Springe nei ynhâld

Kroankraanfûgels

Ut Wikipedy
Kroankraanfûgels
Swarte kroankraanfûgel
Swarte kroankraanfûgel
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famylje:kraanfûgels (Gruidae)
ûnderfamylje:kroankraanfûgels (Balearicinae)
W.L. Sclater, 1925
skaaikroankraanfûgels (Balearica)
Brisson, 1760

De kroankraanfûgels (Balearica) foarmet in fûgelskaai út de famylje kraanfûgels (Gruidae). It skaai bestiet út twa soarten: de swarte kroankraanfûgel (Balearica pavonina) en de grize kroankraanfûgel (Balearica regulorum).

De noch besteande twa soarten komme yn Afrika súdlik fan 'e Sahara foar. It binne de iennige kraanfûgels dy't harren nêsten yn beammen bouwe kinne. Dat is ek ien fan 'e redenen dat tocht wurdt dat de relatyf lytse kroankraanfûgels in soad lykje op 'e foarâlderlike leden fan 'e kraanfûgels.

Lykas alle kraanfûgels ite se ynsekten, reptilen en lytse sûchdieren.

It skaai waard troch de Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson yn 1760 mei de swartekroankraanfûgel as de typesoarte fêstlein. De namme stamt fan it Latynske Baliaricus, itjinge "fan 'e Balearen" betsjut, mar de fûgels hawwe dêr neat mei út te stean.

OfbyldWittenskiplike
namme
Fryske nammeFerspriedingStatus/
Trend
Balearica pavonina
twa ûndersoarten:
B. p. pavonina
B. p. ceciliae
swarte kroankraanfûgelkwetsber
[1]
Balearica regulorum
twa ûndersoarten
B. r. gibbericeps
B. r. regulorum
grize kroankraanfûgelbedrige
[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: