Krytfûgels
| krytfûgels | ||
| In reade rotshoanne (Rupicola peruvianus). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
| tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| sûnder rang: | mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| sûnder rang: | sjongfûgeleftigen (Eupasseres) | |
| ûnderskift: | krytfûgels (Tyranni) | |
| Wetmore & Miller, 1926 | ||
De krytfûgels, ek: raasfûgels of skreaufûgels, (wittenskiplike namme: Tyranni, syn. Suboscines) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Dit is in kloft fan persiis 1.400 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 18 famyljes. De krytfûgels hawwe in frij lytse lichemsgrutte en binne foar it meastepart yn harren fersprieding beheind ta de Nije Wrâld. De sustergroep fan 'e krytfûgels wurdt foarme troch de sjongfûgels (Passeri of Oscines), dy't in mear kosmopolityske fersprieding hawwe. Mei-inoar foarmje de beide ûnderskiften de rangleaze klade fan 'e sjongfûgeleftigen (Eupasseres), dy't op in pear tige ôfwikende soarten nei it hiele skift fan 'e moskeftigen omfettet.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krytfûgels waarden as taksonomyske yndieling yn 1926 yntrodusearre troch de Amerikaanske ornitologen Frank Alexander Wetmore en Waldron DeWitt Miller.
De krytfûgels foarmje ien fan 'e trije ûnderskiften dêr't it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes) yn ferdield is. De oare beide ûnderskiften binne de rotstomke-eftigen (Acanthisitti) en de sjongfûgels (Passeri of Oscines). De rotstomke-eftigen binne yn har fersprieding beheind ta Nij-Seelân en omfetsje mar twa libbene en fiif resint útstoarne soarten yn ien inkele famylje. Molekulêre analyze hat oantoand dat sy de âldste kloft moskeftigen fertsjintwurdigje, dy't yn genetysk opsjoch op in distânsje stiet fan 'e oare beide ûnderskiften. De krytfûgels en de sjongfûgels foarmje mei-inoar de rangleaze klade fan 'e sjongfûgeleftigen (Eupasseres), dy't it sustertakson fan 'e rotstomke-eftigen is. Binnen de sjongfûgeleftigen binne de sjongfûgels de sustergroep fan 'e krytfûgels.

It ûnderskift fan 'e krytfûgels is sels opdield yn twa tuskenskiften: de krytfûgels fan de Alde Wrâld (Eurylaimides) en de krytfûgels fan de Nije Wrâld (Tyrranides). De krytfûgels fan 'e Alde Wrâld omfetsje 65 soarten, ferdield oer 5 famyljes. Se komme foar it meastepart foar yn 'e tropyske kontreien om 'e Yndyske Oseaan hinne, mei ien útsûndering, de breedbekmanakin (Sapayoa aenigma) út 'e Kolombia, Panama en Ekwador. De krytfûgels fan 'e Nije Wrâld foarmje fierwei de grutste kloft, mei 1.335 soarten ferdield oer 13 famyljes, dy't inkeld yn 'e Nije Wrâld foarkomme.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan 'e krytfûgels foel gear mei de skieding fan 'e súdlike wrâlddielen yn it Ier-Eoseen, sa'n 50 miljoen jier lyn. Dêrtroch rekken se yn Súd-Amearika isolearre fan 'e sjongfûgels (Passeri of Oscines) yn Austraalje. Ut Súd-Amearika wei ferspraten se har letter nei Noard-Amearika ta. Yn elts gefal nei 40 miljoen jier lyn berikten guon sjongfûgels foar it earst de Nije Wrâld. De fersprieding fan ien groep krytfûgels, dêr't de hjoeddeistige krytfûgels fan 'e Alde Wrâld út fuortkomme, nei de Alde Wrâld, fûn wierskynlik al omtrint 50 miljoen jier lyn plak yn it Paleoseen, en gie nei alle gedachten fia in Transatlantyske rûte. Yn alle gefallen is harren oanwêzigens yn Jeropa oan it begjin fan it Oligoseen, sa'n 28 miljoen jier lyn, goed dokumintearre.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krytfûgels binne oer it algemien lyts fan stal. Ta dizze groep heart ek de lytste fan alle moskeftigen, de koartsturtdwerchtiran (Myiornis ecaudatus), mei in lingte fan 61/2 sm en in gewicht fan 4,2 g. Krytfûgels komme foar mei in grut ferskaat oan uterlike skaaimerken. Harren fearrekleed hat faak (mar net altyd) felle kleuren.

Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte krytfûgels binne omnivoaren of ynsektivoaren. Se frette almeast sawol plantaardich guod as ynsekten, oare lidpoatigen, wjirms en oar lyts wringeleas dierte. De piken fan krytfûgels binne nêstbliuwers, dy't blyn, keal en helpleas út it aai komme. Se hawwe dêrom ferlet fan yngeande soarch fan 'e âlden.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De famyljes út 'e ûndersteande klassifikaasje binne deselden dy't erkenning genietsje fan 'e Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU). De ferdieling yn tuskenskiften, lytsskiften en boppefamyljes folget de fylogenetyske analyze dy't yn 2019 publisearre waard troch Carl Oliveiros et al.
(N.B.: de oantallen soarten binne rûchwei, fral by de gruttere famyljes.)
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
