Springe nei ynhâld

Kroanljip

Ut Wikipedy
kroanljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaailjippen (Vanellus)
soarte
Vanellus coronatus
Boddaert, 1783
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De kroanljip (Vanellus coronatusis) in fûgel yn it skaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

De kroanljip wurdt 29 oant 31 sm lang en is in meast sânbrune ljip. Karakteristyk is syn swarte kroan ûnderbrutsen troch in wite diadeem. Sawol de snaffelbasis as de poaten binne rôzeread. It sânbrune boarst wurdt skieden fan 'e wite búk troch in smelle swarte bân.

De soarte komt foar yn it easten en suden fan Afrika en wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Trijke.

Kroanljippen libje yn iepen gebieten mei koart gers, savannes en lânbougebieten, dêr't se goed sicht ha en ynvertebaten fine kinne.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte wat ôfnimme, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: