Kristen-nasjonalisme
Kristen-nasjonalisme (ek stavere as kristennasjonalisme en soms foutyf kristlik nasjonalisme neamd) is in foarm fan nasjonalisme op religieuze grûnslach. Dizze streaming leit him ta op it útdragen fan noarmen en wearden dy't beskôge wurde as tradisjoneel ferbûn mei it kristendom, hoewol't se net needsaaklikerwize oerien hoege te kommen mei de lear fan Jezus Kristus yn it Nije Testamint fan 'e Bibel.
Kristen-nasjonalisten ferbine de nasjonale identiteit fan in folk en/of fan in lân mei wat sy sjogge as it wiere kristendom, dat yn harren optyk polityk en sosjaal konservatyf is. Faak omfetsje harren ideeën eleminten as religieus fûnemintalisme, in letterlike útlis fan 'e Bibel, antysemitisme, islamofoby, homofoby, transfoby, anty-feminisme, anty-abortus-ideology, anty-kommunisme, anty-sosjalisme en/of anty-syndikalisme. Harren doel is om dy ideeën dominant te meitsjen yn it politike, kulturele en maatskiplike libben fan harren lân, of, as se dat al binne, om dy dominânsje te behâlden. Yn lannen dêr't in steatstsjerke bestiet, wolle kristen-nasjonalisten de status fan 'e kristlike steat bewarje en de ynfiering fan skieding fan tsjerke en steat foarkomme.
Kristen-nasjonalisme is benammen bekend út 'e Feriene Steaten. Amerikaanske kristen-nasjonalisten leauwe, en drage it idee út, dat de Feriene Steaten in lân foarmje dat (letterlik) troch God skepen is om in kristlike naasje te wêzen. Behalven alle boppeneamde eleminten omfettet Amerikaansk kristen-nasjonalisme ek rasisme tsjin swarten, Latino's en ymmigranten, neoliberale politike ideeën, it oanhingjen fan it rjocht op frij wapenbesit, in ôfkear fan oerheidsynminging yn it libben fan gewoane boargers en in dúdlike foarkar foar in sa lyts mooglike oerheid. Sûnt de 2010-er jierren binne ek gearspanningsteoryen lykas QAnon der yn opnommen. It Amerikaanske kristen-nasjonalisme wie fan grut belang by de werferkiezing fan Donald Trump ta presidint fan 'e Feriene Steaten yn 2024. In bekende kristen-nasjonalist wie de aktivist Charlie Kirk, dy't yn 2025 by in moardoanslach deasketten waard.
Dêrnjonken komt kristen-nasjonalisme ek in protte foar yn Eastjeropeeske lannen, lykas Ruslân, Poalen, Servje, Hongarije en de Oekraïne. Yn West-Jeropa is it fral wichtich yn Finlân. Yn Nederlân is kristen-nasjonalisme, mei troch it tige sekularisearre karakter fan 'e Nederlânske maatskippij, mar in marzjinaal ferskynsel sûnder folle oanhing, hoewol't guon tinkbylden fan 'e SGP, in partij dy't yn 'e Twadde Keamer de swiere grifformearden fertsjintwurdiget, as kristen-nasjonalistysk oantsjut wurde kinne.
De wichtichste krityk op it kristen-nasjonalisme is dat it benammen bedoeld liket te wêzen om minsken bûten te sluten dy't net ta de eigen etnyske groep hearre, in oare religy as it kristendom belide of in oare ynfolling oan it kristendom jouwe. Dr. Anthea Butler, heechleararesse religieuze stúdzjes oan 'e Universiteit fan Pennsylvania, omskreau kristen-nasjonalisme sa: "It pleatst de leafde foar jins heitelân en politike aksje boppe God, en giet derfan út dat God it iene lân befoardielet oer it oare."[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
