Kristus-Ferlosserkatedraal (Kaliningrad)

Ut Wikipedy
Kristus-Ferlosserkatedraal
Храм Христа Спасителя
Lokaasje
lân Ruslân
plak Kaliningrad
koördinaten 54° 43' N 20° 30' E
Arsjitektuer
arsjitekt Oleg Kopylov
boujier 1996-2006
Kaart
Kristus-Ferlosserkatedraal (Kaliningrad)
Kristus-Ferlosserkatedraal

De Kristus-Ferlosserkatedraal (Russysk: Храм Христа Спасителя; Chram Christa Spasitelja) is mei 73 meter it heechste bouwurk fan 'e Russyske stêd Kaliningrad en tagelyk de grutste tsjerke fan 'e oblast Kaliningrad. Sûnt 31 maart 2009 is it ek de haadtsjerke fan it otterdokse bisdom Kaliningrad.

Skiednis fan 'e otterdoksy yn it eardere Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Healwei de 17e iuw ûntstie troch flechtlingen út de Poalsk-Litouwske Uny in earste otterdokse mienskip yn it hartochdom Prusen. Yn 'e rin fan 'e twadde helte fan 'e selde iuw kamen der yn ferskate East-Prusyske stêden otterdokse mienskippen en yn 1680 hat der yn it doetiidske Königsberg in otterdokse tsjerke stien. Doe't yn 1758 yn 'e Sânjierrige Kriich Russyske troepen Königsberg binnen teagen, wiene der al meardere otterdokse tsjerken yn East-Prusen. Mei de ûndertekening fan 'e Frede fan Sint-Petersburch kaam op 5 maaie 1762 in ein oan 'e Sânjierrige Kriich en oan 'e Russyske oanwêzigens yn East-Prusen. Mei waarden ek de otterdokse kongregaasjes ûntbûn. Oant 1945 bleau it hjoeddeiske gebiet fan Kaliningrad in diel fan East-Prusen, dat by Dútslân hearde.

It oplibjen fan de Otterdokske Tsjerke yn Kaliningrad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 25 febrewaris 1985, yn in tiid dat fan 'e antyreligieuze Sovjet-polityk de skerpste kanten ôf wiene, karde de ried fan Kaliningrad it beslút goed om in otterdokse mienskip yn Kaliningrad te registrearjen, dat folge waard troch de tastimming fan hegere oerheden. De mienskip krige in boufal fan 'e eardere Luterske Tsjerke fan Juditten yn 'e bûtenwiken fan Kaliningrad tawiisd foar it fieren fan 'e earetsjinst, dy't yn seis moannen tiid troch de mienskip ferboud waard ta de hjoeddeiske Nikolaastsjerke. De nije parochy foel doe noch ûnder it bisdom Smolensk. De Otterdokse Tsjerke libbe op en it tal otterdokse mienskippen groeide sa hurd, dat bouwurken lykas âlde skoallen of pakhûzen no geskikt wurde moasten om as otterdokse tsjerke te tsjinjen.

It bisdom Kaliningrad waard op 31 maart 2009 troch opdieling fan it eardere bisdom Smolensk en Kaliningrad oprjochte. Op it stuit fan 'e opsplitsing bestie it nije bisdom Kaliningrad út fjouwer dekenaten en 75 parochy's.

De bou fan de katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur.

De ynwenners fan 'e stêd joegen per referindum yn 1995 tastimming foar de bou fan in tsjerke op it Oerwinningsplein. De earste stien waard op 23 juny 1996 troch de doedestiidske presidint Boris Jeltsin lein. It bouwurk bestiet út in boppetsjerke en dêr ûnder in lytsere gebedsromte. De ynwijing fan 'e boppetsjerke ta eare fan 'e Opstanning fan Jezus Kristus fûn yn it bywêzen fan Vladimir Pûtin en patriarch Aleksius II yn it ramt fan it jubileum fan 'e oblast Kaliningrad op 23 juny 1996 plak. De ûndertsjerke waard op 27 septimber 2007 troch de metropolyt fan it bisdom Smolensk en Kaliningrad en de lettere patriarch Kirill I ynwijd.

De katedraal is 73 meter heech, 31 meter lang en like breed en jout plak oan 3.000 minsken.

By de katedraal waard yn 2010 de lytsere Tsjerke fan de Hilligen Peter en Fevronia boud. Dy tsjerke, ek in ûntwerp fan Oleg Kopylov, hat twa koepels en is fierder yn 'e selde styl holden.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kristus de Ferlosserkatedraal, Kaliningrad fan Wikimedia Commons.