Kremlyn fan Novgorod

It Kremlyn fan Novgorod (Russysk: Новгородский Кремль), ek bekend ûnder de namme Detinets (Russysk: Детинец); de âlde namme foar it kremlyn, is it histoaryske sintrum fan 'e Russyske stêd Veliki Novgorod en it âldste kremlyn fan Ruslân.
It kremlyn is 12,1 ha grut, de omfiemjende muorre is 1385 lang, 3,3 m dik en 10,9 m heech. Yn it kremlyn stiet de Sint-Sofiakatedraal út 1050 en it monumint út 1862 dat oprjochte waard yn it ramt fan it 1000-jierrich bestean fan Ruslân (yn it jier 862 kaam Rjoerik nei Ruslân).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kremlyn waard foar it earst yn âlde kroniken fan 1044 neamd. Yn dat jier waarden de houten konstruksjes set, nei alle gedachten yn it ramt fan 'e bou fan 'e Sofiakatedraal in jier letter. Histoarisy nimme oan dat der foar dy tiid ek al ferdigeningswuken bestiene, om't tocht wurdt dat de stêd yn 'e ein fan 'e 9e iuw al ûntstie út in âldere stêd, de de Rjoerikovo gorodisjtsje, dy't foar it earst yn Varjaachske kroniken yn 859 ûnder de namme Holmgard neamd wurdt.
Yn 1304 waarden de earste stiennen bouwurken set. Neffens Novgorodske kroniken waarden de tuorren en muorren fan 'e sitadel regelmjittich renovearre nei brannen en waarden se by de grutte renovaasje fan 1484 oant 1490, nei de fal fan 'e Republyk Novgorod en de gearfoeging mei Moskoovje, ferfongen troch tuorren fan stien neffens de tradysjes fan 'e Moskouse arsjitektuer.
It hjoeddeiske kremlyn datearret noch jimmeroan út dy tiid, al ha der yn 'e 16e en 17e iuw noch lytse feroaringen west dy't it oansjen lykwols net oantaasten.
Bouwurken yn it kremlyn (kar-út)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Sofiakatedraal
- De Fasetten of Biskopskeamer (1433), diel fan it eardere biskoplike paleis en sit fan 'e ried fan 'e Republyk Novgorod. It is ien fan 'e meast eastlike bouwurken fan 'e bakstiengotykF
- De Sint-Sergiustsjerke (1463)
- De Sint-Andréas-Stratelates-tsjerke (1611), in restant fan 'e net mear oanwêzige Boris- en Glebkatedraal.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sofiakatedraal.
- Klokkestoel.
- Marijetsjerke.
- Vladimirtoer.
- Metropolytkeamers.
- Milleniummonumint.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
