Lúkse

Lúkse is it gehiel fan produkten en tsjinsten dat inkeld betelber is foar de riken of de superriken. It binne oer it algemien net saken dy't yn 'e earste libbensbehoeften foarsjogge, mar wol dingen dêr't in konsumint in beskaat nut fan hawwe kin. It ferskil mei goedkeapere alternativen sit him yn 'e hege standert fan 'e tsjinsten en de hegere kwaliteit, djoerdere materialen en kostberder fabrikaazjewize (faak hânmjittich fakmanskip) fan 'e produkten. By in oerdie oan lúkse, sprekt men fan dekadinsje, in begryp dat tige negative konnotaasjes hat.
Yn 'e ekonomy is lúkseguod of sekundêr guod spul dat as tsjinstelde foar needsaaklik of primêr guod oer pleatst wurdt. Primêr guod is in sammelnamme foar alle produkten dêr't ek fraach nei is as der gjin ynkommen is, d.w.s. dêr't men net sûnder kin. By in stiging fan it ynkommen sil der by needsaaklik guod in minder as evenredige stiging fan 'e fraach nei dat guod ûntstean. Guod wêrfan't de fraach omleech giet by in stiging fan it ynkommen is ynferieur guod. As it ynkommen mar genôch stiget, sil úteinlings frijwol alle guod ferfongen wurde troch in djoerder alternatyf dat yn 'e eagen fan 'e oangeande konsumint mear winske is. Op it stuit fan ferfanging wurdt it ferfongen guod ynferieur guod, ek as it by in leger ynkommen noch lúkseguod wie.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
