Springe nei ynhâld

Kustaa Pihlajamäki

Ut Wikipedy
Kustaa Pihlajamäki
sporter
Kustaa Pihlajamäki
Kustaa Pihlajamäki
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kustaa Kustaanpoika Pihlajamäki
nasjonaliteit Finsk
bertedatum 7 april 1902
berteplak Nurmo
stjerdatum 10 febrewaris 1944
stjerplak Helsinki
sportive ynformaasje
sport Wrakseljen
ûnderdiel Gryksk-Romeinsk,
Frije styl
O.S. Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1924, 1936
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 1928

Goud grut goud 9x EK 1930, 1931, 1933, 1934, 1935, 1937, 1938, 1939
Sulver grut sulver 2x EK 1931, 1937

Kustaa Kustaanpoika Pihlajamäki (Nurmo, 7 april 1902 - Helsinki, 10 febrewaris 1944) wie in Finsk wrakselder.

Hy die acht kear mei it Europeeske kampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn 1924 Olympysk kampioen by it frije styl wrakseljen yn de klasse oant 56 kg, yn 1928 wûn hy in sulveren medalje yn de klasse oant 61 kg en yn 1936 waard hy foar de twadde kear Olympysk kampioen no yn de klasse oant 61 kg. Hy waard njoggen kear Europeesk kampioen, (seis by Gryksk-Romeinsk en trije by frije styl).

Kustaa wie plysjeman en wurksum by de plysje fan Helsinki. Pihlajämaki kaam út in famylje fan grutte wrakselers. Syn bruorren, Arvi en Paavo, wûnen meardere Finske kampioenskippen en syn neef Hermanni wûn twa Olympyske medaljes, wêrûnder yn 1932 goud op de frije styl yn de klasse oant 61 kg.
Kustaa Pihlajamäki kaam yn de Twadde Wrâldkriich op 10 febrewaris 1944, yn 'e âldens fan 41 jier, om it libben by in bombardemint op Helsinki.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: