Springe nei ynhâld

Krombekwilster

Ut Wikipedy
Krombekwilster
Oerwinterjende fûgel op it Noardereilân.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus frontalis
Quoy & Gaimard, 1832
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De krombekwilster (Anarhynchus frontalis) is in waadfûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Foerazjearjende krombekwilster.

It meast opfallend oan 'e fûgel is syn swarte nei rjochts ta bûge snaffel. Op it boarst en de foarholle hat er in smelle swarte bân. De bân op it boarst is net by alle fûgels like bot oanwêzich. Bûten de briedtiid ferdwine de swarte bannen fan 'e foarholle en it boarst en binne de boppedielen ljochter.

De krombekwilster wurdt 20 oant 21 sm lang, weaget 40 oant 70 gram en hat swarte poaten.

De krombekwilster is endemysk foar Nij-Seelân. Hy briedt oan grutte rivieren yn Canterbury en Otago op it Sudereilân. De belangrykste rivieren foar de soarte binne de Waimakariri, Rakaia, Rangitata, Waitaki en Ashley. Earder kaam er faker foar by lytsere rivieren, mar it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is krompen en beslacht hjoed-de-dei nei alle gedachten noch mar 60% fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet. Nei it brieden migrearje de fûgels nei ûndjippe estuaria en kustgebieten yn 'e lijte op it Noardereilân (Firth of Thames, Manukau Harbour, Kaipara Harbour en Tauranga Harbou).

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêst.

De fûgel yt fral ynsekten, kreeften en wjirms dy't er ûnder stientsjes siket en wêrby't de kromme snaffel goed fan pas komt.

Nêsten binne ûndjippe kûltsjes tusken stiennen yn it sân. Der wurde twa aaikes lein dy't troch beide âlden yn 30 oant 36 dagen útbret wurde. Piken sitte by it útkommen yn it dûns en binne griis oant brutsen wyt fan boppe en wyt fan ûnder. it mantsje en wyfke fersoargje de piken oant se nei 35 dagen útfleane en harren sels rêde moatte. As se twa jier binne, begjinne se te brieden.

Fûgel yn briedkleed.

De krombekwilster stiet op 'e Reade list fan 'e Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld as kwetsber klassifisearre. De populaasje naam yn 'e 19e iuw ôf om't se fanwegen harren frjemde snaffels sammele waarden. Sûnt 1940 wurdt de fûgel beskerme en de populaasje is wer tanommen fan likernôch 2000 fûgels doe oant 5000 fûgels no (2021). Alhoewol't guon boarnen suggerearje dat de oantallen de lêste desinnia tebekrûnen, is neffens it Nij-Seelânske Threat Classifaction-rapport de populaasje tusken de nasjonale tellingen fan 1983-1994 en 2005-2019 mei likernôch 33% groeid. Dat wie mooglik troch in bettere beskerming fan it leefgebiet en it behearskjen fan predaasje.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: