Krakeel

Ut Wikipedy
Lokaasje fan Krakeel yn Hoogeveen

Krakeel is in buorskip yn de gemeente Hoogeveen, eartiids in opgeande wei, wêrnei't in wyk yn it eastlik diel fan de stêd Hoogeveen ten noarden en westen fan de Hoogeveensche Feart neamd waard. Ten easten fan dit kanaal leit noch de âlde bebouwing oan de streekrjochte dyk Krakeel; parallel deroan súdlik hjirfan de Krakeelske Dyk.

De bebouwing barde bylâns de eardere Krakeelsche Opgaande, ek wol Bentincksdjip. De Krakeelske Dyk - mei tsientallen âlde iken - waard sparre by de stedsútwreiding fan Hoogeveen-Súd. De fraaie leane is no wannelpaad en fytspaad.

Boarnen fermelde: (Het) Krakeel (1845) en Het Krakeel (1899). De betsjutting hjirfan is: fûle, lûde en feninige wurdewikseling; faak gie it hjirby om betwiste stikken grûn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: