Kristlike grifformearde tsjerke (Feanwâlden)
| Kristlike grifformearde tsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Stasjonswei 3 | |
| koördinaten | 53° 14' N 5° 59' E | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | H. van der Kwast | |
| boujier | 1937 | |
| Webside | ||
| Side fan de gemeente | ||
| Kaart | ||
De Kristlike grifformearde tsjerke oan de Stasjonswei yn is in tsjerkegebou fan de kristlik-grifformearde gemeente yn Feanwâlden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard boud yn 1973 foar de kristlik-grifformearde gemeente fan Feanwâlden. Arsjitekt wie H. van der Kwast. Oarspronklik stie op it plak Hotel Schoonoord, dêr't de kristlik-grifformearden noch in skofke yn tsjerken ear't hja ta nijbou oergyngen.
Oarspronklik hiene de kristlik-grifformearden harren tsjerke oan de Boargemaster Faberwei, mar nei in skuorring yn 1954 dielde de gemeente har op yn in âld-grifformearde gemeente en in kristlik-grifformearde gemeente. De âld-grifformearden holden it tsjerkje oan de Boargemaster Faberwei en de kristlik-grifformearden ferhûzen nei in seal fan Hotel Schoonoord, dat letter yn de jierren 1972-1973 sloopt wurde moast foar de nijbou fan de tsjerke.
Sûnt 2012 wurkje de Feanwâldster kristlik-grifformearden gear mei de frijmakke grifformearden fan Noardburgum.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard oarspronklik foar de Fonteintsjerke yn Bûtenpost boud troch de oargelmakkerij Pels & Soannen en yn 1997 oernommen troch de kristlik-grifformearde gemeente.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
