Springe nei ynhâld

Lân fan Cuijk (gemeente)

Ut Wikipedy
Lân fan Cuijk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
HaadplakBoxmeer
Oerflak351,87 km²[1]
    dêrfan lân341,26 km²
    dêrfan wetter10,61 km²
Ynwennertal91.741 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens269 ynw./km²
Ferkearsier(en) Spoar Nijmegen-Fenlo
Netnûmer(s)0485
Postkoade(s)5431, 5432
www.gemeentelandvancuijk.nl

Lân fan Cuijk is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente ûnstie op 1 jannewaris 2022 nei in fúzje fan 'e eardere gemeenten Boxmeer, Cuijk, Sint Anthonis, Mill en Sint Hubert en Grave.

De fúzjegemeente hat 91.741 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 351,87 km² en bestiet út 33 plakken. Dêrfan is Cuijk noch foar Boxmeer en Grave it grutste plak. Neffens oerflak is it Lân fan Cuijk de grutste gemeente fan 'e provinsje.

Benammen de eardere gemeenten Grave, Cuijk en Boxmeer binne bot op Nijmegen oriïntearre. Yn 'e oare eardere gemeenten is de oriïntaajse mear nei it westen ta, Uden en Eindhoven. De meast súdlike doarpen binne ek op Venray oriïntearre. De hiele gemeente is lykwols Brabânsk en der wurdt in Kleverlânsk dialekt praat: it saneamde Lân fan Cuijksk.

Ynearsten koene de bewenners fan 'e gemeente noch foar saken telâne yn 'e gemeentehûzen fan Boxmeer en Cuijk. Sûnt 2024 wie dat allinne noch yn it gemeentehûs fan Cuijk en sûnt de maaitiid fan 2025 yn it nije gemeentehûs yn Boxmeer.

De namme Lân fan Cuijk ferwiist nei de eardere hearlikheid mei deselde namme. Dy hearlikheid lei tusken de Maas en de Peel. It Lân fan Cuijk bestie út twa gebieten, mei dêrtusken de hearlikheid fan Boxmeer.

It Lân fan Cuijk leit yn 'e Slenk fan Venlo eastlik fan 'e Peel, dêr't ek de Maas trochrint. Fan west nei east is der in leechlizzend sompegebiet (in eardere Maasdelling, dêr't no de Lage Raam troch streamt) en in lange rêch fan dekssân dy't yn 'e hjoeddeiske Maasdelling oergiet.

Der is in soad greidelân oan 'e Maas, iuwenlang omfieme troch hagen fan 'e hagedoarn dy't yn maaie bloeie. Dy hagen foarmje it âldste kultuerlânskip fan Nederlân en binne in biosfeargebiet fan UNESCO fanwegen har unike karakter.[2] Njonken dy Maashagen hat it gebiet ek in soad heide, dobben en bosk.

It lân fan Cuijk wie foarhinne in earme krite. De pleatsen en doarpen waarden op sânrêgen boud, dy't eilannen foarmen tusken it heidelân, dêr't it fee hoede waard, en heechfeansompen, dêr't turf wûn waard. Dat wie mienskiplike grûn, dy't net ta persoanen mar ûnder doarpsmienskippen foelen. De Maas oerstreamde hast alle winters en befrear ek faak. Tusken Cuijk en Grave waard de dyk by heechwetter trochbrutsen, sadat in ekstra tûke fan 'e Maas ûntstie, de Beersche Overlaat, dy't by De Bosk wer yn 'e haadstream útmûne. Dat gebiet hearde lykwols benammen ta it distrikt Maasland fan 'e Meierij fan de Bosk.

Sûnt 1850 waard útein set mei it oanmeitsjen fan 'e mienskiplike grûn, dy't yn greide en bosk feroare. Der waarden ûntwetteringskanalen groeven, ferhurde diken oanlein en nije doarpen stift, wêrfan de lêste Landhorst wie. De ynfrastruktuer is de lêste iuw bot ferbettere, lykas mei de oanlis fan 'e A73 en A77. Ferbetteringen yn 'e lânbou mei help fan keunstdong en yntinsivere foarmen fan feehâlderij brochten wolfeart yn it gebiet yn 'e 20e iuw.

Yn 'e gemeente lizze de folgjende plakken:

Yn 'e gemeente lizze trije treinstasjons oan it spoar Nijmegen-Fenlo: Cuijk, Boxmeer en Vierlingsbeek.

  • It Museum Ceuclum (Cuijk) behannelet mei archeologyske fynsten it tema fan 'e Romeinske en lokale skiednis. De namme "Ceuclum" is de Romeinske namme foar Cuijk.
  • By Overloon is it Oorlogsmuseum Overloon, it is it grutste kriichsmuseum fan West-Europa mei tanks, fleantugen en oare saken út de Twadde Wrâldkriich.
  • It Nationaal Veeteeltmuseum yn Beers ferhellet oer de ûntwikkeling fan 'e feehâlderij.
  • It Stedsmuseum Grave yn fêstingsgebouwen fan Grave hat û.o. de militêre skiednis as tema.
  • It Museum voor Nostalgie en Techniek stiet yn Langenboom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje