Springe nei ynhâld

Nasjonaal Park Kruger

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kruger National Park)
Nasjonaal Park Kruger
lokaasje
lân Súd-Afrika
provinsjeMpumalanga (East-Transvaal)
koördinaten24°0' S 31°29' E
oare ynformaasje
oerflak19.500 km²
stifting31 maaie 1926
behearSAN-Parks
websidesanparks.org
kaart
Nasjonaal Park Kruger (Súd-Afrika)
Nasjonaal Park Kruger

It Nasjonaal Park Kruger (Ingelsk: Kruger National Park) yn Súd-Afrika is ien fan 'e grutste en bekendste wyldparken fan Afrika. It park leit yn it noardeasten fan it lân yn 'e provinsjes Limpopo en Mpumalanga.

It gebiet hat al tûzenen jierren bewenne west troch ferskillende folken, wêrûnder de San-folken en iere boeren. Der binne mear as 300 archeologyske lokaasjes bekend, ynklusyf rotstekeningen en izertiidruïnes by Thlamela.

Nei de Britske ynvaazje yn 1795 namen Britten sûnder in soad striid de macht oer fan 'e Nederlanners yn 'e Kaapkoloanje. De Nederlânsktalige kolonisten krigen al gau harren nocht fan it Britske bestjoer en yn 1835 naam in grut part it beslút om nei it noarden te trekken, de binnenlannen yn fan it hjoeddeiske Súd-Afrika, om dêr in eigen steat te stiftsjen. Dat waard de Grutte Trek en de dielnimmers waarden Foartrekkers neamd. De Grutte Trek late letter ta de stifting fan ferskillende boererepubliken en it gebiet foel doe ûnder de Republyk Súd-Afrika, better bekend as Transvaal.

It Transvaalske leechlân wie foar in grut part net bekend by de kolonisten fan 'e republyk en der wie ek net in soad ynteresse foar. It wie in rûch gebiet mei in soad tseetseemiggen dêr't malaria hearske. Nei't der yn 1869 goud fûn waard, krigen minsken wol ynteresse en waard it gebiet ek in populêr jachtgebiet. Troch de jierren hinne rûnen de populaasjes fan 'e bisten werom en dêrom stelde de president fan Transvaal, Paul Kruger, yn 1884 út om in beskerme gebiet yn te stellen foar de ôfnimmende kuddes wyld yn East-Transvaal. Dêr kaam spitigernôch neat fan telâne om't in soad minsken belang hienen by de jacht en der net genôch stipe wie. Yn 1889 stelde Kruger út om alle nasjonale grûn te sluten foar de jacht en maatregelen te nimmen om sa de wyldernis foar takomstige generaasjes te behâlden.

Yn 1895 gie de Folksried akkoard mei it plan fan riedslid Jakob Louis van Wyk om in jachtferbod yn te stellen tusken de Sabierivier en de Krokodilrivier, itjinge yn 1898 late ta it útroppen fan it Sabie Wyldreservaat troch president Kruger. Fuort dêrnei briek de Twadde Boerekriich (1899-1902) út, sadat fan natuerbeskerming neat telân kaam.

De trije grûnlizzers fan it park: Paul Kruger, James Stevenson-Hamilton en Piet Grobler.

Nei't de Britten it gebiet ûnder harren kontrôle krigen en Transvaal in Britske koloanje waard, stelden de Britten de Skotske majoar James Stevenson-Hamilton as earste behearder fan it gebiet oan. Under syn lieding waarden jimmeroan mear gebieten tafoege oan it reservaat, wêrby 't de oanwêzige befolking ferhûzje moast. Yn 1916 waard it spoar oanlein, sadat it park ûntsletten waard en toeristen in besite bringe koenen.

Yn 1926 waard it natoergebiet troch de Minister fan Lânboun Piet Grobler it earste nasjonale park fan it lân. It nasjonaal park waard ferneamd nei ien fan 'e grûnlizzers, Paul Kruger. De útwreidingen gyngen oant 1969 fierder wêrby't hieltiten de oanwêzige bewenners ferhûzje moasten.

Sûnt 2000 is it park ûnderdiel fan it Great Limpopo Transfrontier Park, wêryn 't ek parken fan Mozambyk (û.o. Nasjonaal Park Limpopo) en Simbabwe (û.o. Nasjonaal Park Gonarezhou) opnommen binne.[1]

Olifantsrivier.

It oerflak fan it park is likernoch 19.500 km². It park is fan noard nei súd sa'n 350 km en fan west nei east trochstrings sa'n 60 km breed en folget mei de Limpoporivier de grins mei Simbabwe en yn it easten de grins mei Mozambyk.

It terrein bestiet fral út leechflaktes mei savannes, rivierdellingen en in pear bercheftige of heuveleftige gebieten rjochting de Lebombobergen. Ferskillende grutte rivieren trochsnije it park, lykas de Sabie-, Olifants-, Letaba- en Luvuvhurivier. De rivieren binne tige wichtich foar it ekosysteem.[2]

Wite noashoarn.

It park is ek ferneamd om de grutte fariaasje oan diersoarten. Der libje mear as 148 soarten sûchdieren, 505 soarten fûgels, 118 soarten reptilen, 53 fisksoarten en 35 soarten amfibyen. De meast bekende bisten binne de liuw, de buffel, de loaihoars, de noashoarn en de Afrikaanske oaljefant. Fan dy lêste libbet yn it Krugerpark de grutste populaasje fan 'e soarte. In rûzing fan 2020 giet út fan sa'n 30.000 bisten en de populaasje groeit noch jimmeroan

SANParks (South African National Parks) is in nasjonale autoriteit dy't ferantwurdlik is foar hast alle nasjonale parken yn Súd-Afrika. De streuperij easket in soad omtinken fan 'e organisaasje, fral by de bedrige soarten lykas de noashoarn. De rangers fan it park binne goed oplaat en wurkje tegearre mei justysje.

Alle jierren bringe likernôch 1,5 miljoen minsken in besite oan it park en it is ien fan 'e meast besochte nasjonale parken fan Afrika. It suden fan it park hat de grutste tichtens fan wyld en wurdt dus ek it measte besocht. De drokste mominten binne de skoallefakânsjes yn Súd-Afrika (fral desimber-jannewaris en july) en de wykeinen.

Tagong kamp Skukuza.

It behear besiket de ynfloed fan toerisme op it park te reglemintearjen troch in maksimaal oantal besikers foar in kamp yn te stellen. It park hat ferspraat oer it gebiet 25 kampen, wêrfan 12 grutte kampen. Alle kampen binne ôffrede en allinnich yn 'e kampen en op oare dêrta oanwiisde plakken is it tastien om út auto's te stappen. Ek is it ferbean om fan 'e diken ôf te gean.

Yn 'e moannen juny oant septimber kinne de measte bisten sjoen wurde, wylst maart en maaie oer it generaal minder drok binne en yn 'e moannen novimber en febrewaris it lânskip griener en minder toar is. Foar jonge bisten en fûgels binne de moannen desimber en maart it meast gaadlik.

It toerisme is skealik foar de natuer, mar bringt ek in soad ynkomsten wêrmei't de anty-streuperij ienheden betelle wurde kinne. Gruttere bedrigingen foar it park foarmje klimaatferoaring, befolkingsgroei om it park hinne, politike druk en budgettekoarten.

Ofbylden fan bisten fan it Krugerpark

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: