Springe nei ynhâld

Kristlik-Histoaryske Uny

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kristlik Histoaryske Uny)
Logo út omtrint 1950

De Kristlik-Histoaryske Uny (Nederlânsk: Christelijk-Historische Unie, CHU) is in politike partij dy't ûntstie yn 1908 by de fúzje fan de Kristlik Histoaryske Partij (CH-Partij) en it Bûn fan Kiesferienings op Kristlik Histoaryske Grûnslach yn Fryslân.

It wichtichste útgongspunt fan de CHU is, dat by de útoefening fan it gesach yn de steat datjinge dat yn de bibel stiet, liedingjaand is en toetsstien is, los fan persoanen dy't fan oerheidswege beklaaid binne. Lange tiid hat benammen de Súdwesthoeke fan Fryslân, dêr't ek de Nederlânsk Herfoarme tsjerke in sterke posysje hie, in bolwurk fan de CHU west. De oanhing yn Fryslân slonk lykwols fan hast 16% by de Keamerferkiezings fan 1956 nei 10,9% yn 1972. Neist lanlike tendinzen as polarisaasje en de-konfesjonalisearring wie yn Fryslân de ûntfolking fan de CHU-gebieten in grutte faktor.

Op gemeentlik nivo is de sterke posysje fan de CHU oantaasten troch it súkses fan de FNP by gemeenteriedsferkiezings: yn midden-Fryslân benammen yn 1970, yn de Súdwesthoeke mear yn 1974. Nei de Steatenferkiezings fan 1970 en by dy fan 1974 wurke de CHU gear mei KVP en ARP as CDA dêr't it yn 1980 en yn opgien is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: