Springe nei ynhâld

Kramer vs. Kramer

Ut Wikipedy
Kramer vs. Kramer
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Robert Benton
produsint Richard Fischoff
Stanley R. Jaffe
senario Robert Benton
basearre op de roman fan Avery Corman
kamerarezjy Néstor Almendros
muzyk Paul Gemignani
Herb Harris
John Kander
Erma E. Levin
Roy B. Yokelson
Antonio Vivaldi
filmstudio Stanley Jaffe Productions
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Dustin Hoffman
Justin Henry
Meryl Streep
byrollen Jane Alexander
George Coe
Howard Duff
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 desimber 1979
foarm langspylfilm
sjenre dramafilm, rjochtbankdrama
taal Ingelsk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $8 miljoen
opbringst $173,3 miljoen
prizen 5 × Oscar
4 × Golden Globe

Kramer vs. Kramer (útspr. as "Kramer versus Kramer") is in Amerikaanske dramafilm en foar in diel in rjochtbankdrama út 1979. De film stie ûnder rezjy fan Robert Benton, en de haadrollen waarden fertolke troch Dustin Hoffman, Justin Henry en Meryl Streep. De titel betsjut "Kramer tsjin Kramer"; it wurd versus is juridysk jargon en tsjut derop dat it om 'e namme fan in rjochtsaak giet. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Avery Corman.

It ferhaal giet oer de workaholic Ted Kramer, dy't allinnich foar de opfieding fan syn jonge soan komt te stean as syn frou Joanna him ferlit en in skieding oanfreget. Stadichoan ûntjout Ted him ta in bettere heit, mar syn nije ferantwurdlikheid hat in negatyf effekt op syn karriêre. De film berikt in hichtepunt wannear't Joanna nei mear as in jier weromkomt en in rjochtsaak oanspant om 'e fâdij oer har soan te bemachtigjen.

Dêrmei roert de film tema's oan dy doedestiden maatskiplik yn opkomst wiene, lykas geslachtsrollen, heiterjochten, wurk-privee-balâns en allinnichsteand âlderskip. Kramer vs. Kramer krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wûn fiif Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm). Yn 'e bioskopen wie Kramer vs. Kramer ek in grut kommersjeel súkses en de film ûntjoech him yn Noard-Amearika sels ta de meast opbringende film fan it jier.

Ted Kramer, in workaholic dy't by in reklameburo yn New York wurket, hat krekt in promoasje en in wichtige nije klant krigen, de loftfeartmaatskippij Mid-Atlantic Airlines. As er jûns let thúskomt en syn frou Joanna it goede nijs fertelle wol, seit sy lykwols tsjin him dat se besletten hat om by him wei te gean. Hoewol't harren achtjierrich houlik sa syn swierrichheden hân hat, seach Ted dat net oankommen. Hy is skokt en lulk en besiket Joanna fysyk tsjin te hâlden as se de doar út rinne wol. Mar úteinlings kriget er foar it ferstân dat it har mienen is. Hy kin net oars as har gean litte as er har net mei geweld oermasterje en finzen hâlde wol.

Billy, de sânjierrige soan fan Ted en Joanna, bliuwt by syn heit efter, om't Joanna psychysk sa mei harsels yn 'e knoop sit, dat se fynt dat se gjin goede mem wêze kin en dat Billy dêrom better ôf is by Ted. De oare moarns, wannear't Billy fan bêd ôf komt en witte wol wêr't syn mem is, leit Ted út dat mem in skoftke fuortgien is om allinnich te wêzen, sa't eltsenien wolris eefkes allinnich wêze wol.

No't de soarch foar Billy op Ted allinnich delkomt, brekt it him op dat er him earder eins nea net folle mei de opfieding fan it jonkje bemuoid hat. Dy earste deis bringt er Billy nei skoalle en moat dan freegje yn hokker klasse oft er eins sit. Om't er al hast te let is foar syn wurk, lit er de jonge by de doar fan 'e skoalle efter op 'e noed fan 'e mem fan in willekeurige oare learling, dy't krekt nei bûten ta komt. Op it reklameburo luchtet Ted syn hert by syn baas en freon Jim O'Connor. Dy hat lykwols hielendal gjin ynteresse yn it priveelibben fan Ted en sit inkeld yn noed oer hoe't de ein fan Ted syn houlik ynfloed hawwe sil it wurk fan Ted foar Mid-Atlantic Airlines.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 't earstoan wrakselje Ted en Billy om harren oan te passen oan 'e nije sitewaasje. Billy mist syn mem en Ted moat no de opfieding fan Billy en de húshâlding derby dwaan. Dat liet er foarhinne allegearre oan Joanna oer, sadat hy him útslutend op syn wurk talizze koe. Yn 'e jûnsoeren en de wykeinen koed er dan eefkes de leuke heit spylje foar Billy. Njonkelytsen bouwe Ted en Billy in nije rûtine op sûnder Joanna, mar Ted syn wurk hat te lijen ûnder alle oare dingen dêr't er him no ek mei dwaande hâlde moat.

Op in jûn is Billy klierich en ferpoft er it syn iten op te iten. Ynstee sit er ta it iis dat bedoeld is as neigesetsje wylst Ted him dat ferskate kearen útdruklik ferbean hat. De krisis berikt in hichtepunt as Ted it jonkje dêrnei sûnder iten op bêd bringt. Billy ropt dat er Ted hatet en dat er syn mem werom hawwe wol en Ted snaut him ta: "Silst it mei my dwaan moatte, lyts stik ûngelok datst biste!" Neitiid nimt Ted in pear glêzen sterke drank. Letter dy jûn, as er op bêd sil, sjocht er noch even by Billy, dy't wekker wurdt en opbychtet dat er mient dat syn mem fuortgien is om wat dat hy dien hat. Ted bewissiget him derfan dat it neat mei him te krijen hie en dat Joanna fuortgien is om't se ûngelokkich wie yn har houlik.

Underwilens is Ted goed befreone rekke mei syn skieden ûnderbuorfrou Margaret Phelps, dy't earder in freondinne fan Joanna wie. Op in middei yn it wykein geane se mei Billy en Margaret har beide dochterkes nei de boarterstún, dêr't Billy troch eigen skuld in ûngelok kriget en fan it klimrek falt. De hiele sydkant fan syn foarholle leit iepen en Ted draaft mei it jonkje yn 'e earms alhiel nei it sikehûs ta, dêr't er Billy fêsthâldt wylst dy tsien hechtings fuortby syn each kriget.

Fyftjin moanne nei't se ôfset is, skillet Joanna op en freget Ted om har te moetsjen yn in restaurant. Dêr fertelt se him dat se in skoft yn Los Angeles wenne hat, dêr't se ûnder begelieding fan in psychoterapeut wer mei harsels yn it reine kommen is. Se is no al in fearnsjier werom yn New York en hat har libben wer op 'e rails. Sadwaande is se no klear om 'e opfieding fan Billy wer op har te nimmen en oft Ted it jonkje mar even oerdrage wol. Ted wurdt poerrazen, slacht in glês wyn stikken tsjin 'e muorre oan en skonket fuort. Hy nimt fuortendaliks kontakt op mei de abbekaat John Shaughnessy, dy't spesjalisearre is yn skiedings- en fâdijsaken. Dyselde warskôget Ted dat de rjochter by sokke jonge bern as Billy de fâdij ornaris tawiist oan 'e mem.

Lykas ferwachte spant Joanna in rjochtsaak tsjin Ted oan (Kramer fersus Kramer) om 'e fâdij oer Billy te bemachtigjen. Der wurdt in datum prikt yn begjin jannewaris. In pear dagen foar de kryst kriget Ted fan Jim O'Connor te hearren dat er ûntslein wurdt om't de bazen fan Mid-Atlantic Airlines ûntefreden oer him binne. Ted hat nammentlik ferskate wichtige gearkomsten mist, ien kear om't it dy jûns âlderjûn op Billy syn skoalle wie en in oare kear om't Billy dy deis siik wie. Ted beskôget dat as ferrie fan Jim en harren freonskip einiget tagelyk mei harren wurkrelaasje. Shaughnessy warskôget Ted dat er gjin skyn fan kâns hat om 'e fâdij oer Billy te winnen as er wurkleas is. Ted bewissiget him derfan dat er dyselde deis, krystjûn, noch in nije baan fine sil. Hy sollisitearret de hiele dei op fakatueres by reklameburo's en wit op 'e jûn, wylst der om him hinne al in bedriuwsfeestje yn it ramt fan 'e kryst geande is, noch in nije baan foar in legere funksje te bemachtigjen troch akkoart te gean mei in efterútgong yn salaris fan $5.000 yn 't jier.

Op 'e harksitting foar de fâdijsaak seit Joanna dat se psychysk fan it paad rekke trochdat se har selsrespekt ferlear doe't se har karriêre opjoech om húsfrou te wurden. Mar no't se help socht hat, is se wer in "folsleine persoan" wurden. Hja is fan miening dat Billy mear ferlet hat fan in mem as fan in heit. Shaughnessy ûnderstiet har deroer oft Ted har ea op lykfol hokker manear ek mishannele hat of tenei kommen is, en Joanna jout grif ta dat soks nea bard is. It stânpunt fan Ted is dat hy yn 'e lêste fyftjin moanne sjen litten hat dat er wol deeglik prima foar Billy soargje kin en dat it ûntskuorren fan Billy oan syn soarch it jonkje "net wer goed te meitsjen psychyske skea" tabringe soe.

De juridyske striid wurdt ferfelend as de abbekaten fan beide partijen har taflecht nimme ta karaktermoard. Shaughnessy makket Joanna oan it gûlen troch har te twingen en jou ta dat it mislearjen fan har houlik foar in part oan harsels lei. Ted moat ek tajaan dat er flaters makke hat as man en heit. Mar Joanna har abbekaat brûkt Ted syn ûntslach en it ûngelok fan Billy mei it klimrek om oan te toanen dat Ted net geskikt is as heit en opfieder. Margaret Phelps tsjûget foar Ted. Wylst se noch ûnder de eed stiet, keart se har ta Joanna en smeekt har om yn te sjen dat Ted him ûntjûn hat ta in geweldige heit.

In stikmannich dagen letter docht lykwols bliken dat de rjochter besletten hat de fâdij oan Joanna ta te wizen. Ted wol yn heger berop gean tsjin dy útspraak, mar Shaughnessy warskôget him dat Billy dan sels tsjûgje moatte sil. Dat wol Ted it jonkje net oandwaan, dat hy beslút him by de sitewaasje del te lizzen. Oan Billy leit er út dat dy no by syn mem komt te wenjen, hoewol't hy en Billy elts twadde wykein en de helte fan 'e skoalfakânsjes noch mei-inoar trochbringe sille. Op 'e moarn dat Joanna it jonkje ophelje sil, freget se Ted fia de intercom fan syn appartemintekompleks om har ûnder fjouwer eagen yn 'e lobby te moetsjen. Wannear't Ted by har komt, fertelt se him yn triennen dat se besletten hat dat Billy by him bliuwe moat, om't se de jonge syn thús net ûntnimme wol. Ted is de wrâld te ryk. Hy stelt foar dat hysels yn 'e lobby wachtsje sil wylst Joanna nei syn appartemint ta giet om Billy út 'e lizzen dat syn ferhuzing net trochgiet. Joanna, dy't him dêr tankber foar is, nimt de lift nei boppen.

Dustin Hoffman.
Meryl Streep.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Ted Kramer Dustin Hoffman
Billy Kramer Justin Henry
Joanna Stern Kramer Meryl Streep


byrollen
personaazje                           akteur/aktrise
Margaret Phelps Jane Alexander
Jim O'Connor George Coe
John Shaughnessy Howard Duff
abbekaat fan Joanna Bill Moor
rjochter Atkins Howland Chamberlain
Phyllis Bernard JoBeth Williams
sekretaresse fan Ted Shelby Brammer
Spencer Jack Ramage
Ackerman Jess Osuna
griffier Dan Tyra

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kramer vs. Kramer waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Avery Corman út 1977. It ferhaal út dat boek kaam sawol filmprodusint Stanley R. Jaffe as senarioskriuwer Robert Benton sa op it moed, dat se it ferfilmje woene. Jaffe kocht de filmrjochten op 'e roman oan en Benton skreau it skript, wêrby't er fan it begjin ôf oan al akteur Dustin Hoffman yn gedachten hie foar de rol fan Ted Kramer. It wie oarspronklik de bedoeling dat de Frânske filmmakker fan namme François Truffaut de rezjy op him nimme soe, mar dy wie te drok mei oare projekten. Syn suggestje dat Benton Kramer vs. Kramer sels wol regissearje koe, waard troch Jaffe oannommen.

As produsint wie behalven Jaffe ek Richard Fischoff by it projekt belutsen foar Jaffe's eigen filmproduksjemaatskippij Stanley Jaffe Productions. Foar Kramer vs. Kramer wie in budget beskikber fan $8 miljoen. De finansiering fan 'e film kaam fierhinne fan 'e grutte filmstudio Columbia Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Néstor Almendros, in nauwe meiwurker fan Truffaut, dy't al oannommen wie doe't it noch liek as soe Truffaut de film sels regissearje. Foar de soundtrack fan Kramer vs. Kramer waard muzyk brûkt fan Paul Gemignani, Herb Harris, John Kander, Erma E. Levin, Roy B. Yokelson en Antonio Vivaldi.

Produsint Jaffe en senarioskriuwer anneks regisseur Benton woene eins inkeld akteur Dustin Hoffman hawwe foar de haadrol fan Ted Kramer. Mar Hoffman, dy't op dat stuit sels yn skieding lei, hie te kampen mei in depresje en sloech harren oanbod ôf. Hy wie syn nocht oan it meitsjen fan films kwytrekke en woe him eins mear talizze op toanielspyljen (d.w.s. yn it teäter). Jaffe en Benton joegen it net oer, mar setten útein mei in kampanje fan wat wol omskreaun wurde kin as 'hofmakkerij'.

Underwilens seagen se ek oars om. James Caan sloech de rol fan Ted Kramer ôf om't er miende dat Kramer vs. Kramer in flop wurde soe. Al Pacino hie wol fertrouwen yn it ferhaal, mar net yn syn eigen fermogen om 'e rol fan Ted Kramer rjocht te dwaan. Ek Jon Voight sloech it oanbod fan 'e rol ôf. Uteinlings wisten Jaffe en Benton Hoffman te bepraten om 'e rol dochs oan te nimmen, doe't se mei him in moeting hiene yn in hotel yn Londen, dêr't de akteur ferbleau foar de opnamen fan Agatha. Letter soe Hoffman sizze dat Benton en Kramer vs. Kramer him wer leafde joegen foar it aktearjen yn films. Ek soe de film him syn leafde foar syn eigen bern yn 't sin brocht hawwe, sadat er, yn syn eigen wurden, "tichter by it wêzen fan in heit kaam troch it spyljen fan in heit."

Jaffe en Benton keazen by audysjes de doe sânjierrige Justin Henry út om Billy Kramer te spyljen. Hoffman wurke yntinsyf mei it jonkje foarôfgeande oan eltse sêne dy't se tegearre spylje moasten, sadat Henry him folslein op syn gemak fielde. Regisseur Benton fitere Henry oan om te ymprovisearjen om it hâlden en dragen fan Billy Kramer natuerliker lykje te litten. De sêne wêryn't Billy syn waarm iten net opite wol en ynstee ta it iis sit, mei in lulke konfrontaasje mei syn heit ta gefolch, stie net yn it senario en waard alhiel ymprovisearre troch Henry en Hoffman. Ek Hoffman droech in protte by oan 'e film, sawol oan dialooch dy't ôfwiek fan it senario as wat folslein ymprovisearre sênes oangie. Benton bea him oan om 'e fermelding as senarioskriuwer yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling mei him te dielen, mar dat sloech Hoffman ôf.

De rol fan Joanna Kramer waard earst oanbean oan Kate Jackson, mar dy moast ôfsizze om't tillefyzjeprodusint Aaron Spelling it opnameskema foar har tillefyzjesearje Charlie's Angels net mear feroarje koe. Faye Dunaway, Jane Fonda en Ali MacGraw fûnen de rol te ûnsympatyk en sloegen it oanbod om yn Kramer vs. Kramer te spyljen ôf. Meryl Streep waard oarspronklik oannommen om 'e lytse byrol fan Phyllis Bernard te spyljen, mar hja wist foarinoar te boksen dat se audysje dwaan mocht om Joanna Kramer te spyljen en krige de rol. Neffens Hoffman joech it ferstjerren oan kanker fan Streep har ferloofde John Cazale, inkele moannen earder, har in boarne fan "noch altyd farske pine" om út te putten foar de rol fan Joanna Kramer.

De wurkrelaasje fan Hoffman en Streep wie planút min, sa docht bliken út in wiid ferskaat oan boarnen. Sa helle Hoffman te pas en te ûnpas op spottende wize de namme fan Cazale oan, neffens himsels om Streep ta in bettere aktearprestaasje te bringen. Ek sloech er yn in sêne in wynglês stikken tsjin 'e muorre oan, wêrby't de glêsskerven yn har hier bedarren en mar kwealk har gesicht misten. Dy aksje stie net yn it skript en Hoffman hie yn 't foar net oan Streep ferteld wat er yn 't sin hie, hoewol't er de kameraman wol ynljochte hie. Streep wie dêr poerlulk oer.

Fierders sloech Hoffman Streep yn in oare sêne hurd yn it gesicht, ek wer sûnder har dêr yn 't foar yn te kennen. Yn in fraachpetear mei The New York Times út 2018 wie Streep dêr fjirtich jier letter noch lulk oer: "Dat wie myn earste film, it wie myn earste take yn myn earste film en hy sloech my gewoan. En dat sjogge je yn 'e film. Dat wie der fier by troch." Yn in artikel út 1979 yn it tydskrift Time bewearde Streep ek dat Hoffman har yn ien fan har boarsten knypt hie by harren earste moeting, mar in fertsjintwurdiger fan 'e aktrise sei letter dat it artikel "gjin akkurate werjefte fan dy moeting" joech.

Foar de rol fan Margaret Phelps, de buorfrou fan Ted Kramer, waard earst Gail Strickland cast, mar dy waard in wike nei't de opnamen begûn wiene ûntslein omreden fan "artistike mieningsferskillen" (neffens Columbia Pictures). As ferfangster waard Jane Alexander oannommen. Neffens in artikel yn it blêd Vanity Fair út 2016 soe Strickland sa fan har stik brocht wêze troch de yntinsiteit fan it aktearjen mei Hoffman, dat se begûn te stammerjen en dat har dialooch amper noch te folgjen wie. Neffens Strickland is dat net wier. Sy seit dat se de ymprovisearre dialooch dêr't Hoffman hieltyd mei oankaam net à la minute ûnthâlde koe, en dat hy dêr sa lulk oer waard dat er har ûntslach easke.

JoBeth Williams spile yn Kramer vs. Kramer Phyllis Bernard, in froulike kollega fan Ted Kramer, mei wa't er útgiet en by him thús op bêd bedarret en seks hat. De oare moarns, as se neaken nei de badkeamer rint, komt se ûnferwachts op 'e gong de jonge Billy tsjin. Williams siet deroer yn noed dat Justin Henry, dy't Billy spile, foar it libben traumatisearre reitsje soe as er har neaken seach, mar ta har opluchting koe it Billy op dy leeftyd net folle skele.

De opnamen foar Kramer vs. Kramer fûnen yn 'e simmer fan 1979 plak op ferskate lokaasjes yn New York.

De distribúsje fan Kramer vs. Kramer waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 19 desimber 1979 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Kramer vs. Kramer oer it algemien tige loovjende resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau oer it senario fan Robert Benton: "Syn personaazjes prate net inkeld gewoan mei-inoar, se litte dingen oer harrensels blike en men kin harren soms trappearje op it stuit dat se beseffe wat har eigen motiven binne. Dàt is wat Kramer vs. Kramer sa'n op it moed kommende film makket: wy krije bytiden it gefoel dat persoanlikheden oan it feroarjen binne en dat beslissings nommen wurde wylst wy dêr libbensliif tsjûge fan binne."

Yn The New York Times neamde Vincent Canby de film in "moaie, grappige, op it moed kommende, hiel yntelliginte ferfilming fan 'e bestseller fan Avery Corman". Hy wie benammen goed te sprekken oer Meryl Streep ("ien fan 'e grutste aktearprestaasjes fan it jier") en Dustin Hoffman ("geweldich yn ien fan 'e twa of trije bêste rollen fan syn karriêre). Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte de film ek 4 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "Kramer vs. Kramer ferliest nea syn rêstige, reälistyske gefoel. Oan 'e ein fan 'e film sille jo dêr sitte en jo ôffreegje wêrom't wy net mear fan sokke films te sjen krijen." Siskel tipte Dustin Hoffman foar de Oscar foar Bêste Akteur (dy't er ek yndie wûn).

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Kramer vs. Kramer in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 101 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Skieding as ûnderwerp is [no] net mear sa skokkend, mar [dizze film] is noch altyd in ta neitinken stimmend, goed aktearre drama, dat de oanstriid wjerstiet om in kant te kiezen of maklike antwurden te jaan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Kramer vs. Kramer in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 9 resinsjes.

Kramer vs. Kramer brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $106,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $67 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $173,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $8 miljoen betsjut dat in winst fan $165,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Kramer vs. Kramer yn Noard-Amearika de meast opbringende film fan 1979, en yn 'e rest fan 'e wrâld de meast opbringende film fan filmstudio Columbia Pictures oant doe ta.

Yn 1980 waard Kramer vs. Kramer by de Oscars, de wichtichste Amerikaanske filmprizen, nominearre foar 9 prizen yn 8 kategoryen. Dêrûnder wiene de prizen foar bêste byrol fan in akteur (Justin Henry), bêste byrol fan in aktrise (Jane Alexander), bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. De film wûn 5 Oscars, foar bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Dustin Hoffman), bêste byrol fan in aktrise (Meryl Streep) en bêste adaptearre senario.

By de Golden Globes waard Kramer vs. Kramer nominearre foar 8 prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Justin Henry), bêste byrol fan in aktrise (Jane Alexander) en nije stjer fan it jier (Justin Henry). De film wûn de Golden Globes foar bêste dramafilm, bêste akteur yn in dramafilm (Dustin Hoffman), bêste byrol fan in aktrise (Meryl Streep) en bêste filmsenario. Fierders wûn regisseur Robert Benton de Directors Guild of America Award foar bêste rezjy en teffens de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario. De jonge Justin Henry wûn de Young Artist Award foar bêste haadrol yn in film.

Om utens wûn Kramer vs. Kramer by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, gjin prizen, mar wol wiene der 6 nominaasjes, foar bêste film, bêste rezjy, bêste akteur (Hoffman), bêste aktrise (Streep), bêste senario en bêste filmmontaazje. Fierders waard Kramer vs. Kramer nominearre foar de César du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis, foar bêste bûtenlânske film. De film wûn de David di Donatello, de wichtichste Italjaanske filmpriis, yn 'e kategoryen bêste bûtenlânske film en bêste bûtenlânske akteur (Hoffman, op in dield earste plak mei Jack Lemmon yn The Cina Syndrome). De aktearprestaasje fan 'e jonge Justin Henry waard bekroane mei in Spesjale David. Ta einbeslút wûn Kramer vs. Kramer ek de Filmpriis fan 'e Japanske Akademy yn 'e kategory bêste film yn in bûtenlânske taal.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.