Springe nei ynhâld

Kriefûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kriefûgel)
kriefûgels
In swarte krie (Corvus corone).
In swarte krie (Corvus corone).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
sûnder rang:sjongfûgeleftigen (Eupasseres)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
sûnder rang:echte sjongfûgels (Euoscines)
tuskenskift:krie-eftigen (Corvides)
boppefamylje:echte krie-eftigen (Corvoidea)
famylje:kriefûgels (Corvidae)
Leach, 1820
Ferspriedingsgebiet
In swarte krie (Corvus corone).

     lânseigen fersprieding
     útstoarn foar 1500

     útstoarn nei 1500
     yntrodusearre as eksoat


De kriefûgels of kraaifûgels (wittenskiplike namme: Corvidae), ek ravenfûgels neamd, foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri), it tuskenskift fan 'e krie-eftigen (Corvides) en de boppefamylje fan 'e echte krie-eftigen (Corvoidea). Ta dizze kloft hearre 139 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 6 ûnderfamyljes en 21 skaaien. It skaai fan 'e krieën (Corvus) hat 50 soarten en makket dêrmei mear as in trêdepart fan 'e famylje út. Kriefûgels binne fan tuskenbeiden grutte en hawwe faak (mar net altyd) in swart of blau fearrekleed. Se binne tige yntelligint en kinne har oer it algemien goed oanpasse oan minsklike aktiviteiten yn harren wengebiet.

De kriefûgels waarden as taksonomyske kloft yn 1820 yntrodusearre troch de Ingelske soölooch William Elford Leach yn in wurk oer de kolleksje fan it Britsk Museum te Londen. Troch de jierren hinne hat der gâns striid west tusken ornitologen oer de krekte evolúsjonêre relaasjes fan 'e kriefûgels ûnderling en mei harren sibben. Wat úteinlings dúdlik waard, wie dat de kriefûgels ôfstamje fan foarâlden dy't har yn Australaazje (benammen Austraalje en Nij-Guineä) ûntwikkelen. Dêrwei hawwe se har yn 'e djippe prehistoarje, omtrint 40 miljoen jier lyn, ferspraat oer de rest fan 'e wrâld. Oare famyljes dy't fan deselde foarâlden ôfstamje, hawwe har ûntjûn ta in grut ferskaat fan uterlike en ekologyske foarmen, mar binne foar it meastepart yn Australaazje bleaun. In goed foarbyld wurdt yn dizzen foarme troch de paradysfûgels (Paradisaeidae).

In houtekster (Garrulus glandarius).

Krie-eftigen hawwe in kosmopolityske fersprieding en komme foar op alle wrâlddielen útsein Antarktika. It swiertepunt fan 'e fersprieding leit yn 'e tropen fan Súd- en Sintraal-Amearika en Súd-Aazje. Yn Afrika en Australaazje wurdt de famylje lykwols mar troch tsien soarten elk fertsjintwurdige. It skaai fan 'e krieën (Corvus) hat relatyf resint yn 'e geologyske prehistoarje it wrâlddiel Austraalje wer berikt, dêr't no fiif soarten út dat skaai foarkomme. Ferskate soarten krieën of ravens binne ek fier útdoarme oer see en hawwe har fêstige op ôfhandige en isolearre eilannen. Party fan dy soarten binne tsjintwurdich slim bedrige mei útstjerren of binne al útstoarn.

Kriefûgels binne middelgrutte fûgels, mar grut oant tige grut foar moskeftigen. Ta dizze famylje hearre de beide grutste moskeftigen, de groubekraven (Corvus crassirostris) út 'e Hoarn fan Afrika en de gewoane raven (Corvus corax), dy't beiden mear as 70 sm lang en 11/2 kg swier wurde kinne. De lytste kriefûgel is de wytkieldwerchgaai (Cyanolyca nanus), mei in lingte fan 211/2 sm en in gewicht fan 41 g.

Kriefûgels hawwe in robúste lichemsbou, mei krêftige poaten en in sterke snaffel. De wjukken binne grut yn ferhâlding ta it lichem, en fleanen giet har goed ôf. De noasters binne by alle soarten út dizze famylje, útsein de pinyongaai (Gymnorhinus cyanocephalus), bedutsen mei boarstelige fearkes. In protte kriefûgels hawwe in swart of fel blau fearrekleed, mar guon binne swartbûnt of hawwe fearren dy't út 'en blauwens of út 'en pearzens skine. Kriefûgels ferfearje mar ien kear yn it jier wylst de measte moskeftigen dat twaris yn it jier dogge.

In ekster (Pica pica).

Hoewol't kriefûgels in grut repertoire oan fokalisaasjes hawwe, klinkt harren sang, as it sa neamd wurde kin, foar it minsklik gehoar net botte muzikaal. It wurdt krassen neamd.

De measte kriefûgels binne stânfûgels, dy't ornaris net trekke. As der lykwols earne itenskrapte hearket, kin it wol wêze dat se oare kontreien opsykje. Inkele soarten binne lykwols al trekfûgels, en dy foarmje hjerstmis grutte swaarmen foar't se ôfsette nei har oerwinteringsgebiet. Guon soarten, lykas de ka (Coloeus monedula), hawwe in sterke organisaasje yn sosjale groepen mei in ynterne hierargy. Yn 'e briedtiid foarmje sokke soarten gauris mânske briedkoloanjes yn groepkes beammen. De roek (Corvus frugilegus) is in oar foarbyld fan sa'n soarte. Yn ien (útsûnderlik grutte) briedkoloanje fan dy fûgel waarden yn Skotlân 65.000 eksimplaren teld. Mar oare soarten, lykas de ekster (Pica pica) of de raven (Corvus corax) libje yn pearkes.

Kriefûgels binne omnivoaren, dy't besteane op in dieet fan wringeleas dierte, lytse sûchdieren, de piken fan oare fûgelsoarten, beien en oare fruchten, sieden en ies. Fral it fretten fan ies jout kriefûgels in wat twifelich imago, hoewol't se dêrmei eltsenien in tsjinst bewize. Se frette lykwols ek agraryske pleachdieren, lykas sprinkhoannen, beskate skealike wjirms en ynsektelarven en sels fjildmûzen en oare kjifdieren. Beskate soarten, lykas de ka en de ekster, hawwe har goed oan 'e minske witten oan te passen en frette ek in protte guod dat troch minsken efterlitten is. Men kin dan tinke oan it iten dat yn tunen, foar oare, lytsere fûgels, efterlitten wurdt op foertafels of op 'e grûn, mar ek oan ôffal dat net goed opromme is. By guon soarten kin populaasjesgroei bewiisber keppele wurde oan 'e beskikberens fan fan minsken ôfkomstich iten lykas bôle, pasta en hûnefoer.

In raven (Corvus corax).

In protte soarten kriefûgels binne territoriaal en guon, lykas de blauwe gaai (Cyanocitta cristata), kinne yn 'e briedtiid sels agressyf nei minsken ta wêze. De partnerbân is by kriefûgels tige sterk en kin by beskate soarten libbenslang duorje. Dy fierder monogame libbenswize slút lykwols pearings mei oare soartgenoaten net út. It wyfke leit 3–10, mar ornaris 4–7 aaien yn in nêst dat faak heech yn in beam of op in richel fan in klif of gebou oanlein is, hoewol't de ka ek yn hoalen fan kninen ûnder de grûn nêstelet. De briedtiid ferskilt nei soarte. De piken binne nêstbliuwers, dy't nei it útkommen fan it aai noch 6–10 wiken (ôfhinklik fan 'e soarte) yn it nêst fersoarge wurde troch de âlden.

Kriefûgels binne opmerklik yntelligint en fernimstich foar bisten fan har lichemsgrutte. Mei pappegaai-eftigen (Psittaciformes) hearre se ta de yntelligintste fûgels dy't der binne. Yn ferhâlding ta har lichemsgrutte hawwe kriefûgels harsens fan gelykbere grutte mei minskapen of walfiskeftigen en binne har harsens mar in lyts bytsje lytser as dy fan minsken.

In blauwe gaai (Cyanocitta cristata).

Eksters (Pica pica) hawwe by de spegeltest sjen litten dat se selsbewust binne. By dy test krigen proefdieren in plakkerke yn in ôfwikende kleur (bgl. giel) opplakt earne dêr't se it sels net sjen koene (bgl. op 'e kiel). Dêrnei waarden se foar in spegel set. Eksters seagen it plakkerke yn 'e spegel en besochten it kwyt te wurden troch mei de kiel by de flier lâns te wriuwen. Dat liet dúdlik sjen dat se it yndividu yn 'e spegel weromkoene as harsels. De ekster wie de earste (en anno 2025 iennichste) fûgel by wa't dat fermogen oantoand is.

De raven (Corvus corax) treastget soartgenoaten dy't er earder moete hat as dy wat traumatysk belibbe hawwe, lykas it ferliezen fan in konflikt mei in oare soartgenoat. Dat ymplisearret it fielen fan empaty mei it slachtoffer.

En beskate soarten krieën, lykas de swarte krie (Corvus corone) en de roek (Corvus frugilegus), brûke ark. Oant noch net sa lang lyn waard dat fermogen inkeld oan 'e minske sels en guon heger ûntwikkele sûchdieren tatocht. Der is sels ien dokumintearre gefal bekend fan in swarte krie dy't nuten mei opsetsin op in strjitte sa dellei, dat de tsjillen fan passearjende auto's deroerhinne ride soene en dêrmei de nuten foar him kreaken. De Nijkaledoanyske krie (Corvus moneduloides) stiet derom bekend dat er net inkeld ark brûkt, mar it ek sels makket troch it oan te passen foar in spesifyk doel. Sa snoeit er twigen by oant der in stokje oer is mei in heakje oan ien útein. Dat brûkt er dan om ynsektelarven út beamholten te fiskjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.