Springe nei ynhâld

Kylsturtwilster

Ut Wikipedy
kylsturtwilster

rop
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaibûnte wilsters (Charadrius)
soarte
Charadrius vociferus
Ord, 1824
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     wintergast


De kylsturtwylster (Charadrius vociferus) is in waadfûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

De kylsturtwylster is in relatyf grutte wilster fan 23,5 oant 26 sm lang. De nekke is lang en hy hat in swarte snaffel en in lange sturt. Yn 'e flecht is syn readbrune stút goed te stjen. De fûgel hat brede wite wjukbannen en in dûbele swarte boarstbân. Jonge fûgels ha mar ien boarstbân.

Pyk
Folwoeksen fûgel
Fleanende fûgel

Kylsturtwylsters komme foar fan Alaska en Sintraal-Kanada oant Perû. De fûgel wurdt yn trije ûndersoarten ferdield.

  • C. v. vociferus: Kanada, Feriene Steaten en Meksiko.
  • C. v. ternominatus: de Bahama's en de Grutte Antillen (lytser boud as de C. v. vociferus, grizer en fealer fearrekleed).
  • C. v. peruvianus: fan westlik Ekwador oant noardwestlik Sily (lytser en mear readbrún op 'e stút as de C. v. vociferus)

De soarte is in seldsume swalker yn West-Europa en is mar ienris yn Nederlân waarnommen. Yn 2005 wie in kylsturtwilster ferskate dagen te sjen yn 'e Rottige Meente op 'e grins fan Fryslân en Oerisel.

In rûzing fan 2023 giet út fan 2,3 miljoen folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne en dat de populaasje yn trije generaasjes mear as 20% ôfnommen is. De fûgel wurdt troch de IUCN as hast bedrige (Near Threatened) op 'e Reade list klassifisearre.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: