Krasnogorsk
Krasnogorsk Красногорск | ||
![]() | ||
Nikolaastsjerke | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
stedsdistrikt | Krasnogorsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 193.127 (2024) | |
Oerflak | 25,65 km² | |
Befolkingsticht. | 7.529,32 ynw./km² | |
Hichte | 150 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 1932 | |
Postkoade | 143401-143410 | |
Tiidsône | UTC +3 | |
Koördinaten | 56° 21' N 37° 32' E | |
Offisjele webside | ||
krasnogorsk-adm.ru | ||
Kaart | ||
Krasnogorsk (Russysk: Красногорск) is in stêd yn 'e Russyske oblast Moskou. De stêd leit oan 'e Moskva en grinzget oan 'e noardwestlike râne fan it gebiet fan 'e stêd Moskou.
Oant 2017 wie it de haadstêd fan it Krasnogorsky-rajon. Sûnt is Krasnogorsk in stedsdistrikt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krasnogorsk waard yn 1932 oprjochte en krige yn 1940 de status fan stêd.
De stêd waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch net beset troch Dútske troepen. Alhoewol't de Slach om Moskou yn 1941-1942 tige tichteby kaam, hat de Dútske Wehrmacht Moskou nea oermastere en ek Krasnogorsk net.

Nei de earste grutte oerwinnings fan 'e Sovjet-Uny op 'e Dútsers, benammen nei de Slach om Stalingrad, waarden tûzenen Dútske soldaten kriichsfinzen nommen. Yn Krasnogorsk waard ien fan 'e grutste kriichsfinzenekampen op it Russyske grûngebiet opset: Kamp nû. 27. it wie in kamp dêr’t kriichsfinzenen in weropfieding krigen troch Sovjet-propaganda. Yn it kamp ûntstie in groep Dútske kriichsfinzenen, dy't har tsjin Hitler kearden en bekend waard as it Nationalkomitee Freies Deutschland (NKFD). Hja makken radio-útstjoerings en pamfletten foar de Wehrmacht om oaren oan te moedigjen harsels oer te jaan.
Op 22 maart 2024 fûn yn Krasnogorsk in grutte terroristyske oanfal plak yn 'e Crocus City Hall (Крокус Сити Холл). It wie de deadlikste terreurdied yn Ruslân sûnt de Beslan-gizelings fan 2004. Om 20:00 oere (lokale tiid) kamen flak foar in optreden fan 'e Russyske rockband Piknik fjouwer bewapene manlju yn militêre klean de konsertseal binnen, dy't mei automatyske gewearen it fjoer iepenen op 'e minsken en brânbommen smieten, wertroch't brân ûntste. De oanfal late ta 145 deaden en mear as 550 ferwûnen en waard troch Islamityske Steat–Khorasan (IS-K) opeaske, in ôfsplitsing fan IS dy't aktyf is yn Súd- en Sintraal-Aazje. De Russyske autoriteiten arrestearren alve minsken yn ferbân mei de oanfal, wêrûnder de fjouwer fertochte oanfallers.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in ferskaat oan yndustry. Der wurdt û.o. optyske apparatuer produsearre.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Archangelskoje is in histoarysk lângoed yn neoklassisistyske styl, bekend om syn keunstkolleksje en tunen.
- De Tsjerke fan 'e Mem Gods fan it Teken is in 17e-iuwsk tsjerkegebou.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Betinkingsmuseum fan 'e Dútske Anty-Faksisten: museum dat wij is oan 'e Dútske anty-fasistyske striders.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Krasnogorsk fan Wikimedia Commons. |