Springe nei ynhâld

Krokkedileftigen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Krokodileftigen)
krokkedileftigen
Skerpsnútkrokkedillen (Crocodylus acutus) yn Meksiko.
Skerpsnútkrokkedillen (Crocodylus acutus) yn Meksiko.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:reptilen (Reptilia)
klade:archosauriërs (Archosauria)
klade:krokkedildiereftigen
   (Pseudosuchia)
klade:krokkedildieren
   (Crocodylomorpha)
klade:echte krokkedildieren
   (Cocodyliformes)
klade:moderne krokkedildieren
   (Eusuchia)
skift:krokkedileftigen (Crocodilia)
Owen, 1842
Ferspriedingsgebiet
Skerpsnútkrokkedillen (Crocodylus acutus) yn Meksiko.
     fersprieding op lân
     fersprieding yn see

De krokkedileftigen[1][2][3] of krokodileftigen[3] (wittenskiplike namme: Crocodilia, soms stavere as Crocodylia) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e reptilen (Reptilia). It binne kâldbloedige, ovipare, semy-akwatyske rôfdieren, dy't neier besibbe binne oan 'e fûgels (Aves) as oan oare reptilen. Krokkedileftigen libje yn 'e tropen en subtropen fan Midden- en Súd-Amearika, it Karibysk Gebiet, Afrika, Madagaskar, Súd- en Súdeast-Aazje, noardlik Austraalje en Melaneezje. Utsein wat de seekrokkedil (Cocodylus porosus) en de skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus) oangiet, binne se yn har fersprieding beheind ta swiete oerflaktewetters.

Krokkedileftigen ûntstiene sa'n 235 miljoen jier lyn. It binne solitêr libjende en territoriale bisten. Se hawwe in langhalich lichem mei in lange sturt en fjouwer poaten dy't ornaris nei de sydkant útstekke ynstee fan nei ûnderen. De kop hat in lange, foarútstekkende snút mei in grutte bek dy't fol sit mei skerpe tosken. De eagen, earen en noasters sitte oan 'e boppekant fan 'e kop, sadat de bisten de kop mar justjes boppe wetter útkomme hoege te litten om te sykheljen of har sintugen te brûken. De krokkedileftigen besteane út 3 famyljes: de krokkedillen (Crocodylidae), de gavialen (Gavialidae) en de aligators en kaaimannen (Alligatoridae). Dy famyljes falle fierder útinoar yn 9 skaaien en 27 of 28 ûnderskate soarten. Guon dêrfan, yn 't bysûnder de seekrokkedil en de Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus), steane bekend as minskesliners.

De wittenskiplike namme fan 'e krokkedileftigen is Crocodilia (mei in i), mei as alternative staveringsfariant Crocodylia (mei in y). De oarspronklike beskriuwer fan it skift, de Ingelske biolooch Richard Owen, skreau de namme as Crocodilia, en dêrom is dat noch altyd de meast brûkte fariant. De Dútske herpetolooch Heinz Wermuth keas yn 1953 yn syn Systematik der Rezenten Krokodile foar de stavering Crocodylia, dy't er basearre op 'e stavering fan Crocodylus, de wittenskiplike namme fan it skaai fan 'e gewoane krokkedillen, dêr't de namme Crocodilia fan ôflaat is.

In kladogram dat de besibskipsrelaasjes binnen it skift fan 'e reptilen sjen lit.
1. brêgehagedissen
2. hagedissen
3. slangen
4. krokkedileftigen
5. fûgels
De skyldpodden ûntbrekke, mar dy foarmje in groep op harsels. Sa't men sjen kin, binne de krokkedileftigen nauwer besibbe oan 'e fûgels as oan oare reptilen.

Crocodylus liket in latinisearring te wêzen fan it Grykske wurd κροκόδειλος (krokodeilos), dat sawol de betsjutting hat fan "hagedis" as fan "Nylkrokkedil". De woartel fan dat wurd komt fan it Aldgrykske κρόκη (kroke), dat "keizelstien" betsjut, en δρîλος (drilos) of δρεîλος (dreilos), dat "wjirm" betsjut. Mei-inoar wurdt it dan "keizelwjirm", wêrmei't ferwiist wurde kinne soe nei it feit dat hagedissen en krokkedillen, om't se kâldbloedige reptilen binne, lizzen geane te sinnebaaien op stiennen, dy't de waarmte fan 'e sinne fêsthâlde.

De krokkedileftigen waarden as taksonomyske kloft yn 1842 yntrodusearre troch de Ingelske biolooch Richard Owen. Opmerklikernôch binne krokkedileftigen nauwer besibbe oan 'e fûgels (Aves) as oan 'e oare reptilen (slangen, hagedissen, brêgehagedissen en skyldpodden). Om't de fûgels net ta de reptilen rekkene wurde, betsjut dat dat de reptilen eins in parafyletyske groep foarmje, dy't strikt nommen ûnjildich is. Taksonomysk sjoen is in klade nammentlik inkeld jildich as dy alle ôfstammelingen fan 'e lêste mienskiplike foarâlder omfettet, en dat is mei de reptilen net it gefal as de fûgels dêrfan loskeppele wurde. Mar de term 'reptilen' is sa ynboargere dat er net út te bannen is, ek al wurdt er troch serieuze wittenskippers inkeld noch ynformeel brûkt.

Oant 1988 waarden ûnder de krokkedileftigen sawol de hjoeddeistige krokkedileftigen beflapt, as al harren útstoarne, fossile sibben. Tsjintwurdich wurde de measte oan 'e krokkedileftigen besibbe fossilen ûnderbrocht by bredere taksonomyske groepen, lykas de krokkedildieren (Crocodylomorpha) of de krokkedildiereftigen (Pseudosuchia). De krokkedileftigen omfetsje no inkeld noch de lêste mienskiplike foarâlder fan alle libbene krokkedileftigen en de fossilen dy't ek fan dyselde lêste mienskiplike foarâlder ôfstamje.

In artistike rekonstruksje fan 'e draaf-krokkedil (Litargosuchus leptorhynchus), in kylkrokkedildier (Sphenosuchia).

De krokkedileftigen foarmje yn 'e mande mei de fûgels de klade fan 'e archosauriërs (Archosauria). Dat binne reptilen dy't har fan oare reptilen ûnderskiede troch twa pear ekstra iepenings yn 'e plasse: it antorbitale finster ûnder (of foar) de eachholte, en it mandibulêre finster oan wjerskanten fan 'e ûnderkaak. De archosauriërs falle útinoar yn twa kloften: de krokkedildiereftigen (Pseudosuchia) en de beneifûgeldieren (Avemetatarsalia). Ta dy lêste groep hearden de dinosauriërs, de pterosauriërs en harren hjoeddeistige neikommelingen, de fûgels. De opspjalting tusken de beide groepen fûn plak koart foar de Permysk-Triassyske massa-ekstinksje, ek wol oantsjut as "it Grutte Stjerren", 252 miljoen jier lyn.

De krokkedildieren (Crocodylomorpha), dêr't letter de moderne krokkedileftigen út ûntstean soene, ûntjoegen har yn it Let-Trias (237–201 miljoen jier lyn). Hoewol't de basaalste krokkedildieren grut wiene, komme de moderne krokkedileftigen fuort út 'e lytsere en rankere foarmen, mei lange poaten dy't ûnder it lichem pleatst wiene, net wanlyk oan 'e lichemsbou fan moderne foksen. Sokke bisten, de saneamde kylkrokkedildieren (Sphenosuchia), ferskynden foar it earst yn it Karnyn, omtrint 232 miljoen jier lyn. Se frieten lytse, flugge proaidieren en oerlibben oant yn it Let-Sjuera (164–145 miljoen jier lyn). Tsjin 'e ein fan it Trias (201 miljoen jier lyn) wiene de krokkedildieren de iennichst oerbleaune krokkedildiereftigen.

In artistike rekonstruksje fan in katkrokkedil (Pakasuchus kapilimai).

Yn it Ier-Sjuera waarden de dinosauriërs (Dinosauria) dominant op it lân, wylst de krokkedildieren grutte evolúsjonêre oanpassings ûntjoegen om ekologyske nyssen op te foljen dy't koartby frijkommen wiene troch it útstjerren fan oare groepen. Mesosoyske krokkedildieren (d.w.s. út it Trias, Sjuera en Kryt) hiene in folle grutter ferskaat oan lichemsfoarmen en libbenswizen as hjoeddeistige krokkedileftigen. Guon ûntjoegen har ta flugge ynsektivoaren, wylst oaren har spesjalisearren ta it iten fan fisk en wer oaren herbivoaren waarden. Dêrnjonken wiene der lykwols ek altyd karnivoare krokkedildieren, mar guon dêrfan libben eksklusyf op it lân, wylst oaren hielendal net út it wetter kamen. Guon fan dy lêste groep libben yn see, lykas de Peterboroughtoskkrokkedil (Suchodus durobrivensis), dy't flippers lykas dy fan in seeko hie en in sturt mei sturtfinnen lykas dy fan moderne walfiskeftigen.

De moderne krokkedildieren (Eusuchia) ûntjoegen har yn it Ier-Kryt (145–100 miljoen jier lyn). De âldst bekende soarte fan dy groep is de Wightboskkrokkedil (Hylaeochampsa vectiana), wêrfan't ien inkeld fossyl fûn is op it eilân Wight, foar de súdkust fan Ingelân. Letter, yn it Paleogeen (66–23 miljoen jier lyn) ûntstiene groepen lykas de hoefkrokkedillen (Planocarniidae). De noardlike krokkedillen (Borealosuchus) út Noard-Amearika, dêr't seis ûnderskate soarten fan bekend binne, kamen sawol yn it Kryt as it Paleogeen foar, mar wêr't dat skaai fylogenetysk krekt pleatst wurde moat, is noch altyd net dúdlik.

In artistike rekonstruksje fan in Peterboroughtoskkrokkedil (Suchodus durobrivensis), dy't yn hege mjitte oanpast wie oan it libben yn see.

De trije haadtûken fan 'e hjoeddeiste krokkedileftigen, de krokkedillen (Crocodylidae), de aligators en kaaimannen (Alligatoridae) en de gavialen (Gavialidae), wiene tsjin it Let-Kryt al útinoar groeid. De ierst bekende krokkedileftigen binne de Portegalgavialen (Portugalosuchus), dy't bestiene yn it Senomanyn en it Turonyn (100–90 miljoen jier lyn). De klassifikaasje fan 'e Portegalkrokkedillen is yn 'e kiif steld troch party herpetologen dy't úthâlde dat it skaai bûten de krokkedileftigen falt, mar fylogenetyske analyzes op basis fan nije neuro-anatomyske gegevens sammele troch it meitsjen fan mikro-CAT-scans fan in plasse wize derop dat de Portegalgavialen wol deeglik krokkedileftigen wiene en dat se ta de kurasgaviaaldieren (Thoracosauria) hearden, dy't yn 'e boppefamylje fan 'e gaviaaleftigen (Gavialoidea) pleatst wurde moatte.

Dúdlike alligatoreftigen (Alligatoroidea) ferskynden foar it earst yn it Santonyn en it Kampanyn (86–72 miljoen jier lyn). De earste ûnbekreaude langsnútkrokkedileftigen (Longirostres), dêr't de gaviaaleftigen en de echte krokkedileftigen (Crocodyloidea) ta hearre, kamen ta ûntwikkeling yn it Maastrichtyn (72–66 miljoen jier lyn). Lang waard tocht, benammen op basis fan morfology, dat de relatyf koartsnutige alligatoreftigen en echte krokodileftigen nau besibbe wiene, en dat de langsnutige gaviaaleftigen in ôfwikende groep fertsjintwurdigen. De resultearjende klade fan 'e koartsnútkrokkedileftigen (Brevirostres) wurdt lykwols hjoed oan 'e dei ôfwiisd op basis fan 'e útkomsten fan DNA-ûndersiken dy't tusken 2003 en 2018 útfierd waarden. Dêrút kaam nammentlik nei foarren dat de gaviaaleftigen folle nauwer as de alligatoreftigen besibbe binne oan 'e echte krokodileftigen. Fan gefolgen wurde de gaviaaleftigen en de echte krokkedileftigen no gearbrocht yn 'e klade fan 'e langsnútkrokkedileftigen (Longirostres).

It ferskaat oan foarmen fan 'e plasse en de ûnderkaak by libbene krokkedileftigen, fan smel en lang nei breed en stomp.

Krokkedileftigen komme benammen foar yn 'e tropen. Harren ferspriedingsgebiet beslacht yn 'e Nije Wrâld Midden-Amearika, it Karibysk Gebiet (útsein Porto Riko en de Lytse Antillen) en Súd-Amearika (útsein de Andes en Patagoanje). Yn 'e Alde Wrâld bestiet it areaal fan dizze bisten út Afrika ynklusyf Madagaskar mar útsein de sintrale Sahara en de Magrebregio, Súd en Súdeast-Aazje mei de hiele Yndyske Arsjipel en de Filipinen ynbegrepen, en fierders noardlik Austraalje en Melaneezje. Ofsjoen fan 'e subtropyske súdpunt fan Súdlik Afrika hearre dêrnjonken ek twa oare subtropyske gebieten ta it ferspriedingsgebiet: it Floaridaskiereilân en de kust fan 'e Golf fan Meksiko fan 'e Florida Panhandle oant noardeastlik Meksiko, en de ûnderrin fan 'e rivier de Jangtsekiang yn eastlik Sina.

De hjoeddeistige fersprieding fan 'e gaviaaleftigen (Gavialoidea) is beheind ta Súd-Aazje en de Yndyske Arsjipel, dy fan 'e kaaimannen (Caimaninae) ta Súd-Amearika en dy fan 'e alligators (Alligator) ta de subtropyske dielen fan Noard-Amearika en East-Aazje. Fan alle groepen krokkedileftigen hawwe de echte krokkedileftigen (Crocodyloidea) de grutste fersprieding. Soarten fan dy kloft komme foar yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, it Karibysk Gebiet, Afrika, Madagaskar, Súd- en Súdeast-Aazje, de Yndyske Arsjipel, noardlik Austraalje en Melaneezje. De súdpunt fan it Floaridaskiereilân is it iennichste plak yn 'e wrâld dêr't de ferspriedingsgebieten fan alligators en echte krokkedileftigen inoar oerlaapje.

Close-up fan 'e foarpoat fan in Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis).

Krokkedileftigen libje sûnder útsûndering yn leechlân en komme net foar boppe 1.000 m boppe seenivo. Der binne twa soarten krokkedileftigen dy't behalven yn swietwetter ek yn see libje. De seekrokkedil (Crocodylus porosus) komt foar fan Sry Lanka en de súdpunt fan it Yndysk subkontinint yn 'e Yndyske Oseaan oant Hainan en de Filipinen yn 'e Súdsineeske See en oant en mei Fidzjy yn 'e Stille Oseaan. De skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus) komt foar oan 'e kusten fan Midden-Amearika yn 'e Golf fan Campeche, de Karibyske See en Stille Oseaan, oan 'e noardlike en noardwestlike kusten fan Súd-Amearika en by de kusten fan Kuba, Jamaika, Hispanjoala en súdlik Floarida lâns. De seekrokkedil is fan alle krokkedileftigen de soarte mei it grutste ferspriedingsgebiet.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't der gâns ferskaat bestiet yn 'e details, hawwe alle hjoeddeistige krokkedileftigen rûchwei deselde lichemsfoarm. Dy bestiet út in silinderfoarmich liif dat fan boppen en ûnderen wat ôfplatte is, mei fjouwer koarte poaten dy't fansiden útstekke ynstee fan dat se nei ûnderen ta rjochte binne, lykas by sûchdieren. De foarpoaten hawwe fiif teannen, dêr't by de measte soarten gjin swimfluezzen tusken sitte. De efterpoaten hawwe fjouwer teannen dy't ûnderling ferbûn binne troch swimfluezzen, en in fyfdenien dy't gjin swimflues hat. De sturt is lang en fungearret by it swimmen as oandriuwing. Yn gefal fan need kin er ek as in bykommend wapen ynset wurde troch dermei te slaan.

Boppe-oansjoch fan 'e kop fan in breedsnútkaaiman (Caiman latirostris).

De kop is plat en breed, mei in lange nei foarren ta útstykjende snút en in relatyf koarte hals. De eagen, earen en noasters sitte allegearre oan 'e boppekant fan 'e kop, sadat dy mar justjes boppe wetter út hoecht te kommen om krokkedileftigen sjen, hearre, rûke en sykhelje te litten. De bek is wiid en lang, sit fol mei fjoerskerpe tosken en kin wiid iepene wurde. De spieren dy't de bek slute, binne tige sterk, mar de spieren dy't de bek iepenje binne dat net. It is sadwaande frij maklik om 'e bek fan in krokkedileftige tichtklamme te hâlden as men der in stevige gryp op hâlde kin. De noasters kinne by it dûken ôfsletten wurde.

De ribben fan krokkedileftigen binne sa oanpast, dat se bûge kinne om 'e boarstkas lytser te meitsjen by it dûken ûnder wetter. De struktuer fan it bekken is ek bûgber, sadat it oer in grutte hoemannichte fretten yn it spiisfertarringsstelsel of mear lucht yn 'e longen kin. Beide geslachten hawwe in kloäka: ien inkele iepening by de sturt dêr't de terms, urinelieders en ynwindige geslachtsorganen útkomme. By mantsjes sit dêr ek de penis yn en by wyfkes de klitoris. De penis hat by krokkedileftigen altyd in ereksje en is ôfhinklik fan 'e spieren yn 'e kloäka om nei bûten ta skood en wer nei binnen ta lutsen te wurden.

It skelet en in opset eksimplaar fan in Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus).

Krokkedileftigen fariëarje yn grutte fan Cuviers glêdkopkaaiman (Paleosuchus palpebrosus) fan noardlik Súd-Amearika, dy't 1.20–1.40 m lang wurdt, oant de seekrokkedil (Crocodylus porosus), dy't foarkomt fan Sry Lanka oant en mei Fidzjy en wol 6.30 m lang wurde kin. In folwoeksen Cuviers glêdkopkaaiman weaget 5–7 kg, wylst in folgroeide seekrokkedil 1.500 kg weagje kin. Guon prehistoaryske soarten krokkedileftigen wiene noch grutter en swierder. De grutst bekende krokkedileftige anno 2025 is de Puruskaaiman (Purussaurus brasiliensis) út it Let-Kryt. Dy soe in lingte fan wol 15.80 m berikke kinnen hawwe en in gewicht hân hawwe fan krapoan 12,6 ton. Krokkedileftigen binne op it mêd fan lichemsgrutte oer it algemien seksueel dimorf, mei mantsjes dy't oansjenlik grutter binne as wyfkes.

Krokkedileftigen hawwe in bytkrêft dy't by de grutsten fan it diereryk heart. Yn in ûndersyk dat yn 2003 publisearre waard, meaten Amerikaanske herpetologen dat de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) in bytkrêft fan 9,45 kN hat. By in ûndersyk út 2012 waard de bytkrêft fan 'e seekrokkedil (Crocodylus porosus) fêststeld op 16 kN. De smelle kaken fan 'e gaviaal (Gavialis gangeticus) sjogge der wol ôfskrikwekjend út en it bist kin der sûnder mis ek gâns skea mei oanrjochtsje as er provosearre wurde soe ta in oanfal op in minske, mar dochs binne se frij swak om't gavialen ornaris inkeld fisk frette, dêr't net folle bytkrêft foar nedich is. Paleöntologen rûze de bytkrêft fan 'e Rio-Grandefreeskrokkedil (Deinosuchus riograndensis), ien fan 'e grutste krokkedileftigen dy't ea bestien hat, op 100 kN, wat betsjut dat sa'n bist hurder tabite koe as in Tyrannosaurus rex.

Close-up fan 'e hûd fan in moeraskrokkedil (Crocodylus palustris).

De hûd fan krokkedileftigen is beklaaid mei skobben dy't inoar net oerlaapje. Sokke skobben wurde skuta (inkeltal: skutum) neamd. Se besteane út bêta-keratine, en in protte binne noch fuortsterke troch opsteande biennene plaatsjes dy't osteodermen hjitte. Dy komme benammen foar yn 'e nekke, op 'e rêch en op 'e boppekant fan 'e sturt fan krokkedileftigen. Op 'e bealch en de ûnderkant fan 'e sturt hawwe se rigen brede, platte, rjochthoekige skobben. Tusken de skobben yn bestiet de hûd fan krokkedileftigen fral út alfa-keratine; oars as op 'e skobben kin de hûd dêr bûge, sadat beweging mooglik wurdt.

De eagen fan krokkedileftigen hawwe in pupil dy't by fel ljocht gearlûkt ta in smel spjaltsje, mar by tsjuster ferbredet ta in grutte sirkel. Krokkedileftigen kinne, krekt as katten, ta mei mar in hiel lyts bytsje ljocht, wat betsjut dat se goed oanpast binne om by nacht te jeien. Ek krekt as katten hawwe de eagen fan krokkedileftigen in tapetum lucidum (Latyn foar "ljochtsjend tapyt"), dat ljocht dat troch it netflues komt werom it each yn reflektearret. Sa wurdt de gefoeligens fan it each foar lege ljochtnivo's noch ekstra fergrutte. It makket it ek maklik om krokkedileftigen by nacht gewaar te wurden, mei't ljocht út in bûslampe of skynwerper troch it tapetum lucidum yn har eagen wjerkeatst wurdt, sadat it wol liket oft der twa lytse ljochtsjes yn it tsjuster skine.

Om har eagen te beskermjen besitte krokkedileftigen in trêde eachlid, dat oer it kwetsbere each hinne lutsen wurde kin sûnder dat it gesichtsfermogen ferlern giet (sa't wol it gefal wêze soe as it bist de eagen tichtdie om se te beskermjen). Dêrnjonken sitte der klieren yn it trêde eachlid dy't in sâltich glydmiddel ôfskiede om it each skjin te hâlden. Wannear't in krokkedileftige út it wetter komt en by it sinnebaaien opdrûget, wurdt dy ôfskieding sichtber troch wiete plakken: de sprekwurdlike "krokkedilletriennen".

In gaviaal (Gavialis gangeticus) ûnder wetter.

Ier yn har ûntwikkeling lykje krokkedileftigen troch in "nachtdierlike flessehals" gien te wêzen, wêrby't har eagen ferskate skaaimerken ferlearen dy't inkeld handich binne foar deidieren. Sa krigen se in digromatysk gesichtsfermogen, dat delkaam op kleureblinens foar read- en grientinten. Sûnt hawwe guon soarten krokkedileftigen lykwols wer in folslein kleuregesichtsfermogen re-evoluëarre.

De earen fan krokkedileftigen misse útwindige earskulpen. Se binne oanpast foar it hearren sawol boppe as ûnder wetter, en de trommefluezzen wurde tsjin wetterdruk beskerme troch klepkes dy't bewust iepene en tichtdien wurde kinne mei spieren. It gehoar is by krokkedileftigen sterk ûntwikkele en ferlykber mei it gehoar fan sûchdieren. Oars as by sûchdieren fynt der by krokkedileftigen gjin degradaasje fan it gehoar plak neigeraden dat it bist âlder wurdt, mei't krokkedileftigen nije hiersellen yn it ear oangroeie litte kinne. In goed ûntjûne trijelingsenuw lit har fierders trillings yn it wetter gewaarwurde, lykas makke wurde kinne troch potinsjele proaien.

Jonge seekrokkedillen (Crocodylus porosus) yn finzenskip.

It rookorgaan bestiet by krokkedileftigen út mar ien noasromte, en it orgaan fan Jacobson, dat by reptilen in twadde rooksin foarmet, ferdwynt by krokkedileftigen wannear't se folwoeksen wurde. Ut gedrachseksperiminten is lykwols dúdlik wurden dat krokkedileftigen roken sawol boppe as ûnder wetter gewaarwurde kinne, en dat se har rooksin brûke by it jeien.

Ynwindige skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krokkedileftigen hawwe wat miskien wol de meast yngewikkelde bloedsomrin is fan alle wringedieren. It hert bestiet út twa hertkeamers en twa hertboezems, wat tige ûngewoan is foar reptilen. Krekt as by sûchdieren en fûgels besteane der ûnderskate bloedfetten foar it bloed dat nei de longen laat wurdt en it bloed dat nei de rest fan it lichem giet. Krokkedileftigen beskikke ek oer unike klepkes dy't it bloed by de longen wei liede kinne om nochris troch it lichem hinne te gean. Lang wie de gongbere teory dat se dêrtroch langer ûnder wetter bliuwe koene, mar dy útlis ferliest mank herpetologen oan stipe. It soe ek helpe kinne by termoregulaasje of by it bykommen út metaboale asidoaze, of oars soe it mooglik longoedeem foarkomme kinne. Troch it behâld fan koalstofdiokside yn it lichem wurket de spiisfertarring hurder en funksjonearje ek de alfleisklier, milt, tinne term en lever effisjinter.

De plasse fan in Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis).

Wannear't krokkedileftigen ûnder wetter binne, slacht har hert mar ien- of twaris de minút, en wurdt der net folle bloed nei de spieren ta pompt. As se boppe wetter komme om te sykheljen, begjint it hert fuortendaliks hurder te klopjen en ûntfange de spieren nij, soerstofryk bloed. Tradisjoneel waard derfan útgien dat krokkedileftigen op deselde wize sykhellen as sûchdieren, mei lucht dy't by in sike djip yn 'e longen trochkringt en dan wer fia itselde paad útazeme wurdt. Mar ûndersiken út 2010 en 2013 wiisden derop dat it sykheljen fan krokkedileftigen eins mear op dat fan fûgels liket, mei in luchtstream dy't yn in ienrjochtingslus troch de longen giet. By it swimmen en dûken brûke krokkedileftigen har longfolume mear foar driuwfermogen as foar soerstofopslach. Krekt foar't se kopke-ûnder geane, azemje se út om it longfolume lytser te meitsjen en in negatyf driuwfermogen te kreëarjen. Behalven dat se de noasters tichtknipe kinne, beskikke alle hjoeddeistige krokkedileftigen oer in saneamde palatale klep: in membraaneftige hûdflap yn 'e kiel dy't de luchtpiip en de slokterm ôfslút, sadat de bisten de bek ûnder wetter iepenje kinne sûnder dat se ferdrinke. De maksimale dûkdjipte fan krokkedileftigen is ûnbekend, dat dy is yn elts gefal grutter as 20 m.

De tosken fan krokkedileftigen binne ûngeskikt foar kôgjen of sels mar foar it snijen fan fleis. Dat betsjut dat se grutte hompen fleis, dy't se troch tapassing fan brute krêft fan in proaidier ôfskuord hawwe, yn ien stik trochslokke. It fretten komt earst yn in spiermage telâne, dêr't it stikken knette wurdt mei help fan hurde richels yn 'e maachwand en fan gastroliten, dat stiennen binne dy't de bisten trochslokke om by de spiisfertarring te helpen. Nei't it fretten foarbewurke is yn 'e spiermage, bedarret it yn 'e echte mage, dy't in sterker maachsoer befettet as de mage fan lykfol hokker oar wringedier. Krokkedileftigen hawwe in tige traach metabolisme, en wat kâlder har om-en-by, wat stadiger it giet. Se kinne tige lang (moannen) fêstje troch te tarren op it fet dat se fral yn har sturt opslane. Sels krokkedillejongen dy't noch mar koartlyn út it aai kommen binne, kinne al 58 dagen sûnder iten.

In reade kaaiman (Caiman yakare) tagelyk oan it sinnebaaien en oan it gapjen om ôf te kuoljen.

Kâldbloedigens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krokkedileftigen binne kâldbloedich en binne foar har termoregulaasje fierhinne ôfhinklik fan har om-en-by. It opnimmen fan 'e waarmte fan 'e sinne troch te sinnebaaien is foar har de wichtichste manear om op te waarmjen, wylst ûnderdompeling yn wetter de lichemstemperatuer ferheegje kin troch waarmtelieding of ferleegje kin as it wetter koeler is as de temperatuer fan 'e lucht. Krokkedileftigen yn 'e tropen sinnebaaie moarns koart en geane dan foar it meastepart fan 'e dei it wetter yn om net oerferhjit te reitsjen. Soms geane se by nacht oan lân om't it dan koeler is. Krokkedileftigen dy't yn 'e sinne lizze mar al oer de ideäle lichemstemperatuer hinne binne, gapje de bek iepen, sadat se in bytsje ôfkuolje kinne troch ferdamping fan flibe.

De Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis), dy't yn Noard-Amearika yn in gebiet libbet dêr't de winter bytiden froast bringe kin, bliuwt by sok waar ûnder wetter mei de sturt yn djip, minder kâld wetter en de noasters krekt boppe it wetteroerflak út. As der him op it wetter iis foarmet, ûnderhâlde Mississippy-alligators iisfrije wjekken om sykhelje te kinnen. Der binne gefallen bekend fan alligators dy't mei de snút yn it iis fêstfrearen. Undersyk hat útwiisd dat de lichemstemperatuer fan 'e bisten by sok winterwaar omleech gean kin oant 5 °C. Mar salang't se trochgean kinne mei sykheljen, skypje se dêr neat fan.

In seekrokkedil (Crocodylus porosus) bekomt even op it strân.

Krokkedileftigen hawwe in semy-akwatyske libbenswize, wat betsjut dat se sawol op it drûge as yn it wetter libje. It lêste oerlibjende skaai fan folslein terrestryske (op lân libjende) krokkedileftigen, de Melanezyske dwerchkrokkedillen (Mekosuchus), stoar út omtrint 1000 f.Kr. Dat wie koart nei't minsken har foar it earst fêstige hiene op Nij-Kaledoanje en de Nije Hebriden, dêr't dy bisten foarkamen, dat it kin net útsletten wurde dat har útstjerren feroarsake waard troch de minske.

Krokkedileftigen bewenje in ferskaat oan biotopen. Sa jouwe kaaimannen (Caimaninae spp.) de foarkar oan waarme troebele marren en puollen en steande sydwetters fan fluch streamende rivieren, útsein wat de glêdkopkaaimannen (Paleosuchus spp.) oangiet; dy bewenje koele, relatyf heldere fluch streamende rivierkes, faak yn 'e neite fan wetterfallen. De Sineeske alligator (Alligator sinensis) libbet yn trage, troebele rivieren dy't troch de alluviale flakten fan eastlik Sina streame. De Mississipy-alligator (Alligator mississippiensis) kin him tige goed oanpasse oan ferskillende habitats en komt foar yn moerassen, rivieren of marren mei helder of troebel wetter.

Gaviaaleftigen (Gavialoidea spp.) hâlde har, omreden fan har dieet fan fisk, op yn 'e puollen en steande sydwetters fan flugge rivieren. Echte krokkedileftigen (Crocodyloidea spp.) komme foar yn moerassen, marren en rivieren, mar kinne ek oerlibje yn brak wetter, lykas tijmûnings en mangrovesompen. Twa soarten, de seekrokkedil (Crocodylus porosus) en de skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus) bejouwe har ek op iepen see. Gjin inkele hjoeddeistige soarte krokkedileftige is noch folslein oan in libben yn see oanpast, hoewol't in grut tal útstoarne, fossile soarten dat wol wiene. De resintste dêrfan wie de Woodlarkkustgaviaal (Ikanogavialis papuensi), dy't foarkaam om it eilân Woodlark hinne yn 'e Salomonssee beëasten Nij-Guineä, en dy't 6,8 miljoen jier lyn útstoar.

It swimmen fan in Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus). Tink om 'e bewegings fan 'e sturt.

Klimatologyske faktoaren kinne ek ynfloed hawwe op 'e lokale fersprieding fan krokkedileftigen. Yn 'e drûge tiid binne kaaimannen gauris yn har beweging beheind ta djippe puollen yn rivieren dy't dan fierder hast drûchfalle, wylst yn 'e reintiid in grut part fan 'e savanne fan 'e Orinoco Llanos derûnder strûpt, sadat de bisten har dan wiid en siid ferspriede kinne oer wat earder drûch lân wie. De woastynkrokkedil (Crocodylus suchus), dy't û.m. yn 'e Sahara fan Mauretaanje foarkomt, libbet dêr foar it meastepart yn gûelta's (rotspuollen) en op rivierflakten, mar lûkt him yn it drûchste diel fan it jier werom yn grotten of ûndergrûnske hoalen om in simmersliep te hâlden. Behalven yn it wetter, bejouwe krokkedileftigen harsels ek geregeldwei op it drûge, benammen om te sinnebaaien. Fjouwer fan 'e lytste soarten hawwe it fermogen om yn beammen te klimmen op plakken dêr't de igge him troch tichte begroeiïng of steilens net foar sinnebaaien lient.

Krokkedileftigen binne treflike swimmers. By de fuortbeweging troch it wetter giet de sturt hinne en wer fan lofts nei rjochts en werom, en foarmet sa de oandriuwing. De poaten wurde ûnderwilens strak tebekteard tsjin it liif oan holden om wjerstân tsjin te gean. As it bist stopje moat, wurde de poaten wiidút pleatst. Wannear't it bist in bocht meitsje wol, stekt er de poaten oan ien kant út. Swimmen giet ornaris mei kalme, mar krêftige bewegings fan 'e sturt, mar as krokkedileftigen efterfolge wurde, of as se sels in proai efterfolgje, kinne se de faasje sterk opfiere.

De 'hege rin' fan in Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis).

Foar fuortbeweging op lân binne krokkedileftigen minder goed oanpast. Opmerklik foar wringedieren is dat se twa ûnderskate manearen fan rinnen hawwe: de "hege rin" en de "lege rin". Dat komt om't de poaten eins fan 'e sydkant fan it lichem sitte, ynstee dat se (lykas by bgl. sûchdieren) rjocht nei ûnderen wize. By de "lege rin" wurdt rûn mei de poaten fansiden útstekkend, wêrby't de bealch mar kwealk fan 'e grûn komt en de sturt yn syn gehiel oer de grûn meisleept wurdt. It smyt in oer de side geande, waggeljende foarm fan rinnen op, dy't net wanlyk is oan hoe't hagedissen en salamanders har fuortbewege. By de "hege rin" bûcht it bist syn poaten nei ûnderen ta, wat mooglik is troch in oanpassing yn it ankelgewricht. De bealch en it meastepart fan 'e sturt wurde dêrtroch sa'n 20–40 sm fan 'e grûn ôf tild en allinnich de sturtpunt sleept noch oer de grûn. It liket mear op hoe't sûchdieren en fûgels har fuortbewege, mar it lichem swalket noch hieltyd op in heupwidzjende wize fansiden. Hoewol't krokkedileftigen op it drûge trochstrings stadich binne, kinne se, as dêr ferlet fan is, dochs koarte sprintsjes lûke, wêrby't se in faasje fan 12–14 km/h helje kinne.

In brullende Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis).
In siizjende Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis).

Krokkedileftigen fokalisearje it measte fan alle reptilen. Foar kommunikaasje brûke se ferskate lûden, lykas brullen, balten, grânzgjen, gnoarjen, blaffen, siizjen, janken, gjalpjen en tsjirpjen. It berik en de hoemannichte fan 'e fokalisaasjes fariëarret nei soarte. Alligators en kaaimannen (Alligatoridae spp.) binne it lûdroftichst, wylst guon soarten krokkedillen (Crocodylidae spp.) tige swijsum binne.

Jongen begjinne yn it nêst al mei-inoar te kommunisearjen noch ear't se út it aai kommen binne. Undersyk hat oantoand dat wannear't der in licht klopjend lûd yn 'e neite fan it nêst makke wurdt, de noch ûnberne jongen dat lûd om bar werhelje. Nei't se út it aai kommen binne en it nêst ferlitten hawwe, produsearje de jongen spontaan of troch prikels fan bûtenôf gnoarjende lûden. As in jong him bedrige fielt, bygelyks trochdat der in rôfdier efter him oan sit of om't er fongen en oppakt wurde troch in minske, bringt er lûde, dragende alaarmgjalpen fuort, dêr't sels folwoeksenen dy't hielendal net oan dat spesifike jong besibbe binne, op reägearje troch der mei feart en faasje op ôf te stowen om 'e bedriging te neutralisearjen.

De kop fan in gaviaal (Gavialis gangeticus).

Healwoeksen krokkedileftigen fokalisearje in protte, benammen wannear't se jûns útinoar geane om te jeien en wannear't se moarns wer gearkloftsje foar beskerming by ljochtskyndei. Folwoeksenen deunby, wierskynlik de âlden, fokalisearje om 'e healwoeksen jongen te warskôgjen foar de oanwêzigens fan rôfdieren of opmerksum te meitsjen op 'e beskikberens fan fretten.

Behalven troch fokalisearjen kommunisearje krokkedileftigen ek mei oare foarmen fan akoestyk. By de saneamde 'kopklap' tilt in bist syn kop hielendal frij fan it wetter, iepenet de bek en klapt dy dan hommels wer ticht mei in bitende beweging dy't in lûde klap feroarsaket. Dat wurdt ornaris fuortendaliks folle troch in lûde bats yn it wetter, wêrby't de kop wer ûnder wetter ferdwynt. Guon soarten slane ek mei har sturt op it wetter. Mantsjes feroarsaakje yn 'e peartiid trillings yn it wetter troch har lichem beevje te litten. Dat kreëarret ynfrasoane lûden ûnder wetter, dêr't se wyfkes mei besykje oan te lûken en tagelyk rivalen mei ferdriuwe wolle.

In brilkaaiman (Caiman crocodilus) yn it wetter yn Kosta Rika.

Krokkedileftigen binne kognityf de meast komplekse fan alle reptilen. De mjitte en foarm fan har yntelliginsje komt mear oerien mei dy fan fûgels en sûchdieren as mei dy fan slangen, hagedissen en skyldpodden. Foarmen fan hâlden en dragen dy't foarhinne as unyk foar sûchdieren en fûgels beskôge waarden, binne yn 'e 2010-er jierren ek by krokkedileftigen ûntdutsen. Sa hawwe guon herpetologen waarnommen dat beskate krokkedileftigen dy't fûgels frette, har proaien lykje te lokjen troch tûkjes dêr't de fûgels ferlet fan hawwe om in nêst te bouwen, del te lizzen op plakken oan 'e wetterkant dy't gaadlik binne foar in oanfal. Oare saakkundigen lûke dy konklúzje lykwols yn twifel, en der moat noch mear ûndersyk nei dien wurde om op dit mêd ta in wittenskiplike konsensus te kommen. Dúdliker is dat yndividuën fan guon soarten soms gearwurkje by de jacht en dat jongen fan sawol alligators (Alligator spp;) as krokkedillen (Crocodylidae spp.) boartsje. Dat is waarnommen yn finzenskip en yn it wyld, en der wurdt sawol boarte mei foarwerpen as mei soartgenoaten fan deselde leeftyd.

Territorialiteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Folwoeksen krokkedileftigen binne ornaris sterk territoriaal en libje in solitêr bestean. De territorialiteit uteret him yn in ferdigening tsjin soartgenoaten fan gaadlike plakken om te sinnebaaien, geunstige plakken foar de jacht, oerwinteringsplakken en, yn it gefal fan wyfkes, nêstplakken en plakken dêr't de eigen jongen opgroeie. De mantsjes fan 'e seekrokkedil (Crocodylus porosus) ferdigenje gebieten mei de nêstplakken fan ferskate wyfkes it hiele jier rûn. Guon soarten krokkedileftigen fertoane út en troch sosjaal gedrach, benammen yn 'e drûge tiid, wannear't ferskate yndividuën of sels groepkes gearkloftsje yn it oerbleaune wetter.

In Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus) falt in blauwe gnoe (Connochaetes taurinus) oan by it oerstekken fan 'e rivier de Mara yn Kenia.

Fretten en jeien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krokkedileftigen binne karnivoaren, mar it krekte dieet ferskilt nei soarte en kin faak ôflaat wurde fan 'e foarm fan 'e snút. Soarten mei in tige smelle, ranke, lange snút en skerpe tosken, lykas de gaviaal (Gavialis gangeticus) en de Australyske krokkedil (Crocodylus johnstoni) binne oanpast oan it iten fan fisken, ynsekten en kreefteftigen, wylst soarten mei in hiel brede snút en stompe tosken, lykas de Sineeske alligator (Alligator sinensis) en de breedsnútkaaiman (Caiman latirostris) har talein hawwe op it fretten fan weakdieren mei hurde skulpen. Soarten mei tuskenbeiden snút en tosken, lykas de seekrokkedil (Crocodylus porosus) en de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis), binne opportunisten sûnder spesjalisearre dieet. Sokke bisten frette fan alles: fisken, amfibyen, oare reptilen, fûgels, sûchdieren en wringeleazen. Ferskate soarten krokkedileftigen binne fierders waarnommen by it fretten fan fruchten, wat betsjut dat se ek in rol hawwe kinne by de siedfersprieding.

Oer it algemien binne krokkedileftigen rôfdieren dy't oanfalle út in mûklaach wei, hoewol't jachtstrategyen ferskille nei soarte krokkedileftige en nei soarte proaidier. Terrestyske proaien wurde út it wetter wei beslûpt. De eagen, earen en noasters sitte by krokkedileftigen allegearre oan 'e boppekant fan 'e kop. Dat makket it makliker om proaien oer it mad te kommen, om't hast it hiele lichem ûnder wetter ferburgen bliuwe kin. De kop, en trouwens de hiele boppekant, fan in krokkedileftige hat in treflike skutkleur en kin maklik oansjoen wurde foar in driuwpôle of in stik hout. Wannear't de krokkedileftige, itsij hielendal ûnder wetter, itsij foar in part boppe wetter, deun genôch by kommen is, lansearret er himsels mei in pear krêftige slaggen fan 'e sturt hommels út it wetter. Hy grypt de proai stevich fêst mei syn tosken en skuort him it wetter yn, dêr't er him ûnder wetter fêsthâldt oant er ferdrinkt. Gaviaaleftigen en oare piskivoare (fiskslinende) soarten swimme om yn it wetter wylst se har lange smelle snút hinne en wer bewege. As se dêrby in fisk gewaarwurde, gripe se dy yn in refleks fêst. Sokke soarten hawwe ek it fermogen om út it wetter op te springen om krektlyk opspringende fisken, mar ek fûgels en flearmûzen út 'e loft te gripen. As se yn ûndjip wetter jeie, driuwe kaaimannen (Caimaninae spp.) fisken gear mei har kop en sturt. Se kinne ek yn 'e boaiem omgrave op 'e siik nei wringeleazen dy't dêr libje. Schneiders glêdkopkaaiman (Paleosuchus trigonatus) ferlit soms it wetter om op lân terrestryske proaien te bejeien.

In gaviaal (Gavialis gangeticus) hat in fisk fongen.

Krokkedileftigen kinne net kôgje en moatte dêrom har proai yn syn gehiel ferswolgje of him oars mei geweld yn hapkleare brokke skuorre. Lytsere proaien kinne deade wurde troch swypslach troch se hurd hinne en wer te skodzjen. Foar it útinoar skuorren fan gruttere proaien bite krokkedileftigen har fêst yn 'e proai en fiere dan in saneamde 'deadsrôle' út, wêrby't se ferskate kearen om har lingte-as draaie. It kin wêze dat se net út 'e fuotten kinne mei in proai (of ies) mei in tsjûke hûd. Dan wachtsje se oant de kadaver troch it ferrottingsproses makliker útinoar skuord wurde kin. Soms wurkje krokkedileftigen gear by it ferslinen fan in grutte proai: inkele yndividuën hâlde de proai dan beet mei har tosken, wylst in oarenien der in brok fleis út losskuort. Fretten dogge krokkedileftigen ornaris mei de kop boppe wetter. Der wurdt gauris sein dat krokkedileftigen wol fretten opslane foar letter, troch bygelyks in kadaver fan in proai ûnder wetter efter de woartels fan in beam te heakjen, mar wittenskippers hawwe dêr gjin hurd bewiis foar fine kind.

Aaien fan in Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus).

Krokkedileftigen binne yn 'e regel polygyn, wat betsjut dat mantsjes mei safolle mooglik wyfkes besykje te pearjen, wylst de wyfkes it by ien mantsje hâlde. Monogame (eksklusive) pearkes en polyandry (wêrby't wyfkes mei ferskate mantsjes pearje) binne dokumintearre by de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis), en partenogeneze, in foarm fan ûngeslachtlike fuortplanting wêrby't it wyfke sûnder tuskenkomst fan in mantsje genetyske kloanen fan harsels produsearret, komt foar by de skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus). Mar oer it algemien fêstigje en ferdigenje dominante mantsjes territoaria dy't oerlaapje mei de territoaria fan ferskate wyfkes. By guon soarten, lykas de Mississippy-alligator, besykje mantsjes wyfkes te lokjen mei yngewikkeld baltsgedrach. By sokke hofmakkerij kinne mantsjes en wyfkes bygelyks ominoar hinne swimme en byinoar lâns wriuwe. De eigentlike pearing, dy't oant in kertier duorje kin, fynt ek yn it wetter plak.

Alle krokkedileftigen binne ovipaar, wat sizze wol dat se, lykas fûgels, aaien lizze, wêryn't de jongen har bûten it lichem fan 'e mem ûntwikkelje oant se ree binne om selsstannich te oerlibjen. Ofhinklik fan 'e soarte leit it wyfke har aaien yn in gat dat se groeven hat en dêrnei wer mei ierde oerdekt, of yn in grutte nêstbulte dy't se opsmiten hat fan sân, planten en oar organysk materiaal. De nêsten fan ferskillende wyfkes wurde soms deun byinoar oanlein, fral by soarten dy't gatten grave. It tal aaien, dat 10-50 wêze kin, ferskilt nei soarte. De aaien fan krokkedileftigen binne ovaal lykas dy fan fûgels en hawwe in skaal fan kalk. De ynkubaasjeperioade berint 2–3 moannen. It geslacht fan 'e jongen wurdt bepaald troch de ynkubaasjetemperatuer fan 'e yndividuele aaien. As de temperatuer boppe de 32 °C leit, ûntsteane der mear mantsjes, wylst by nêsttemperatueren ûnder de 31 °C mear wyfkes ta ûntwikkeling komme. De measte nêsten fan krokkedileftigen produsearje jongen fan beide geslachten, mar nêsten mei in temperatuer dy't sa ekstreem is dat der allinnich mar jongen fan ien geslacht produsearre wurde, komme inkeld wol foar.

In Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) boppe-op har nêst mei njonken har in jong.

Krokkedileftigen binne ûngewoan mank reptilen fanwegen de briedsoarch dy't se biede. It nêst wurde fûleindich ferdigene troch de mem tsjin rôfdieren en oare bedrigings fan alderhanne soarte. Alle aaien yn in nêst komme faak yn ien-en-deselde nacht út. Ynstee dat de jongen op eigen manneboet mar út it nêst sjen moatte te kommen, helpt de mem by it útgraven, dêrta motivearre troch it ûndergrûnske piipjen fan 'e jongen. Neitiid nimt se de jongen hoeden en suver leafdefol yn 'e bek en draacht se nei it wetter ta. Se moat ornaris ferskate tripkes fan it nêst nei it wetter en werom meitsje om alle jongen te ferfieren. Ienris allegearre yn it wetter folgje de jongen fan krokkedileftigen de mem, dy't har ek dêr beskermet. Dat beskermjen hâldt trouwens net op by de mem: sawol manlike as froulike krokkedileftigen komme ôf op 'e fokalisearrings fan jongen, ek as it net om har eigen jongen giet, en wee dejinge dy't de lytse bistkes tenei komt. Fan wyfkes fan 'e brilkaaimen (Caiman crocodilus) is dokumintearre dat se har jongen soms gearbringe yn in soarte fan kres, dy't om bar bewekke en beskerme wurdt troch ien wyfke, sadat de oare wyfkes op jacht kinne.

De leeftyd wêrmei't jonge krokkedileftigen selsstannich oerlibje moatte en har eigen wegen geane, ferskilt nei soarte. By de Mississippy-alligator wurde groepkes jongen 1–2 jier lang beskerme troch folwoeksenen, wylst jongen fan 'e seekrokkedil (Crocodylus porosus) en de Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus) harsels mei in pear moannen al rêde moatte. De groei fan jonge krokkedileftigen hinget ôf fan 'e beskiberens fan fretten. Har geslachtsripens falt gear mei it berikken fan in beskate lichemsgrutte, en hat neat mei leeftyd út te stean. Sa binne de wyfkes fan 'e seekrokkedil geslachtsryp as se 2.20–2.50 m lang binne, en de mantsjes by in lingte fan 3 m. De Australyske krokkedil (Corocodylus johnstoni) is geslachtsryp by in lingte fan 1.40 m en de brilkaaiman by in lingte fan 1.20 m. Krokkedileftigen groeie har hiele libben troch en yndividuën fan 'e grutste soarten kinne sadwaande tige grut wurde. Fral âldere mantsjes wurde tige swier, mar dat gewicht uteret him mear yn omfang as lingte. Ofhinklik fan 'e soarte hawwe krokkedileftigen in libbensferwachting fan 35–75 jier.

In Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) yn it Nasjonaal Park De Everglades yn gefjocht mei in (eksoatyske) tigerpyton (Python molurus).

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krokkedileftigen binne grutte rôfdieren dy't net in protte natuerlike fijannen hawwe. Inkeld de jagûar (Panthera onca) spesjalisearret him yn Súd-Amearika op guon plakken yn it bejeien fan kaaimannen (Caimaninae spp.). Soms wurde jonge of healwoeksen krokkedileftigen ek opfretten troch in grutte wjirchslang, lykas in anakonda (Eunectes murinus). Mooglik dat de tiger (Panthera tigris) yn Aazje ek wolris in krokkedileftige grypt, mar foar de rest hâldt de ôfwearze foar wetter grutte katten (Pantherinae spp.) ornaris by krokkedileftigen wei. Oaljefanten (Elephantidae spp.) en it nylhoars (Hippopotamus amphibius) kinne bytiden, út selsferdigening of ta ferdigening fan har jongen, in krokkedileftige deadzje. Saakkundigen binne it der net oer iens oft kannibalisme in protte foarkomt by krokkedileftigen. Aaien en jongen dy't krekt út it aai kommen binne, steane bleat oan folle mear bedrigings, û.o. fan faranen (Varanidae spp.), martereftigen (Mustelidae spp.), mangoesten (Herpestidae spp.), stjonkdieren (Mephitidae), rôffûgels (Accipitriformes spp.) en grutte seefûgels (Laridae spp.).

N.B.: de ûndersteande list is ûnfolslein wat fossile taksons oangiet.

In jonge gaviaal (Gavialis gangeticus) yn it Wâldreservaat Kukrail yn Yndia.

Yn 2024 erkende de IUCN 25 (fan 'e 28) ûnderskate soarten krokkedileftigen. Dêrfan waarden 11 klassifisearre as bedrige soarten, ferdield oer trije tanimmende nivo's fan bedriigdheid:

Ek de trije soarten dy't doe (noch) net troch de IUCN erkend waarden, binne slim bedrige. Dêrby giet it om: de Borneokrokkedil (Crocodylus raninus), de Kongobreedkopkrokkedil (Osteolaemus osborni) en de Sintraalafrikaanske pânserkrokkedil (Mecistops leptorhynchus).

In warskôgingsboerd foar de oanwêzi-gens fan seekrokkedillen (Crocodylus porosus) by in oerflaktewetter yn Austraalje.

Ynteraksjes mei minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanfallen op minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: minskesliner foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

De measte soarten krokkedileftigen binne opportunistyske rôfdieren mei in grutte dy't it foar har mooglik makket om minsken as proai te sjen. Yn it wetter en oan 'e wetterkant binne se op har gefaarlikst, mar oanfallen kinne ek op it lân plakfine, bygelyks by it ferdigenjen fan in territoarium en by it beskermjen fan nêsten of jongen. De soarten dy't it meast as minskesliners bekend steane, binne de seekrokkedil (Crocodylus porosus) út Súd- en Súdeast-Aazje, noardlik Austraalje en Melaneezje, de Nylkrokkedil (C. niloticus) út Afrika, de moeraskrokkedil (C. palustris) út Súd-Aazje, de skerpsnútkrokkedil (C. acutus) út Midden-Amearika, it Karibysk Gebiet, de súdpunt fan it Floaridaskiereilân en it noardwesten fan Súd-Amearika, de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) út it súdeasten fan Noard-Amearika, en de swarte kaaiman (Melanosuchus niger) út it Amazônegebiet. Oare soarten dy't frij geregeldwei minsken oan lykje te fallen, binne de bultkrokkedil (Crocodylus moreletii) út eastlik Meksiko en it Jûkatanskiereilân, en de brilkaaiman (Caiman crocodilus) út Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika.

In warskôgingsboerd yn Floarida dat swimmen ferbiedt omreden fan 'e oanwêzigens fan Mississippy-alligators (Alligator mississippiensis).

Tusken 2010 en 2020 wiene der goed 1.300 dokumintearre oanfallen fan seekrokkedillen op minsken, wêrfan't krapoan 50% fataal ôfrûn (foar de minske). De Nylkrokkedil fierde yn deselde perioade mear as 1.000 dokumintearre oanfallen op minsken út, wêrfan't hast 70% fataal wie. De Mississippy-alligator foel yn dat desennium 127 kear minsken oan, wêrfan 6 kear (7,6%) mei deadlike ôfrin.

By de seekrokkedil binne de grutte mantsjes oer it algemien ferantwurdlik foar deadlike oanfallen. De measte oanfallen binne op swimmers en op angelders dy't oan 'e mul ta yn it wetter steane, hoewol't sommige oanfallen op lân plakfine. Soms falle seekrokkedillen ek boaten oan, mar yn sokke gefallen lykje se it net foarsjoen te hawwen op 'e minsken yn 'e boat. Ynstee giet it dan almeast om territoriale bisten dy't de boat sels as in ynkringer beskôgje. De Nylkrokkedil wurdt sjoen as it gefaarlikste rôfdier fan Afrika, mei't er sawol in protte foarkomt as in tige grut ferspriedingsgebiet hat. Yn Afrika besteane noch in protte gebieten sûnder wetterlieding, dêr't de lju foar har wetterbehoeften ôfhinklik binne fan oerflaktewetters. De measte slachtoffers fan 'e Nylkrokkedil binne dan ek minsken dy't oan 'e igge fan rivieren drinkwetter helje, harsels of har klean waskje of de ôfwask dogge. De Mississippy-alligator wurdt beskôge as folle minder agressyf as krokkedillesoarten, mar trochdat hieltyd mear minsken har yn of oan 'e râne fan 'e Everglades yn súdlik Floarida nei wenjen sette, komme se ek hieltyd faker mei alligators yn kontakt. Statistysk sjoen is dat freegjen om swierrichheden.

Skuon fan krokkedillelear.

Bejaging en fokkerij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krokkedileftigen wurde al sûnt minskewitten troch de minske bejage foar har hûd, fleis en bonken. De hûd wurdt lear fan makke, dat brûkt wurdt foar de produksje fan fuotark, hântaskes, jassen, beurzen en withoefolle oare gebrûksfoarwerpen. It fleis is bedoeld foar minsklike konsumpsje en wurdt yn guon dielen fan 'e wrâld as in delikatesse beskôge. Nei't it skynt liket de smaak fan krokkedillefleis sterk op dy fan hinnefleis. De bonken, tosken en preparearre koppen fan krokkedileftigen wurde ferkocht as sûvenirs, en ferpoeiere bonken, organen en lichemsfloeistoffen wurde ek brûkt yn tradisjonele genêskunde.

In beurs fan krokkedillelear.

Om benammen de beskikberens fan it djoere krokkedillelear te fergrutsjen, binne yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw krokkedillefokkerijen ûntstien, dêr't krokkedileftigen yn finzenskip holden en grutbrocht wurde om úteinlings slachte te wurden foar de hûd. Hoewol't de ynternasjonale hannel yn (dielen fan) krokkedileftigen foar it meastepart ferbean is ûnder de bepalings fan it CITES-ferdrach, binne de bisten op krokkedillefokkerijen opnommen ûnder Taheakke II fan dat ferdrach, dy't in strange regulearre foarm fan ynternasjonale hannel tastiet. De ûnderfining mei de alligatorfokkerijen yn 'e súdlike steaten fan 'e Feriene Steaten is dat it bestean fan sokke bedriuwen op twa ûnderskate manearen in positive útwurking hat op 'e stân wylde Mississippy-alligators: yn it foarste plak is de streuperij fan wylde alligators sterk belune trochdat alligatorlear út 'e fokkerijen no rûnom beskikber is, en oard is it sa dat de fokkerijen in reservoir fan alligators foarmje dêr't guon fan útset wurde kinne yn it wyld yn kontreien dêr't se net mear foarkomme of dêr't de wylde populaasje fuortsterke wurde moat.

Drûge alligatorkoppen wurde ferkocht as sûvenir.

Ferskate soarten krokkedileftigen wurde ek as eksoatyske húsdieren holden yn lannen dêr't soks, oars as yn 'e Jeropeeske Uny, tastien is. Sokke bisten lykje miskien skattich as se jong binne, mar dat stadium ûntgroeie se al gau en dan wurde se grut, djoer yn it ûnderhâld en boppedat gefaarlik foar de eigner. In protte lju dy't in krokkedileftige as húsdier nimme, tinke net foarút en binne der op in stuit raar mei oan. De wenstige oplossing is dan om it bist op ûnferantwurdlike wize yn it wyld los te litten. Op plakken dêr't it klimaat te kâld is, sil it bist dat net oerlibje, en op plakken dêr't it klimaat waarm genôch is, ûntsteane op sa'n manear populaasjes ynvasive eksoaten dy't dêr net thúshearre en skea tabringe oan 'e lânseigen fauna. Sa komt de brilkaaiman (Caiman crocodilus) út Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika no ek foar op Porto Riko, op it Isla de la Juventud yn Kuba en yn 'e Everglades yn it suden fan it Floarida.

In reliëf fan 'e mei in krokkedillekop foarstelde Egyptyske god Sobek.

Yn 'e minsklike kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krokkedileftigen hawwe lang in foaroansteande rol spile yn 'e ûnderskate minsklike kultueren. It tinken is dat har uterlik bydroegen hat oan 'e folkloare omtrint draken. Yn 'e Egyptyske mytology waarden sawol Ammit, de fersliner fan ûnweardige sielen, as Sobek, de god fan 'e macht, beskerming en fruchtberens, ôfbylde mei in krokkedillekop. Dêrút sprekt dat de Alde Egyptners de Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus) seagen as in skriklike beskermer en as in wichtich ûnderdiel fan it ekosysteem fan 'e Nyl. De Nylkrokkedil wie ien fan ferskate bisten dy't troch de Egyptners mummifisearre waard.

Yn Afrika besuden de Sahara waarden krokkedillen yn it prekoloniale tiidrek gauris assosjearre mei wettergeasten of -godheden. Yn it Alde Testamint fan 'e Bibel soe de mytyske leviatan dy't yn it boek Job beskreaun wurdt, skoan op in krokkedil basearre west hawwe kinne. Yn Meso-Amearika hiene de Azteken in krokkedillegod fan 'e fruchtberens dy't Cipactli hiet en dy't sjoen waard as de beskermer fan 'e rispinge. De Maya's ferearen ek krokkedillegoaden en leauden dat de wrâld ûnderstipe waard op 'e rêch fan in reuseftige swimmende krokkedil.

De ôfbylding fan wat in krokkedil foarstelle moat yn it Bestiarium fan Rochester út 'e lette 13e iuw.

Yn 'e folksferhalen fan Ynje spilet de gaviaal (Gavialis gangeticus) in foarname rol. Yn Noard-Amearika hawwe sawol de Yndianen as de Afro-Amerikanen út it Amerikaanske Suden folksferhalen oer de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis). In ferhaal út 'e Dreamtiid fan 'e Australyske Aboriginals giet oer in krokkedillefoarâlder dy't as iennichste de beskikking oer fjoer hie, oant in 'reinbôgefûgel' in baarnende prikke stiel en dy oan 'e minsken joech. De krokkedil, benaud dat minsken him mei it fjoer tenei komme soene, besleat om yn it ferfolch yn it wetter te libjen, dêr't er feilich wie foar flammen.

Krokkedileftigen hawwe altyd al in fasinearjend ûnderwerp west foar minsklike skriuwers, hoewol't de beskriuwings fan sokke bisten út 'e Aldheid en de Midsiuwen faak mear op oannames as op 'e wurklikheid basearre wiene. Sa woe de Aldgrykske histoarikus Herodoatus (484425 f.Kr.) hawwe dat de Nylkrokkedil faak mei de bek iepen lei (eins in manear om ôf te kuoljen), sadat in fûgel dy't er de trochilus neamde (mooglik de krokkedilwachter, Pluvianus aegyptius) him bloedsûgers út 'e bek helje koe. En neffens de Moarske wittenskipper Isidoarus fan Sevilla (560636) koene krokkedillen deade wurde troch fisken mei kartele rêchfinnen dy't dwers troch de "sêfte" bealch hinne sniene.

In yllustraasje by it koarte ferhaal The Elephant's Child yn 'e Just So Stories fan Rudyard Kipling út 1902, dat útleit hoe't de oaljefant oan syn lange noas komt.

It idee fan "krokkedilletriennen" (in sprekwurdlike oantsjutting foar ûnoprjocht berou, te witten: foar de dea fan harren slachtoffers) bestiet al sûnt de Biblioteka fan patriarch Fotius I fan Konstantinopel (815893). It rekke yn 1400 húsriem yn West-Jeropa nei in beskriuwing troch de Ingelske ûntdekkingsreizger John Mandeville. Eins giet it by "krokkedilletriennen" om in ôfskieding út klieren yn it trêde eachlid, dy't it each skjin hâldt. As krokkedileftigen op 'e wâl lizze te sinnebaaien en har hûd opdrûget, kin de wiete útskieding by de eagen waarnommen wurde.

Krokkedileftigen komme ek faak foar yn moderne berneferhalen, lykas The Enormous Crocodile (1979) fan Roald Dahl en The Odd Egg (2008) fan Emily Gravett. Yn 'e roman Peter and Wendy (1911) fan J.M. Barrie ferliest kaptein Heak syn hân oan in krokkedil. Yn 'e Just So Stories (1902) fan Rudyard Kipling wurdt yn it ferhaal The Elephant's Child útlein hoe't de oaljefant oan syn lange noas komt: dy is útrutsen rekke doe't in krokkedil der ris hiel hurd oan skuorde.

Natoerbeskermer Steve Irwin mei in krokkedil by in demonstraasje yn syn dieretún Australia Zoo.

Wannear't krokkedileftigen yn films foarkomme, wurde se faak foarsteld as gefaarlike obstakels, lykas yn in memorabele sêne yn 'e James Bond-film Live and Let Die (1973) mei Roger Moore, wêryn't spion James Bond troch in megalomane smjunt fêstset wurdt op in eilantsje midden yn in krokkedilleferbliuw op in fokkerij. Hy ûntkomt op ûnwierskynlike wize troch in rige krokkedillen as stapstiennen te brûken om hielhûds it omjaande wetter oer te stekken. Yn 'e romantyske komeedzje Crocodile Dundee (1986) is it titelpersonaazje, spile troch Paul Hogan, in Australyske krokkedillejager dy't oan syn namme komt trochdat er de oanfal fan in seekrokkedil (Crocodylus porosus) oerlibbe hat. Yn 'e film liedt er in Amerikaanske sjoernaliste (Linda Kozlowski) rûn troch de Outback, dêr't er har libben rêdt wannear't sy op in stuit oan 'e wetterkant oanfallen wurdt troch in seekrokkedil.

Yn guon horrorfilms binne krokkedileftigen gemiene meunsterlike minskesliners. Foarbylden fan dat soarte film binne: Eaten Alive (1977), Alligator (1980), Lake Placid (1999), Crocodile (2000), Primeval (2007) en Black Water (2007). Yn 'e regel einiget it ferhaal mei de dea fan it meunster. Guon media hawwe besocht om krokkedileftigen yn in positiver en edukativer ljocht te pleatsen, lykas The Crocodile Hunter, de natoerdokumintêresearje dêr't de te jong ferstoarne Australyske natoerbeskermer Steve Irwin yn 'e iere 2000-er jierren ferneamd mei waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 541.
  2. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 371.
  3. 1 2 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1018..

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.