Kroeskoppilekaan
| Kroeskoppilekaan | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pelecanus crispus | ||||||||||||
| Bruch, 1832 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De kroeskoppilekaan (Pelecanus crispus) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kroeskoppilekanen wurde 160 oant 180 sm lang en ha in spanwiidte fan 270 oant 350 sm. Hy hat in meast wyt fearrekleed mei op 'e krún krollige fearren. De wjukken binne ek wyt, mar de rânen fan 'e slachpinnen kinne griis of swart wêze. De soarte hat in ljochte iris, in oranjereade kielsek en grize poaten. It fearrekleed fan beide skaaien binne allyk.
Se ha in soad fan 'e rôze pilekaan, dy't ek in wyt fearrekleed hat, mar hielendal swart earm- en hânpinnen hat. De rôze pilekaan hat boppedat in donkere iris mei om it each bleate rôze hûd, in giele kielsek en fleiskleurige poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn Súdeast-Europa, Lyts-Aazje, Sintraal-Aazje en East-Aazje foar. Kroeskoppilekanen binne trekfûgels. Europeeske fûgels trekke nei it eastlike diel fan 'e Middellânske See en de fûgels út Ruslân en Sintraal-Aazje oerwinterje yn Iran, Irak en it Yndiaaske subkontinint en de Mongoalske fûgels oan kusten fan Sina.
Yn it ferline wie it leefgebiet fan 'e soart grutter. De fûgel kaam yn grutte dielen fan Europa foar.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat eartiids ek yn Nederlân bret, yn alle gefallen oant yn 'e Romeinske tiid mar fanwegen in archeologyske fynst út de 15e iuw nei alle gedachten ek noch folle langer. Ut spoaren op bonkjes witte wy dat der op 'e fûgels jage waard. Der binne lykwols te min resten oantroffen om mei wissens konklúzjes oer de oanwêzigens fan 'e fûgel te lûken.
Hjoed-de-dei wurde der út en troch swalkers waarnommen, fakentiden bisten dy't út dieretunen ûntsnapt binne. Der wurdt ûndersyk dien nei de mooglikheid om de soarte yn gebieten lykas de Iselmar en de Biisbosk te weryntrodusearjen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It iten fan 'e kroeskoppilekaan bestiet út fisk en se ha alle dagen minstens ien kilo fisk nedich. Se wurkje gear troch yn in heale sirkels te swimmen en sa fisk byinoar te driuwen om se op it lêst op te skeppen.
Se briede yn tichte koloanjes yn swietwettersompen. Jonge fûgels fan trije oant fjouwer wiken wurde ûnderbrocht yn in kres. De âlden hâlde dêr gjin tafersjoch op, mar fuorje se noch wol. As de jonge fûgels in moanne âld binne, fleane se foar it earst en nei seis wiken kinne se sels foar iten soargje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei in foarse delgong yn 'e 19e en 20e iuw waarden de oantallen fan 'e soarte tusken 10.000-20.000 fûgels rûsd. De bekende koloanjes yn Europa lizze yn natuergebieten en wurde goed beskerme. Bûten Europa hat de fûgel te meitsjen mei oantaasting fan it habitat troch de oanlis fan ynfrastruktuer oan 'e kust en wetterfersmoarging. Ek de jacht en it oerbefiskjen bedriigje de soarte.
Yn Grikelân, Albaanje, Montenegro, Jeropeesk Ruslân, Roemeenje en Bulgarije binne de oantallen tanommen. De grutste oantallen binne yn Kazachstan, Ruslân en Grikelân te finen. De totale Europeeske populaasje wurdt op 3.000-3.600 pearen (BirdLife International 2015) rûsd. De Mongoalske populaasje bliuwt ôfnimmen en is hast útstoarn.
Dêrfandinne stiet de soarte sûnt 2017 net mear as kwetsber, mar as hast bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Pilekaan
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan

