Kroltúfgaai
| kroltúfgaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax cristatellus | ||||||||||||
| Temminck, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De kroltúfgaai of kroltoefgaai (Cyanocorax cristatellus) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae). De fûgel wurdt monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kroltúfgaai is in grutte gaai mei in opfallende túf op 'e kop, dy't nei efter bûget. De fûgel is swart op 'e kiel, it boarst en de rêch, blau op 'e wjukken en it binnenste diel fan 'e sturt, wylst it bûtenste diel wyt is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet fan Sintraal-Brazylje oant eastlik Bolivia en eastlik Paraguay.
Kroltúfgaaien wurde yn savannes, op plantaazjes, healiepen gebieten en somtiden tunen waarnommen, dêr't er meastentiids yn lytse, lawaaierige groepen sjoen wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e grutte populaasje, mar de soarte soe algemien foarkomme en de populaasje is stabyl. Op 'e Reade list fan 'e Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
