Springe nei ynhâld

Krytearn

Ut Wikipedy
krytearn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaikrytearnen (Clanga)
soarte
Clanga pomarina
Brehm, 1831
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel (briedgebiet)
     wintergast
     trekfûgel

De krytearn (Clanga pomarina, synonym: Aquila pomarina) is in middelgrutte, donkere earn. It is in trekfûgel dy't yn súdlik Afrika oerwinteret en yn East-Europa briedt. De krytearn tanket de namme oan syn karakteristike hege, hurde rop, dy't klinkt as in blaffend k-jyp, of lange fluittoanen dy't er hearre lit by de baltsflecht.

Krytearn yn Slowakije.

De middelgrutte earn hat in lingte fan 'e kop oant de sturt fan 55 oant 65 sentimeter en in spanwiidte fan 143 oant 168 sm. De soarte hat in relatyf lytse snaffel en in donkerbrún fearrekleed. De krytearn is lestich te ûnderskieden fan 'e steppe-earn en de bastertearn. It bêste ûnderskiedingsskaaimerk binne de wat ljochter brún kleure ûnderwjukdekfearren en twa kommafoarmige wite streekjes oan 'e basis fan de hânpinnen.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krytearn is in trekfûgel dy't yn súdlik en eastlik Afrika oerwinteret en yn 'e maitiid nei East-Europa migrearret om dêr de simmer troch te bringen. Hy briedt yn healiepen gebieten mei stikken bosk, tichteby fochtige gerslannen dêr't er in soad op jacht giet. It foar Nederlân tichtstbylizzende briedgebiet fan 'e fûgel leit yn it easten fan Dútslân. Yn ús lân is de fûgel in swalker.

Briedgedrach en iten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien.

De krytearn bout syn grutte nêst fan tûken yn in hege beam, meastentiids oan 'e râne fan it bosk. It lechsel bestiet út 1 oant 3 (meastentiids 2) aaien. As der twa piken útkomme, komt it by dizze soarte hast altiten foar dat de âldste pyk de jongere deadet ('kaïnisme'), sadat der úteinlik mar ien jong útfleant. De soarte yt in ferskaat fan alderhande lytse bisten, lykas ynsekten, amfibyen (foaral kikkerts), lytse fûgels en lytse sûchdieren lykas mûzen.

De krytearn hat in grut ferspriedingsgebiet en allinnich dêrtroch al is de kâns op útstjerren) hiel lyts. De grutte fan 'e wrâldpopulaasje wurdt op 40 oant 60 tûzen folwoeksen fûgels rûsd. Hoewol't der lokaal wol wat bedrigings binne troch boskbou en biotoopferlies, is der oer it gehiel nommen gjin oanlieding om oan te nimmen dat de soarte yn oantallen sterk efterútgiet. Dêrfandinne stiet de krytearn as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: