Springe nei ynhâld

Kylsturtearn

Ut Wikipedy
kylsturtearn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaiechte earnen (Aquila)
soarte
Aquila audax
Latham, 1801
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel

De kylsturtearn (Aquila audax) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Dizze earnesoarte komt foar yn Austraalje, dêr't it de grutste rôffûgel is.

De kylsturtearn is in tige grutte rôffûgel mei in spanwiidte fan 180 oant 250 sentimeter en in lichemslingte fan 85 oant 110 sm. It gewicht leit tusken de 3,2 en 5 kilogram. Lykas by oare earnesoarten binne de wyfkes grutter as de mantsjes. In folwoeksen kylsturtearn hat in brúnswart fearrekleed. Jonge fûgels hawwe in goudbrune kop, wjukken en rêch; as se seis oant tsien jier âld binne krije se it folwoeksen fearrekleed. De poaten binne oant de teannen ta befearre. De soarte tanket de namme oan 'e opfallende kylfoarmige sturt.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kylsturtearn is in bewenner fan 'e scrublands (strûkgebieten), beamsavannes en heuveleftige gebieten yn in grut part fan Austraalje (ynklusyf Tasmaanje) en de savannes en gerslannen fan 'e Trans Fly op Nij-Guineä. Yn Austraalje komt de soarte yn alle dielsteaten foar; hy is dêr relatyf algemien. Op Nij-Guineä libbet de kylsturtearn allinnich yn it suden en de fûgel is dêr minder algemien.

De soarte telt twa ûndersoarten:

  • A. a. audax: Austraalje en súdlik Nij-Guineä.
  • A. a. fleayi: Tasmaanje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kylsturtearn mei in ferkearsslachtoffer.

De kylsturtearn is foaral in iesfretter, mar hy jaget ek regelmjittich op libbene proaien. Reptilen, fûgels, hazzen en kninen binne de wichtichste proaidieren. Gruttere bisten, lykas kangoeroes of skiep, wurde mar selden pakt. De kylsturtearn earn speurt út 'e loft wei nei iten, meastentiids op in hichte fan likernôch 2000 meter, wêrby't er gebrûk makket fan termyk. As er in proai sjocht, wurdt dy nei in glydflecht op 'e grûn (of yn it gefal fan fûgels soms yn 'e loft) fongen. De kylsturtearn bout grutte nêsten fan tûken yn hege beammen.

De kylsturtearn hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en allinnich dêrom al is de kâns op útstjerren hiel lyts. De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net krekt kwantifisearre, mar der is gjin oanlieding om oan te nimmen dat de soarte yn oantallen efterútgiet. Dêrfandinne stiet dizze earn as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Tasmaanske ûndersoarte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tasmaanske kylsturtearn.

De Tasmaanske ûndersoarte (A. a. fleayi) is isolearre en folle kwetsberder as de populaasje op it Australyske fêstelân. Der wurdt rûsd dat der noch mar sa'n 1.000 folwoeksen fûgels fan oer binne, wêrtroch't dizze ûndersoarte kritysk bedrige wurdt. De grutste hjoeddeiske gefaren foar dizze earnen komme troch de minsklike ynfrastruktuer. Benammen botsings mei en elektrokúsje troch boppegrûnske heechspanningskabels en wynmûnen soargje foar in soad slachtoffers.

Om it útstjerren fan 'e Tasmaanske earn tsjin te gean, is der in gearwurking opset tusken it Tasmaanske elektrisiteitsbedriuw TasNetworks en ûndersikers fan 'e Universiteit fan Tasmaanje. Dat projekt hat in wittenskiplik model ûntwikkele dat it risiko op botsings yn kaart bringt. Troch it ynsetten fan heechfrekwinte GPS-telemetry (stjoerders op 'e fûgels) kinne de fleanrûtes sekuer folge wurde. Mei dy data wurde de gefaarlike plakken bekend, sadat it enerzjybedriuw doelbewust previntive maatregels nimme kin om de kabels en turbines feiliger te meitsjen foar de earnen.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: