nei de offisjeel al lang ôfsletten saak.

White set nei de mem fan Susan Lefferts ta, dy't earder, by de identifikaasje fan har dochter yn it mortuarium, oanjûn hie dat se de lêste tiid net folle kontakt mei Susan hân hie. De reden dêrfoar wie om't Susan mei in folle âldere man omsloech en om't sy, de mem, dy relaasje net goedkarde. White lit frou Lefferts in foto fan Stensland sjen, en it minske befêstiget syn fermoeden dat syn âlde partner de frijer fan Susan wie. Frou Lefferts seit dat Stensland in kear mei Susan en in oare keardel by har thús west hat doe't sy der sels net wie. De buorfrou sei letter dat de beide mannen lûdroftich spul hiene en dat se de kelder yn giene (wêrfan't de doar oan 'e bûtenkant fan it hûs sit). Ut dy kelder komt no in alderferskuorrendste stank. Frou Lefferts mient mar dat der in deade rôt leit, mar as White deryn giet, fynt er it lyk fan in man yn fiergeande steat fan ûntbining. Oan 'e hân fan syn rydbewiis identifisearret er de deade as Leland "Buzz" Meeks, de âlde liifwacht en sjauffeur fan Patchett. As frou Lefferts him freget oft der yndie in deade rôt yn 'e kelder leit, antwurdet White: "Ja, in hiele grouwenien," wêrnei't er fuortgiet sûnder him fierder om it lyk te bekroadzjen.

Underwilens ûntdekt Exley by it neiplúzjen fan it dossier oer de Nite Owl-saak dat White him foar west hat. Hy en White kinne poermin sûnt it ûndersyk nei de Bloedige Kryst, dat Exley fertrout White foar gjin sint. Hy freget de help fan Vincennes om White syn gongen nei te gean. Vincennes wol dat wol dwaan op it betingst dat Exley him helpe sil by it oplossen fan 'e moard op Matt Reynolds. Exley set mei syn eigen fragen nei frou Lefferts ta en komt sa te witten dat White dêr ek al west hat en dat er de kelder yngien is. Sa wurdt it lyk fan Meeks foar de twadde kear op ien middei ûntdutsen. Om't White it rydbewiis meinommen hat, wit Exley net wa't er foar him hat. Hy lit it lyk nei it mortuarium bringe en hjit de patolooch-anatoom om haast te meitsjen mei de identifikaasje. Wilens folget Vincennes White nei it kafee The Frolic Room oan Hollywood Boulevard, dêr't er gewaar wurdt hoe't White Johnny Stompanato ûnderfreget, de eardere liifwacht fan gangster Mickey Cohen. Stompanato fertelt White oer de geroften yn 'e ûnderwrâld, dy't hawwe wolle dat Meeks 11 kg heroïne op 'e kop tikke hie en dat er dêrmei ôfset is nei grienere greiden. White hâldt dat foar ûnsin, want wêr soe Meeks oan sa'n lading heroïne kommen wêze? En hoe soed er dêr wer fanôf komme as er it ienris hie? Boppedat wit er dat Meeks Los Angeles nea ferlitten hat.

Neitiid giet White nei Lynn Bracken ta, him der ûnbewust fan dat er folge wurdt troch Vincennes, en giet mei har op bêd. Dat is foar Vincennes en Exley in oanwizing dat White oan kop en earen ta behelle is yn 'e callgirlservice fan Patchett, en dat er dus korrupt is. Se besykje fan Stompanato oan 'e weet te kommen wêr't hy en White it oer hân hawwe. Stompanato is op dat stuit yn it selskip fan in frou dy't Exley foar in prostituee hâldt dy't op filmstjer Lana Turner liket, mar nei't er har yn har gesicht "in hoer" neamd hat, blykt it ta syn ûntsteltenis (en Vincennes syn hilariteit) de echte Lana Turner te wêzen.* Exley giet dan nei Patchett ta om dy oer de saak te befreegjen, mar de rike sakeman wit himsels beskerme troch syn heechpleatste freonen en jout gjin krimp. Dêrop giet Exley by Lynn Bracken oan, dy't tsjin dy tiid tillefoanysk opdracht krigen hat fan Patchett om Exley te ferlieden. Exley befreget Lynn oer har relaasje mei White. Sy fertelt him iepenhertich dat er alhiel mis is. Har relaasje mei White hat neat mei har berop út te stean, mar berêst ynstee op wiere leafde. Exley lit him al te maklik ferliede en hat seksuele omgong mei Lynn, wylst Hudgens dêr troch it finster hinne foto's fan makket.
*) Johnny Stompanato (1925–1958) wie in echte gangster yn it Los Angeles fan 'e 1940-er en 1950-er jierren. Yn 1957 (dus net yn 1953, sa't de film wol) krige er in relaasje mei filmstjer Lana Turner (1921–1995), dy't útrûn op húslik geweld. Hy waard úteinlik deasketten troch Turner har doe 15-jierrige dochter Cheryl Crane, doe't er op in kear har mem wer tenei komme woe.

Underwilens kriget Vincennes foar it ferstân dat Fleur-de-lis de callgirlservice fan Patchett is. Hy begjint te fermoedzjen dat de Nite Owl-saak en de moard op Matt Reynolds mei-inoar te krijen hawwe. Nei't de patolooch-anatoom it lyk út 'e kelder fan frou Lefferts identifisearre hat as Meeks, dûkt Vincennes yn 'e argiven. Hy ûntdekt dat Meeks en Stensland oarspronklik plysjepartners wiene, en dat se yn 'e earste helte fan 'e 1940-er jierren in saak yn 'e dôfpot stoppe hawwe wêrby't Patchett en Sid Hudgens fan Hush-Hush foaroansteande sakelju sjantearren mei foto's fan harren bûtenhoulikse affêres. Dat, jûns let set Vincennes noch nei haadynspekteur Smith ta om by him neifraach te dwaan oer it duo. Smith freget Vincennes wat Exley derfan tocht doe't er him fertelde wat er ûntdutsen hie, en Vincennes makket de flater om ta te jaan dat er it der noch net mei Exley oer hân hat. Dêrop lûkt Smith in pistoal en sjit Vincennes del. Wylst Vincennes yn it stjerren leit, freget Smith him smeulsk oft er ek noch yndrukwekkende lêste wurden hat. Vincennes seit: "Rollo Tomasi," glimket en stjert.

Dêrmei pleatst er de korrupte Smith foar in dilemma: wa is dy Rollo Tomasi en wat hat dy mei de saak te krijen? En hoe kin er dêr efter komme sûnder priis te jaan dat er tefolle wit fan 'e dea fan Vincennes? Nei't er it lyk fan Vincennes yn in park dumpt hat, beart Smith de oare deis, nei't it lyk fûn is, dat er poerrazen is oer de moard op in dekorearre plysjeman as Vincennes, Hy fiteret syn ûnderhearrigen oan om der alles oan te dwaan en spoar de dieder op. Oan Exley freget er tusken noas en lippen troch oft dy wolris fan in Rollo Tomasi heard hat. Exley hat dy troch himsels optochte namme yn syn hiele libben mar oan ien persoan fertelt, en dat is Vincennes. Smith kin de namme dus inkeld fan Vincennes hawwe, wat betsjut dat Smith Vincennes noch sprutsen hawwe moat foar syn dea. Om't Smith dêr neat oer sein hat, wol er dat blykber geheim hâlde, en dêr soed er gjin reden foar hawwe as er net sels yn 'e moard fan Vincennes behelle wêze soe. Sa warskôget Vincennes by wize fan sprekken út it grêf wei Exley noch foar Smith. Foar de haadynspekteur oer beart Exley dat er nea fan Rollo Tomasi heard hat.

Smith belûkt White by in yllegaal ferhear fan Sid Hudgens oer Pierce Morehouse Patchett. Hy lit White wat antwurden út Hudgens slaan, oant Hudgens fertelt dat er mei eigen eagen sjoen hat hoe't Exley seksuele omgong hie mei Lynn Bracken. White wegeret dat te leauwen oant Hudgens de foto's produsearret dy't er derfan nommen hat. Alhiel breinroer set White hookstrooks ôf. Hy wurdt neisjoen troch in gnyskjende Smith, dy't it hiele ferhear yn sêne set blykt te hawwen. It is syn bedoeling om Exley troch White fermoardzje te litten en Hudgens is syn gewillige meistanner. Mar wat Hudgens net foar it ferstân hie, is dat Smith losse eintsjes oan it ôfbinen is, en Hudgens sels is dêr ien fan. Smith smoart de boeide Hudgens troch him de mûle en de noas ticht te knipen oant er it bestjert.

White hastiget him earst nei Lynn Bracken ta, om't er suver nòch net leauwe kin wat de foto's him toand hawwe. Mar Lynn befêstiget dat se yn opdracht fan Patchett mei Exley sliept hat. White ferliest syn selsbehearsking en jout har twa klappen yn it gesicht, oant er beseft dat er no krekt as syn heit is en ferfold fan selshaat by har wei flechtet. Hy bejout him nei it plysjeburo, dêr't Exley ûnderwilens yn 'e argyfstikken útsocht hat dat Stensland en Meeks oarspronklik partners wiene en dat se jierrenlang ûnder nau tafersjoch fan Smith wurken. As White arrivearret, begjint er Exley in wan bruien te jaan dat pas ophâldt as Exley in pistoal lûkt en driget him del te sjitten. Dan pas kringe de wurden fan Exley by White troch, dat se allebeide manipulearre wurde troch haadynspekteur Smith. De beide mannen beslute ta in gearwurking dy't yn 't earstoan neat te noflik is, mar geandewei hieltyd glêder ferrint.

Se lizze de útkomsten fan beide ûndersiken njonkeninoar en alles wiist nei Smith. Se riddenearje út dat Stensland en Meeks de mysterieuze moardners wiene dy't yn opdracht fan Smith de trewanten fan Mickey Cohen oant it útmoardzjen west hawwe. By ien fan 'e moarden makke se de 11 kg heroïne bút, dêr't se neitiid spul oer krigen. Stensland lokke Meeks mei nei de kelder ûnder it hûs fan frou Lefferts en makke him dêr dea, sadat hy alle heroïne krige. Neitiid organisearre Smith it bloedbad yn The Nite Owl om Stensland út te skeakeljen en de heroïne te bemachtigjen, wylst er in trijetal swarte kriminelen de skuld foar de moardnerij op 'e lea skode troch Breuning en Carlisle de jachtgewearen dy't brûkt wiene by it bloedbad yn 'e auto fan Sugar Ray Collins lizze te litten. Exley en White geane nei ofsier fan justysje Loew, dy't earst mient dat er harren ôfpoeierje kin om't er himsels ûnoantaastber waant. Mar de beide mannen binne no troch alles hinne en ree om harren karriêres wei te smiten as se dêrmei Smith ûnder fuotten helje kinne. Nei't White Loew in skoftke ûnderstboppest út it finster fan syn kantoar op 'e fyfde ferdjipping hongen hat, wol er wol omlyk. Hy leit út dat Smith en Patchett it misdie-ympearium fan Mickey Cohen oan it oernimmen binne. De foto's dy't Hudgens fan Loew mei Matt Reynolds makke hat, wurde troch Smith brûkt om Loew syn meiwurking ôf te twingen.

White en Exley geane by Patchett del, mar treffe him dea oan. It liket in selsmoard te wêzen, mar se fine al rillegau oanwizings dat it giet om in 'selsmoard' dy't yn sêne set is. Se beseffe dat Lynn ek yn gefaar is en litte har dêrom arrestearje troch de sheriff fan West Hollywood, dy't oan it haad fan in eigen plysjekorps stiet dat gjin direkte bannen mei it LAPD hat. Op fersyk fan Exley wurdt Lynn ûnder in skûlnamme ynskreaun as arrestante, sadat se praktysk ûnfynber wurdt foar Smith. White doar Lynn net wer ûnder eagen te kommen nei't er har slein hat, dat hy stjoert Exley om har te freegjen oft se ek wat wit dat harren by it ûndersyk nei Smith helpe kin, mar dat is net sa. Underwilens giet White nei de redaksje fan Hush-Hush, dêr't tsjin dy tiid it stoflik omskot fan Hudgens oantroffen is. De sjoernalist liket omkommen te wêzen by in brute moard, nei't oannommen wurdt troch immen dy't er mei in publikaasje yn syn skandaalblêd tsjin him yn it harnas jage hat. White wit wol better, mar wurdt fuortroppen as er fan 'e plysjesintrale in berjocht foar him komt: Exley hat frege oft White him by it ôfhandige, fertutearze Victory Motel moetsje kin.

As White dêr arrivearret, stiet Exley him al op te wachtsjen. It docht bliken dat Exley itselde fersyk trochdien is, mar dan ôfkomstich fan White. De beide mannen beseffe dat se yn in mûklaach lokke binne en ferskânzje har yn ien fan 'e motelkeamers. De keamer wurdt besingele en dêrnei bestoarme troch in hiel espel korrupte plysjes en âld-plysjes. Der folget in lange sjitpartij, wêrby't White en Exley al Smith syn mannen deadzje. Mar dêrby rekket Exley ferwûne, wylst White delsketten wurdt as er in kûgel foar Exley opfangt. Uteinlings komt Smith sels opdaagjen. Hy en Exley hâlde inoar ûnder skot en der ûntstiet in ympasse. Mei de neieroankommende sirenes fan 'e echte plysje al hearber biedt Smith oan om harren kollega's te mislieden oer de wiere gong fan saken en Exley in nije promoasje te besoargjen. Exley syn swijen hâldt er foar ynstimming. Hy freget Exley wa't dy Rollo Tomasi no eins is, en Exley antwurdet dat Smith dat sels is: de krimineel dy't oan syn rjochtlike straf ûntkomt. Smith rint by him wei, de koplampen fan 'e plysje-auto's yn 'e mjitte, mar Exley eksekutearret him troch him yn 'e rêch te sjitten om foar iens en foar altyd mei Rollo Tomasi ôf te weven.

Neitiid wurdt Exley yn 't ferhear nommen yn oanwêzigens fan 'e haadkommissaris fan it LAPD en ofsier fan justysje Loew. Hy wynt der gjin doekjes om mar fertelt harren persiis wat der bard is. Loew en de haadkommissaris beseffe dat it in ramp foar it LAPD wêze soe as dit allegearre bekend wurde soe. Se beslute dat de boel yn 'e dôfpot moat en gau ek. Der wurdt in plausibele ferklearring betocht foar de sjitpartij by it Victory Motel, en Exley en de "by de útoefening fan syn funksje" omkommen Smith wurde as helden op it skyld hyst. Exley kin dy postume ear foar Smith neat skele; hy wit dat de haadynspekteur syn rjochtlike straf krigen hat. Sels kriget er op 'e nij in ûnderskieding. Nei't dy medalje him op it stedhûs fan Los Angeles útrikt is, sjocht Exley efteroan yn 'e seal Lynn Bracken stean. Hy giet nei har ta en beselskippet har nei bûten, dêr't in ferwûne, mar opbetterjende White yn 'e auto op Lynn wachtet. Exley nimt ôfskie fan Lynn en fan White, dy't no syn freon wurden is, foar't it pear ôfset nei Arizona.

Guy Pearce yn 2016.
Russell Crowe yn 1999.
Kevin Spacey yn 1997.
Kim Basinger.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise           
ynspekteur-resjersjeur Ed Exley Guy Pearce
resjersjeur Bud White Russell Crowe
brigadier-resjersjeur Jack Vincennes Kevin Spacey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
haadynspekteur Dudley Smith James Cromwell
Lynn Bracken Kim Basinger
Sid Hudgens Danny DeVito
Pierce Morehouse Patchett David Strathairn
ofsier fan justysje Ellis Loew Ron Rifkin
brigadier-resjersjeur Dick Stensland Graham Beckel
Susan Lefferts Amber Smith
haadkommissaris fan it LAPD John Mahon
Leland "Buzz" Meeks Darrell Sandeen
Matt Reynolds Simon Baker
frou Lefferts Gwenda Deacon
Sugar Ray Collins Jeremiah Birkett
Ty Jones Karr Washington
Louis Fontaine Salim Grant
Inez Soto Marisol Padilla Sánchez
brigadier-resjersjeur Michael Breuning Tomas Arana
brigadier-resjersjeur William Carlisle Michael McCleery
Johnny Stompanato Paolo Seganti
Brett Chase Matt McCoy
Roland Navarette Steven Lambert
Mickey Cohen Paul Guilfoyle
Tammy Jordan Shawnee Free Jones
gemeenteriedslid Jim Metzler
patolooch-anatoom Michael Chieffo
bokser op weranda Robert Barry Fleming
Lana Turner Branda Bakke

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

L.A. Confidential is basearre op 'e misdieroman mei deselde namme fan skriuwer James Ellroy út 1990. Dat is eins it trêde boek fan syn L.A. Quartet-rige. Regisseur Curtis Hanson wie in fan fan it wurk fan Ellroy, mar pas doe't er L.A. Confidential lies, fielde er oanstriid om ien fan Ellroy's boeken te ferfilmjen. Hy fertelde letter yn in fraachpetear dat er him net sasear oanlutsen fielde ta de plot, mar ynstee ta de yntrigearjende personaazjes. Boppedat bea it ferfilmjen fan 'e roman him in kâns om, sa't er it sels sei: "in film spylje te litten op in stuit dat de hiele dream fan Los Angeles, fan dat skynber goudene tiidrek fan 'e 1920-er en 1930-er jierren, troch bulldozers mei de grûn lyk makke waard."

Regisseur Curtis Hanson.

Senarioskriuwer Brian Helgeland wie ek in fan fan Ellroy. Hy stie begjin 1990-er jierren by filmstudio Warner Bros. ûnder kontrakt om oan in Wytsingfilm te wurkjen en letter oan in hjoeddeistich Kening Arthur-ferhaal; beide projekten rûnen úteinlik op 'e non. Doe't er der lucht fan krige dat Warner Bros. de filmrjochten op L.A. Confidential oankocht hie, lobbyde er om it senario foar de ferfilming skriuwe te meien, mar de studio woe in bekende senarist hawwe, dat hy koe gjin moeting mei de produsinten besette. Doe hearde er dat Hanson de film regissearje soe en naam er streekrjocht kontakt op mei him.

De beide mannen metten wylst Hanson behelle wie yn 'e opnamen foar de skriller The River Wild (1994). Se ûntdieken dat se net inkeld allebeide fans fan 'e boeken fan Ellroy wiene, mar dat se ek deselde ideeën hiene oer hoe't it ferhaal fan L.A. Confidential omset wurde moast yn in ferfilmber skript. Neffens Helgeland moast dat barre troch "eltse sêne út it boek te skrassen dy't net ien fan 'e trije wichtichste plysjes as haadpersoan hie, en dan út 'e oerbliuwende sênes wei de ûntstiene gatten yn 'e plot te tichtsjen." Hanson fûn dat de roman yn syn oarspronklike foarm te yngewikkeld wie om werom te bringen ta in film fan in pear oeren. Hy sei dat er "woe dat de sjoggers útdage wurde soene, mar tagelyk woe ik net dat se deryn omkomme soene." Tegearre wurken Hanson en Helgeland twa jier oan it senario. Hanson sloech yn dy snuorje ferskate banen ôf, wylst Helgeland fergees sân ferzjes fan it skript skreau.

Hanson en Helgeland wisten ek de seine fan James Ellroy sels foar harren senario te krijen. Dyselde hie earder Hanson syn films The Bedroom Window (1987) en Bad Influence (1990) sjoen, en fûn him "in feardich en ynteressant ferhaleferteller". Mar hy leaude net dat L.A. Confidential ferfilme wurde koe oant er sels mei Hanson prate. Letter seid er: "[Hanson en Helgeland] beholden de basale yntegriteit fan it boek en fan it haadtema. [Se] namen in fiksjewurk dat acht ferhaallinen hie, brochten dy werom nei trije, en hanthavenen de dramatyske krêft fan trije mannen dy't yn it reine komme mei har lot."

It Formosa Café yn West Hollywood wie ien fan 'e filmlokaasjes foar L.A. Confidential.

L.A. Confidential waard regissearre troch Curtis Hanson nei in senario fan himsels en Brian Helgeland. As produsinten wiene Hanson, Amon Milchan en Michael Nathanson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., Regency Enterprises enThe Wolper Organization. Foar de film wie in budget beskikber fan $35 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dante Spinotti, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith.

Mids 1990-er jierren wiene de Australyske akteurs Russell Crowe en Guy Pearce yn Noard-Amearika noch frijwol ûnbekend. Mar regisseur Curtis Hanson beskôge harren as perfekt foar de rollen fan Bud White, resp. Ed Exley. De produsinten stipen de beslissing fan Hanson, mar guon fan harren, ûnder wa Amon Milchan, sieten wol yn noed oer it gebrek oan renommearre akteurs yn 'e haadrollen. De stipe fan 'e produsinten joech Hanson it selsfertrouwen dêr't er ferlet fan hie om foar de trêde haadrol, fan Jack Vincennes, akteur Kevin Spacey te freegjen, en foar de byrollen fan Lynn Bracken en Sid Hudgens de filmstjerren Kim Basinger, resp. Danny DeVito.

De opnamen foar L.A. Confidential setten op 6 maaie 1996 útein en duorren oant en mei 22 augustus fan dat jier. Regisseur Curtis Hanson woe net dat de film in oefening yn nostalgy waard, dat hy joech kameraregisseur Dante Spinotti opdracht om te filmjen as betrof it in gewoane hjoeddeistige film. Ek brûkte er in natuerliker beljochting as yn 'e klassike film noir. Curtis hiet Spinotti en produksje-ûntwerpster Jeannine Oppewall om in protte oandacht te besteegjen oan details út 'e iere 1950-er jierren, mar dy dêrnei "allegearre op 'e eftergrûn te hâlden".

De Crossroads of the World yn Los Angeles wie ien fan 'e filmlokaasjes foar L.A. Confidential.

Foar de opnamen waarden ferskate bekende histoaryske plakken út it Los Angeles en omkriten fan 'e iere 1950-er jierren brûkt. Sa giet it Formosa Cafe yn West Hollywood yn 'e film troch foar The Nite Owl, wylst de Crossroads of the World, in winkelsintrum yn 'e iepen loft, brûkt waard as de lokaasje fan in bioskoop dêr't oan it begjin fan 'e film de premiêre fan When Worlds Collide (1951) plakfynt. De Frolic Room oan Hollywood Boulevard komt yn 'e film ûnder syn eigen namme foar as it plak dêr't White, en letter Exley en Vincennes, gangster Johnny Stompanato (en syn minneresse Lana Turner) moetsje.

De wente fan sakeman Pierce Morehouse Patchett yn 'e film is eins it Lovell House, in ferneamde filla yn 'e International Style, ûntwurpen troch arsjitekt Richard Neutra. It hûs fan Lynn Bracken stiet oan 501 Wilcox Avenue yn 'e begoedige buert Hancock Park, mei útsicht oer de Wilshire Country Club. It hûs moast foar $75.000 renovearre wurde om der it oansjen fan 'e Spanish Colonial Revival-arsjitektuer oan te jaan dat yn it senario beskreaun wie.

Foar de sênes wêryn't de plysje in klopjacht hâldt op 'e swarte fertochten fan it bloedbad yn The Nite Owl waarden histoaryske buerten yn it stedsdiel Sintraal Los Angeles as setting brûkt, wêrûnder Angelino Heights, Lincoln Heights en Koreatown. It Victory Motel, dêr't de klimaktyske sjitpartij oan 'e ein fan 'e film plakfynt, wie ien fan 'e mar in pear spesjaal foar de opnamen boude filmsets. Dy waard oanlein op in sljocht stik fan it Oaljefjild fan Inglewood yn Culver City.

It Lovell House gie yn L.A. Confidential troch foar de filla fan Pierce Morehouse Patchett.

De distribúsje fan L.A. Confidential waard fersoarge troch Warner Bros. De studiobazen dêre woene de film net ynstjoere foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, om't dêr foaroardielen hearskje soene tsjin produksjes fan grutte studio's. Mar regisseur Curtis Hanson woe dat de earste fertoaning fan syn film op in ferneamd ynternasjonaal filmfestival wêze soe. Dat hy en de oare produsinten fan 'e film giene efter de rêch fan 'e studio om en stjoerden sels in print fan L.A. Confidential nei de seleksjekommisje foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Dy fûn it in geweldige film en sa gie L.A. Confidential op 14 maaie 1997 dochs yn Cannes yn premiêre. De film gie iepene dêrnei op 19 septimber yn 'e Amerikaanske bioskopen.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 25 novimber 1997 by platemaatskippij Varèse Sarabande. L.A. Confidential waard op 14 april 1998 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd, en kaam op 23 septimber 2008 út op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige L.A. Confidential oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy omskreau L.A. Confidential as "ferliedlik en moai, synysk en ferwrongen, en ien fan 'e bêste films fan it jier." Yn The New York Times priizge Janet Maslin it aktearjen fan Kevin Spacey, Russell Crowe en Guy Pearce. Dy lêste beide omskreau hja as "iepenbierings". Desson Howe fan The Washington Post hie ek in protte lof foar de cast. Njonken de trije haadrolspilers neamde hy ek Kim Basinger.

It hûs op 501 North Wilcox Avenue yn Los Angeles dat yn L.A. Confidential brûkt waard as de wente fan Lynn Bracken.

Yn syn resinsje yn 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail skreau Liam Lacey: "De grutte stjer [fan 'e film] is Los Angeles sels." Hy ferliek "de atmosfear en it detaillearre produksje-ûntwerp" fan L.A. Confidential mei de ôfskildering fan it Los Angeles út 'e 1930-er jierren troch Roman Polański yn Chinatown (1974). Ek Richard Schickel fan it tydskrift Time hie loovjende wurden foar L.A. Confidential: "It is in film fan skaden en twiljochten, it bêste benei kommen fan 'e âlde swart-wyt film noir dat lykfolwa oant no ta slagge is op kleurefilm. Mar it is net samar in oefening yn styl. Hoe't de film der útsjocht, suggerearret hoe djip oft de tradysje fan korrupsje by de plysje trochgiet."

Yn 'e Los Angeles Times skreau Kenneth Turan: "It iennichste elemint oan L.A. Confidential dat mooglik publyk ôfstjitte kin, is dat de film stipet op ûntrêstgjende útbarstings fan geweld, sawol bloedige sjitpartijen as yntinse fysike mishannelings, dy't de film in suver taastbere sfear fan driging jouwe. Mar dat aspekt wurdt yn it skaad steld troch de folsleine behearsking troch de film fan syn ûnderwerp." Richard Williams skreau yn syn resinsje yn 'e Britske krante The Guardian: "L.A. Confidential docht frijwol alles goed. De beljochting, de arsjitektuer, de sprektaal, de filmmuzyk […], in hearlike grap oer Lana Turner. In gefoel, foaral, fan skansearre minsken dy't [yn Los Angeles] oankomme om nije libbens te begjinnen en dy't ferlaat wurde troch de rook fan nachtbloeiende jasmyn, it rûkersguod fan korrupsje."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat L.A. Confidential in hast net te ferbetterjen goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 163 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In strak tempo, in briljant oan boppen ta foltroppe skript en Oscar-wurdich aktearjen produsearje mei-inoar in fernimstige, fermaaklike en spannende film." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet L.A. Confidential in goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 28 resinsjes.

Yn 'e histoaryske buert Angelino Heights waarden dielen fan 'e klopjacht op 'e fertochten fan it Nite Owl-bloedbad filme.

Yn 2015 waard L.A. Confidential troch de Library of Congress útornearre om foar preservearring foar de ivichheid opnommen te wurden yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

L.A. Confidential brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $64,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $61,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $126,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen betsjut dat in winst fan $91,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 1998 waard L.A. Confidential by de Oscars nominearre foar prizen yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste artdirection en bêste lûd. De film wûn 2 Oscars, foar bêste byrol fan in aktrise (Kim Basinger) en foar bêste adaptearre senario (Brian Helgeland en Curtis Hanson). By de Golden Globes waard L.A. Confidential nominearre yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste film (drama), bêste regisseur, bêste senario en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise (Kim Basinger). By de Screen Actors Guild Awards waard de film nominearre foar 2 prizen, wêrûnder bêste cast. Kim Basinger wûn de SAG Award foar bêste froulike byrol.

It Oaljefjild fan Inglewood yn Culver City, de lokaasje fan 'e filmset foar it Victory Motel, dêr't yn 'e film de klimaktyske sjitpartij plakfynt.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard L.A. Confidential nominearre yn 12 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste rezjy, bêste akteur (Kevin Spacey), bêste byrol fan in aktrise (Kim Basinger), bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp en bêste fisazjy. De film wûn de BAFTA's foar bêste filmmontaazje (Peter Honess) en bêste lûd. L.A. Confidential waard yn 1998 nominearre (en wûn) ien Saturn Award, yn 'e kategory bêste aksje-/aventoere-/skrillerfilm. (Yn 2009 waard de film nominearre foar de Saturn Award foar bêste dvd-release.) By de Satellite Awards waard L.A. Confidential nominearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film (drama), bêste regisseur, bêste akteur (Russell Crowe), bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste filmmontaazje en bêste artdirection. De film wûn de Satellite Award foar bêste adaptearre senario.

Fierders waard L.A. Confidential op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes nominearre foar de Gouden Palm en wûn it de Metro Media Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. De film wûn ek de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario, de Edgar Award foar bêste film, de Empire Award foar bêste akteur (Kevin Spacey) en de Priis fan 'e Japanske Akademy foar bêste film yn in bûtenlânske taal. Teffens waard L.A. Confidential nominearre foar en wûn it de Critics' Choice Awards foar bêste film en bêste adaptearre senario.

Mooglike ferfolchfilm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 2020 befêstige senarioskriuwer Brian Helgeland dat der in ferfolch op L.A. Confidential yn ûntwikkeling wie. De film soe yn 1974 spylje, en Russell Crowe en Guy Pearce soene weromkeare yn 'e rollen fan Bud White en Ed Exley. In trêde haadrol, fan 'e jonge swarte plysjeman James Muncie, wie tatocht oan Chadwick Boseman, foar't dyselde yn augustus fan dat jier kaam te ferstjerren oan termkanker. Yn 2023 waard bekend dat de foarstelde ferfolchfilm gjin belangstelling wekje kinnen hie by streamingtsjinst anneks filmstudio Netflix.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.