Springe nei ynhâld

Kubaanske fluitein

Ut Wikipedy
Kubaanske fluitein
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaifluiteinen (Dendrocygna)
soarte
Dendrocygna arborea
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De Kubaanske fluitein (Dendrocygna arborea) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).

Kop fan Kubaanske fluitein.

De Kubaanske fluitein is de grutste en donkerste fluitein yn it skaai mei in linge fan 48 oant 58 sm. Wyfkes wege tusken 800 en 1.320 gram en jerken fan 760 oant 1.240 gram. Dêrmei hat de Kubaanske fluitein it formaat fan in wylde ein. De soarte hat in lange swarte snaffel, in lange hals en lange poaten. It gesicht is ljochtbrún en it each donkerbrún. De hals is ljocht. De krún, rêch, it boarst en de wjukking binne donkerbrún oant swart en de rest fan 'e ûnderkant bûnt swart-wyt.

Sijkes en jerken ha itselde fearrekleed, juvenilen binne doffer en ha in minder kontrastearjend patroan op 'e búk.

Kubaanske fluiteinen komme foar yn West-Ynje. Der is in grutte briedpopulaasje op 'e Bahama's, in lytser oantal yn Kuba, de Kaaimaneilannen, Antigûa en Barbûda, Jamaika, Porto Riko en Hispanjoala. De fûgel is in stânfûgel, mar kin lokaal wol mear as 100 km trekke.

Se bouwe harren nêsten yn beamholtes, op takken en tusken ticht strewelleguod. Meast bestiet in lechsel út 10 oant 16 aaien. De fûgels mei graach yn beammen sitte en dêr't syn wittenskiplike namme nei ferwiist.

De fûgels binne meast nachts aktyf en libje yn sompen en mangroves. De ein yt plantaardich fiedsel, wêrûnder fruchten fan 'e Roystonea.

De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as gefoelich. De wrâldpopulaasje wurdt op 6.000 oant 15.000 fûgels rûsd.

De fûgel wurdt yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet beskerme, mar de wet wurdt net goed hanthavene. De einen ha op Antigûa en Barbûda lêst fan 'e Yndyske mangoeste, dy't yntrodusearre is om de reidrotten (Thryonomyidae) út te roegjen. Dat hie lykwols gjin sukses om 't de reidrotten yn beammen libje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in part in oersetting fan it Dútsktalige artikel. Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Rotschnabel-Pfeifgans