Bûtenpleats Balkenschoten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lângoed Balkenschoten)
Oprydleane Lângoed Balkenschoten

Bûtenpleats Balkenschoten leit oan de Barneveldsewei súd fan Nijkerk yn de provinsje Gelderlân. It bûten bestiet út 36 hektare greide, bosk en ruterpaden. Neist it brûken fan de fasiliteiten is der ek de gelegenheid om te wenjen. Der steane meardere wenbuorkerijen en apparteminten.

It kaam yn 1924 yn besit fan Baron van Tuyl van Serooskerken. Dy hat it lânhûs sette litten en de oprydleane mei beammen oanlizze litten. Neidat de Baron de bûtenpleats en de lannen ferpachtte kaam der in molkfeebedriuw op. Ein santiger jierren binne der meardere hynstestâlen en fasiliteiten boud en waard it oant 1989 stâlen mei folbloed Arabieren ûnder de namme Internationaal Paardensport Centrum Landgoed Balkenschoten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: