Springe nei ynhâld

Lânbouried

Ut Wikipedy

In lânbouried is de titel fan in hege Nederlânske fak-attasjee út 'e diplomasy. Sa'n funksjonaris wurdt beneamd troch it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Foarhinne wiene lânbourieden ferbûn oan it (no ophefte) Ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij. Yn Ingelsktalige lannen wurdt in lânbouried in agricultural counselor neamd. Dizze funksjonaris stiet op itselde nivo as in ambassaderied, en ferrjochtet syn wurksumheden (sa't de oantsjutting al seit, oangeande de lânbou) op in ambassade, dêr't er yn formele sin ferantwurding skuldich is oan 'e ambassadeur. Lânbourieden binne ornaris yn ferskate lannen tagelyk akkreditearre en fertsjintwurdigje Nederlân foar harren fakgebiet yn dy lannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.