Krabbeslinende waskbear
krabbeslinende waskbear | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Procyon cancrivorus | ||||||||||||
Cuvier, 1798 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De krabbeslinende waskbear (wittenskiplike namme: Procyon cancrivorus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e lytse bearen (Procyonidae) en it skaai fan 'e waskbearen (Procyon), dat lânseigen is yn dielen fan Súd-Amearika en it súdlikste eintsje fan Midden-Amearika. Dit bist is ien fan 'e neiste sibben fan 'e bekendere (gewoane) waskbear (Procyon lotor), dy't foarkomt yn Noard-Amearika. Nettsjinsteande syn wat misliedende namme fret de krabbeslinende waskbear net inkeld krabben, mar is it krekt as yn noardlike neef in opportunistyske omnivoar. It is in solitêr libjend nachtdier, dat him folle minder goed as de gewoane waskbear oan 'e ynfloed en oanwêzigens fan 'e minske oanpasse kin. De IUCN klassifisearret de krabbeslinende waskbear as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e krabbeslinende waskbear omfettet it grutste part fan Súd-Amearika, wêrûnder hiel Brazylje, Guyana, Suriname en Frânsk-Guyana, it noarden fan Oerûguay en Argentynje, it easten fan Bolivia, Perû en Ekwador, it suden, easten en noarden fan Kolombia en it noarden fan Fenezuëla. Yn Paraguay ûntbrekt dit bist inkeld yn 'e Gran Chaco, yn it westen fan it lân. Bûten Súd-Amearika omfiemet de fersprieding fan 'e krabbeslinende waskbear ek it súdlike diel fan Midden-Amearika. Dêr komt er foar yn hiel Panama en it súdeasten fan Kosta Rika. Fierders hearre ek Trinidad en Tobago ta syn ferspriedingsgebiet, in lân dat ta it Karibysk Gebiet rekkene wurdt, mar lyk foar de kust fan Fenezuëla leit.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krabbeslinende waskbear is fan omtrint deselde grutte as syn noardliker tahâldende neef, de gewoane waskbear (Procyon lotor). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 41–80 sm, mei in sturtlingte fan 20–56 sm. De skofthichte bedraacht omtrint 23 sm en it gewicht berint sa'n 5–7 kg, mei útsjitters nei 12 kg. De bearen binne oer it algemien wat foarser as de sûgen.

Krekt as de gewoane waskbear hat ek de krabbeslinende waskbear in swart 'masker' oer de eagen hinne en in plommige sturt dy't in patroan fan swarte ringen hat. Dat is lykwols dêr't de likenis einiget, en wa't ea in gewoane waskbear sjoen hat, sil dêr nea in krabbeslinende waskbear foar oansjen. Krabbeslinende waskbearen binne ranker fan stal, mei in koartere, grizich brune pels, dy't lykwols folle bruner is as de grizere pels fan 'e gewoane waskbear. It hier op it nekfel fan 'e krabbeslinende waskbear groeit nei de kop ta, wylst dat fan 'e gewoane waskbear fan 'e kop ôf groeit.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krabbeslinende waskbearen libje yn it tropysk reinwâld, dêr't se har benammen ophâlde yn 'e neite fan rivieren, beken, marren en puollen. Yn Kosta Rika en westlik Panama, dêr't de ferspriedingsgebieten fan 'e krabbeslinende waskbear en de (gewoane) waskbear (Procyon lotor) inoar oerlaapje, komt de krabbeslinende waskbear útslutend foar oan 'e iggen fan oerflaktewetters yn it binnenlân, wylst de gewoane waskbear yn 'e mangrovewâlden en sompen by de kust lâns libbet.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krabbeslinende waskbear libbet foar it meastepart oer de grûn, mar bringt ek in oansjenlik diel fan syn tiid troch yn beammen. Dit bist is better op in arboreäle libbenswize tarist as de (gewoane) waskbear (Procyon lotor), mei't er bgl. skerpere, smellere klauwen hat, dy't ideaal binne foar it klimmen yn beammen. Krabbeslinende waskbearen liede bûten de peartiid om in solitêr bestean. It binne nachtdieren, dy't har oerdeis oer it algemien net sjen litte. Oars as de gewoane waskbear, dy't syn foardiel docht mei minsklike oanwêzigens yn syn ferspriedingsgebiet en him op in protte plakken yn Noard-Amearika ta in stedsbewenner ûntwikkele hat, kin de krabbeslinende waskbear him mar min oan 'e ynfloed fan minsken oanpasse.

De peartiid falt foar de krabbeslinende waskbear fan juny oant en mei septimber. De draachtiid duorret 60–73 dagen, wêrnei't de sûch yn in rotsspjalt, holle beam of it ferlitten nêst fan in oarsoartich bist 2–7 jongen smyt. Trochinoar bestiet in smeet by de krabbeslinende waskbear út 3 jongen. Ornaris plantsje krabbeslinende waskbearen har mar ien kear yn it jier fuort, mar as in sûch ier yn 'e peartiid alle jongen ferliest, wurdt se wer rûzich en sil der in twadde pearing plakfine mei in nije smeet jongen as resultaat. Bearen hawwe gjin inkeld oandiel yn it grutbringen fan 'e jongen. Wannear't se jongen hawwe, wurde sûgen tige territoriaal en duldzje se gjin oare krabbeslinende waskbearen om harren hinne.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krabbeslinende waskbearen ite yndie krabben, kreeften, rivierkreeften en oare kreefteftigen, mar nettsjinsteande harren wat misliedende namme makket sok guod net it meastepart fan harren dieet út. (En trouwens fret de gewoane waskbear likegoed kreefteftigen.) Krabbeslinende waskbearen binne omnivoaren dy't op opportunistyske wize nei fretten foerazjearje. Hoewol't se har iten wol foar it meastepart út 'e neite fan rivieren en beken helje, bestiet harren menu ek út oesters, moksels, amfibyen, fisken, ynsekten, lytse skylpodden, de aaien fan skylpodden en fûgels, fruchten, nuten en griene planten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krabbeslinende waskbear hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 4 erkende ûndersoarten fan 'e krabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus):
- ekwatoriale krabbeslinende waskbear (P. c. aequatorialis)
- gewoane krabbeslinende waskbear (P. c. cancrivorus)
- Panameeske krabbeslinende waskbear (P. c. panamensis)
- swartpoatige krabbeslinende waskbear (P. c. nigripes)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Waskbear
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago