Springe nei ynhâld

Kronberg im Taunus

Ut Wikipedy
Kronberg im Taunus
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Hochtaunuskreis
Stedsyndieling3 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal18.671 (31.12.2024)[1]
Oerflak18,58 km²
Befolkingsticht.1.005 ynw./km²
StêdekloftFrankfurt Rhein-Main
Hichte200 - 400 m
Oar
Stifting1220 (earste fermelding kastiel)
Postkoade61476
Koördinaten50° 10' N 8° 30' E
Offisjele webside
kronberg.de
Kaart
Kronberg im Taunus (Hessen)
Kronberg im Taunus

Kronberg im Taunus is in stêd en erkend kueroard yn 'e dielsteat Hessen, Dútslân. De stêd leit yn 'e Hochtaunuskreis en makket diel út fan 'e stêdekloft Frankfurt Rhein-Main. Kronberg stiet bekend as ien fan 'e rykste gemeenten fan Dútslân mei in tige hege keapkrêft.

De skiednis fan 'e stêd is nau ferbûn mei it kastiel Kronberg, dat om it jier 1220 hinne boud waard as sit foar de ridders fan Kronberg. Yn 1330 krige it plak stedsrjochten fan keizer Loadewyk de Beier.

De saneamde striidtsjerke.

De ridders fan Kronberg keazen oan it begjin fan 'e 16e iuw foar de lutherske lear en yn 1526 waard it stedsje protestantsk. Doe't de lêste ridder fan Kronberg yn 1704 sûnder bern ferstoar, foel it ûnder it bewâld fan it roomsk-katolike karfoarstedom Mainz. Dat soarge foar spanningen mei de protestantske ynwenners. De karfoarst fan Mainz besocht it stedsje foar it roomsk leauwe werom te winnen en liet yn 1737 tichteby de protestantske Johannestsjerke in katolike tsjerke bouwe. De ynwenners lieten it der net by sitte en fochten de bou oan by de heechste rjochtbanken fan it Hillige Roomske Ryk. De ynwenners wûnen de striid en de karfoarst mocht it gebou ôfmeitsje, mar nea as tsjerke ynwije. Dat gebou stiet der hjoed-de-dei noch jimmeroan en wurdt de Streitkirche neamd. Om't it nea in tsjerke wurden is, hat it gebou letter ferskillende oare funksjes hân.

Mainz ferlear de macht oer Kronberg yn 1802/1803 doe't troch de sekularisaasje de tsjerklike foarstedommen ûntbûn waarden. Kronberg kaam doe yn hannen fan it foarstedom Nassau-Usingen. Doe't it hartochdom Nassau stifte waard, waard Kronberg dêr ûnderdiel fan.

Yn 'e 19e iuw fêstige de Kronberger Malerkolonie him yn it stedsje, ien fan 'e wichtichste keunstnersmienskippen fan Dútslân, dy't lânskipsskilders fan oer it hiele lân luts.

De Prusyske keizerinne Victoria (widdo fan Freark III) hie in grutte bân mei de stêd; hja liet dêr yn 'e jierren 1889 en 1893 it Slot Friedrichshof yn in eklektyske mingeling fan neorenêssânse en Tudorstyl bouwe, dat hjoed-de-dei in hotel is.

Stedsferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kronberg im Taunus is te ferdielen yn trije Stadtteilen. De earder selstannige gemeenten waarden op 1 april 1972 yn it ramt fan 'e Hessyske weryndielingen gearfoege ta de nije gemeente Kronberg im Taunus.

  • Kronberg: De sintrale kearn mei de histoaryske stêd en it midsiuwske kastiel.
  • Oberhöchstadt: 2 km eastlik fan Kronberg.
  • Schönberg: 1,4 km noardeastlik fan de histoaryske stêd.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It kastiel Kronberg is it symboal fan 'e stêd en biedt in prachtich útsicht oer de omjouwing.
  • De histoaryske binnenstêd is skildereftich mei smelle strjitsjes en goed ûnderhâlden fakwurkhuzen.
  • De protestantske stedstsjerke Sint-Jehannes is fan binnen folslein beskildere, ryk oan grêfmonuminten en hat in ferneamd oargel.
  • It Slot Friedrichshof waard yn 'e jierren 1889 en 1893 foar keizerinne Victoria boud.
  • De bistetún Opel-Zoo is in grutte bistetún dy't oer de hiele wrâld bekend waard troch it suksesfolle fokprogramma fan it Mesopotamysk deim.
  • It Victoriapark is in grut park en ferneamd nei keizerinne Victoria.
  • It Kronberger Malerkolonie is ûnderbrocht yn 'e histoaryske Villa Winter en toant wurk fan ferneamde skilders.
  • De BraunSammlung is in museum wijd oan 'e konsuminte-elektronika fan 'e firma Braun, dy't syn haadkantoar yn Kronberg hat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: