Springe nei ynhâld

Krie-eftigen

Ut Wikipedy
krie-eftigen
De keningsparadysfûgel (Cicinnurus regius).
De keningsparadysfûgel (Cicinnurus regius).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
sûnder rang:sjongfûgeleftigen (Eupasseres)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
sûnder rang:echte sjongfûgels (Euoscines)
tuskenskift:krie-eftigen (Corvides)
Cracraft, 2014

De krie-eftigen of kraai-eftigen (wittenskiplike namme: Corvides) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes) en it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri). Ta dizze kloft hearre 871 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 30 famyljes. Dêrûnder binne groepen dy't yn Jeropa bekend binne, lykas de kriefûgels (Corvidae), de skateksterfûgels (Laniidae) en de gielegoufûgels (Oriolidae), mar ek tige eksoatyske kloften dy't yn harren fersprieding beheind binne ta de tropen, lykas de paradysfûgels (Paradisaeidae).

De krie-eftigen waarden as taksonomyske yndieling yn 2014 yntrodusearre troch de Amerikaanske ornitolooch en paleöntolooch Joel Cracraft. De evolúsjonêre ûntjouwing, de biogeografy, it hâlden en dragen, de ekology en de morfology fan dizze fûgelkloft is yngeand bestudearre. De earste krie-eftigen lykje har op in eilân ûntwikkele te hawwen. Dêrwei hawwe se har letter ferspraat oer alle wrâlddielen, útsein Antarktika.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.