Kylsturtglee
| Kylsturtglee | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Haliastur sphenurus | ||||||||||||
| (Louis Pierre Vieillot, 1818) | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De kylsturtglee of fluitglee (Haliastur sphenurus) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Dizze soarte is nau besibbe oan 'e Brahmaanske glee (Haliastur indus).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It fearrekleed fan 'e kylsturtglee is kastanjebrún oant swartbrún fan kleur, mei in ljochtbrune kop, boarst en sturt. De kylsturtglee ûnderskiedt him fan 'e swarte glee (Milvus migrans) troch syn kylfoarmige sturt. De swarte glee hat in foarkefoarmige sturt.
Ofmjittingen en gewicht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lingte: 52 - 59 sm
- Spanwiidte: 122 - 152 sm
- Gewicht: Mantsjes: 600 - 750 gram / Wyfkes: 760 - 900 gram
Kylsturtgleeën sweve mei licht bûge wjukken en harren lange "fingers" (slachpinnen) faak wiid ferspraat. It opfallende patroan op 'e ûnderkant fan 'e wjukken is tige karakteristyk foar dizze soarte.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kylsturtglee libbet yn Austraalje, Nij-Kaledoanje en Nij-Guineä. Yn Austraalje komt de rôffûgel yn hast it hiele lân foar, útsein dielen fan woastyngebieten yn it midden. Op Nij-Guineä ûntbrekt de fûgel yn 'e berchgebieten en it noardwesten. It leefgebiet bestiet út iepen en ljochte bosken, oer it algemien yn 'e buert fan wetter.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gelûd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kylsturtglee is in lûdroftige soarte dy't regelmjittich yn 'e flecht ropt, as er earne delstrykt en sels as er op it nêst sit. De meast foarkommende rop is in dúdlik sakjend fluitsjen, faak folge troch in snelle rige fan stiigjende lûden.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kylsturtglee is sawol in iesiter as in aktive jager op lytse proaidieren, lykas grutte ynsekten, fisken, lytse reptilen, fûgels en sûchdieren. It is bekend dat er fan grutte wetterfûgels, lykas wylpreagerfûgels en reagers, harren proai ûntfytmannet.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst is in grut platfoarm fan tûken en beklaaid mei griene blêden. It wurdt boud yn in rjochtopsteande foarke fan in hege beam – faak in eukalyptus of dinnebeam by de igge fan wetter. Briedpearen brûke faak itselde nêst wer en foegje alle jierren nij materiaal oan, sadat it platfoarm frij grut wurde kin.
It wyfke leit yn 'e regel 2 oant 3 blau-wite aaien mei bytiden readbrune plakken (lechsels fan 1 oant 4 aaien binne ek bekend). De aaien wurde yn 35 oant 40 dagen útbret en oannommen wurdt dat de fûgel in briedsukses fan 60% hat. De piken, dy't bedutsen binne mei krêm- of gielbrúnkleurich dûns, bliuwe 44 oant 54 dagen yn it nêst foardat se útfleane. Nei it ferlitten fan it nêst binne se noch 6 oant 8 wiken ôfhinklik fan 'e âlden.
Yn Austraalje briede de fûgels oer it algemien tusken juny en oktober yn it suden, en tusken febrewaris en maaie yn it noarden. Faak falt de briedtiid gear mei de reintiid, as der mar genôch fretten te finen is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne oanwizings dat de soarte yn it suden fan Austraalje yn oantal ôfnimt. Dit is it gefolch fan it drûchlizzen fan sompige lânskippen en it ôfnimmen fan proaien dat dêrmei mank giet. Oer it generaal wurdt oannommen dat de populaasje stabyl is en de IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
