Krypetski-kleaster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kripetsky-kleaster)
Krypetski-kleaster

Крыпецкий монастырь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Pskov
plak Pskov
koördinaten 57° 59' N 28° 29' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1485
opheffing 1918
weriepening 1990
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 601420303230006
Webside
krypetsy.ru
Kaart
Krypetski-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Krypetski-kleaster

It Krypetski-kleaster, offisjeel it Kleaster fan Sint-Jehannes de Evangelist (Russysk: Крыпецкий Иоанно-Богословский монастырь; transliterearre: Krypetski Ioanno-Voroslovski Monastir) is in otterdoks kleaster op likernôch twaëntwintich kilometer fan Pskov, yn 'e oblast Pskov, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn 1485 yn 'e moerassen stifte troch de Servyske muonts Savva Kripetski. Fan Savva is net folle bekend, útsein dat hy fan 'e Berch Atos kaam. Hy wenne earst yn it Snetogorski-kleaster fan 'e Berte fan 'e Mem fan 'e Jongfaam, net fier fan 'e stêd Pskov ôf, mar socht dêrnei leaver de stilte en de iensumens op. Savva's kleaster wie ien fan 'e lêste ûnôfhinklike kleasters fan 'e Republyk Pskov, dy't yn 1510 by it Grutfoarstedom Moskou foege waard. Savva stoar op 28 august 1495 en waard begroeven yn 'e houten katedraal, dy't yn 1547 ferfongen waard troch de hjoeddeiske stiennen katedraal.

De muonts Antonius.

Tsjin de ein fan 'e 17e iuw ferfoel it kleaster yn earmoed. Nei jierren fan ferwaarloazing, waard it yn 'e 18e iuw wer renovearre. Yn it kleaster wenne yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw de muonts Antonius (1841-1903), dy't bekend waard fanwegen syn hillich libben en professijen. Hy foarsei û.o. de fal fan 'e tsaar, it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich en de delgong fan it kleaster. De skryn mei dêryn de reliken fan de muonts wurdt yn it kleaster fereare.[1]

Yn 1918 waard it kleaster troch de bolsjewiken sletten. It kleaster waard yn 1922 plondere en in soad fan 'e rykdommen ferdwûnen foar altyd. Sûnt 1923 waarden ek de tsjerketsjinsten yn 'e katedraal ferbean. De gebouwen hiene slim te lijen fan 'e Twadde Wrâldkriich. Oant yn 'e jierren 1950 tsjinne de katedraal as skuorre. De boeren bouden dêr njonken in lytse houten tsjerke, mar dy baarnde yn 1958 ôf. De autoriteiten besleaten doe de resten fan it kleaster op te blazen, mar tanksij de bemuoienis fan akademisy waard dat beslút nea útfierd. Op 30 augustus 1960 foege de Ministerried fan 'e Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk Ruslân de ruïne ta oan de list fan beskerme monuminten.

It kleaster yn 1963.

De boufallen waarden yn 1990 werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke en fuortendaliks ûnstie der wer in kleastermienskip en waard útein set mei de renovaasje. De opbou fûn foar in part plak yn nije foarmen en allinnich de katedraal is it meast werom te kennen. Fan 'e oarspronklike refter wie hast neat oerbleaun. Oer de eartiidske refter hinne waard in hiele nije tsjerke boud, de Tsjerke fan Marije-Himelfeart. Ek de renovearre klokketoer waard net yn 'e selde styl weropboud.

It kleaster hat in gasteferbliuw foar de opfang fan 50 pylgers.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Крыпецкий монастырь]