Springe nei ynhâld

Kwarteldowen

Ut Wikipedy
Kwarteldowen
Geophaps scripta
Geophaps scripta
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dowen (Columbidae)
skaaikwarteldowen (Geophaps)
(G.R. Gray, 1842)
Soarten
Geophaps plumifera
Geophaps scripta
Geophaps smithii

Kwarteldowen (Geophaps) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae).

De dokes fan it skaai ha koarte nekken en poatsjes en in koarte snaffel. De trije soarten yn it skaai binne endemysk yn Austraalje en nau besibbe oan it skaai brûnswjukdowen (Phaps).

It skaai bestiet út trije soarten. Somtiden wurdt ek de Spitstoefdo yn it skaai set. Dêrfoaroer wurdt de Spinifeksdo somtiden yn it skaai spitstoefdowen (Ocyphaps) set.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeStatus * /
trend *
Bûnte kwarteldoGeophaps scriptanet bedrige
[1]
ReadeachdoGeophaps smithiinet bedrige
[2]
SpinifeksdoGeophaps plumiferanet bedrige
stabyl[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: