Kûzma Petrov-Vodkin

Ut Wikipedy
Selsportret

Kûzma Sergejevitsj Petrov-Vodkin (Chvalynsk no Oblast Saratov', 24 oktober/1844, 5 novimber - 15 febrewaris 1939), wie in ferneamde Russyske keunstskilder en skriuwer. Fan syn 15e ôf wie Kûzma Petrov-Vodkin yn it earstoan in learling fan F.E. Boerov en dêrnei fan Valentin Serov. Hy krige syn oplieding yn de keunsten yn Sint-Petersburch, Moskou en München.

Petrov-Vodkin syn styl waard beynfloede troch it West-Jeropeeske symbolisme en fauvisme, mar ek troch de kleurige ikoanen fan de stêd Novgorod. De felle kleurtsjinstellings, ienfâldige komposysje en grutte kleurflakken (faak skel read en blau) falle op. Syn wurk waard troch tiidgenoaten noch alris as blasfemysk en eroatysk feroardiele.

In soad fan syn wurk is te sjen yn it Russysk Museum yn Sint-Petersburch.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kuzma Petrov-Vodkin fan Wikimedia Commons.