Kultuerlânskip

In kultuerlânskip of koartwei kultuerlân is in lânskip dat ûnder ynfloed fan 'e minske foarme is. It begryp waard yn 'e njoggentjinde iuw yntrodusearre troch Dútske geografen as Carl Ritter (1832), Joseph Wimmer (1885) en Friedrich Ratzel (1895). It hâldt it tsjinstelde yn fan in natoerlânskip, dat út (frijwol) ûnoantaaste wyldernis bestiet.
As geografysk begryp is de oantsjutting 'kultuerlânskip' sterk kleure troch de opfettings fan 'e njoggentjinde-iuwske Dútske folkekundige Wilhelm Heinrich Riehl, dy't de klam lei op 'e ienheid fan lân en minsken (Land und Leute). Ferlykbere opfettings holden de Amerikaan George Perkins Marsh en de Frânsman Paul Vidal de la Blache der op nei. De lêste brûkte foar it begryp 'kultuerlânskip' de term paysage. Carl Sauer, de grûnlizzer fan 'e kulturele geografy, yntrodusearre de oant doe ta fierhinne Jeropeeske kontekst fan 'e term yn 'e 1920-er jierren yn 'e Feriene Steaten. Syn syntetyske (troch de minske skepen) omskriuwing fan kultuerlânskippen stie foar de sekuer romtlike hantearring fan 'e term oer, sa't dy brûkt waard troch syn kollega Richard Hartshorne.
Yn Nederlân en oangrinzgjende dielen fan Noardwest-Jeropa heart frijwol eltse kante meter ta kultuerlânskip. De hjoeddeistige agraryske lânskippen binne almeast ûntwettere, ferkavele, ûntsletten en foarsjoen fan ynfrastruktuer. Kultuerlânskippen binne net inkeld yn gebrûk foar de lânbou, mar ek foar de bou fan stêden en doarpen en foar de yndustry, de mynbou en de boskbou. It hoecht net sa te wêzen dat der hielendal gjin natoer yn kultuerlânskippen is. Party âldere kultuerlânskippen binne krekt ryk oan bioferskaat, nei't men oannimme mei troch de beheinde en net feroarjende mjitte fan minsklik yngripen. Troch it ferlies fan har ekonomyske funksje hawwe guon fan dy âldere kultuerlânskippen lange tiid bedrige west, sa't bygelyks mei de heide yn Nederlân it gefal wie.
Natoer yn 'e sin fan echte, noch net troch de minske oantaaste oerwyldernis is yn Noardwest-Jeropa eins nearne mear te finen. Feitliks kin sels steld wurde dat de ûntjouwing fan nije natoer in kultuerferskynsel fertsjintwurdiget, en dat de 'natoergebieten' dy't yn it ramt dêrfan oprjochte wurde, winliken ek kultuerlânskippen binne. Se binne ommers alhiel troch de minske ynrjochte (as natoer), en soene net bestean sûnder minsklik tinken en hanneljen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |