Kreidlermuseum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Kreidlermuseum is in partikulier museum oan de Janssenwei yn Jobbegea mei brommers fan it merk Kreidler dy't yn Nederlân op de iepenbiere wei riden hawwe. It museum is op ôfspraak te besichtigjen.

Jelle Hofma begûn al foar syn sechtjinde mei it sammeljen fan it Dútske brommermerk Kreidler. It wie it begjin fan syn samling dy't in oersjoch jout fan alles dat sûnt 1962 troch Van der Veen yn Nederlân ynfierd is. In Kreidler wie benammen populêr omdat er maklik opfierd wurde koe en er dus hurd ride koe. Hast alle modellen binne te sjen, mar net de orizjinele Dútske Kreidlers. Dy hienen bygelyks gjin trapers en binne dan eins gjin bromfytsen. It âldste model is de earste saneamde aaitank út 1959. Dan binne der noch Crossmotors fan Kreidler lykas de Gebben Kreidler en de Van Houten Kreidler, en twa saneamde Formule Kreidlers. Dat wienen lichtere brommers foar de wedstrydcross foar de oerstap nei de crossmotors. In oare opfallende brommer is de Funchopper, in damesmodel dat omboud is ta in Easy Rider-eftige brommer, kompleet mei heech stjoer en heech seal en nei boppen útstekkende útlitten. Sokken binne frij seldsum. Dan binne der noch trije Off the Road Kreidlers. Dy spilen begjin santiger jierren in grutte rol by it racen op de wei trochdat Jan de Vries en Henk van Kessel der yn de 50 cc klasse wrâldkampioen mei waarden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: