Kristlike Muzykferiening Hallelujah (Makkum)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kristlike Muzykferiening Hallelujah
Christelijke Muziekvereniging Hallelujah
algemiene ynformaasje
ôfkoarting CMO Hallelujah
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd hafabra
fêstige yn Makkum (Fryslân)
oprjochte 1894
tal leden ~80
offisjele webside
www.hallelujahmakkum.nl

Kristlike Muzykferiening "Hallelujah" (Nederlânsk en offisjeel: Christelijke Muziekvereniging "Hallelujah") is in muzykkorps op kristlike grûnslach yn it Fryske doarp Makkum. De feriening waard formeel op 19 oktober 1894 oprjochte, mar bestie eins al langer. Yn 1894 waard nammentlik de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OMF) oprjochte, en doe koene "wylde" muzykkorpsen har dêrby oanslute. De offisjele registraasje by de OMF gou dan as de formele oprjochtingsdatum. Hallelujah wie it twadde muzykkorps yn Makkum, njonken it sekuliere Apollo.

Anno 2019 bestie Hallelujah út in drumband, in harmony-orkest en jeugdorkest "De Notenkrakers". Der wiene doe likernôch tachtich leden. It hichtepunt fan it jier wie foar Hallelujah al sûnt 1977 it nijjierskonsert, dat altyd yn 'e earste wike fan jannewaris plakfûn. Wylst in soad oare muzykkorpsen mei krimp fan it tal leden te krijen hawwe, wie it ledetal fan Hallelujah yn 2019 stabyl, mei in goede besetting fan De Notenkrakers dêr't oanhâldend nije leden út trochstreamden nei it harmony-orkest. Dat gie net fansels, mar wie it gefolch fan aktive kweek troch Hallelujah, troch geregeldwei by de basisskoallen yn it doarp del te gean om 'e skoalbern yn kontakt te bringen mei muzykynstruminten en se entûsjast te meitsjen foar it korps.

Yn 2019 fierde Hallelujah syn 125-jierrich bestean mei yn april in kampeartrip foar de leden nei Belgje, dêr't Hallelujah kunde hie oan in pleatslik muzykkorps, en op sneon 19 oktober in optocht troch Makkum. Dêroan die net inkeld Hallelujah sels mei, mar ek seis korpsen fan bûten it doarp: de drumfanfare fan 'e Kristlike Muzykferiening Hallelujah út Menaam, de malletband fan 'e Kristlike Muzykferiening Oranje út Boalsert, Drumband De Marko's út Burgum, drumkorps mei blazers Con Spirito fan De Jouwer, Showband Hollandia út Boalsert en Showband Hosanna út Harns. Dy jûns wie der in jubileumkonsert yn MFC Maggenheim, dêr't de bekende sjonger Piter Wilkens syn meiwurking oan ferliende.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Walda, Wim, Judith van Lavieren: "Jubilerend Hallelujah Makkum heeft een luxepositie", yn: GrootBolsward-IJsselmeerkust, novimber 2019, s. 27.