Krúshearekleaster (Sint Agatha)
| Krúshearekleaster | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | Sint Agatha | |
| adres | Kloosterlaan 24 | |
| koördinaten | 51°42' N 5°55' E | |
| Kleastergegevens | ||
| oarder | Oarder fan it Hillige Krús | |
| oprjochting | 1371 | |
| patroanhillige | Sint-Agata | |
| status | aktyf | |
| Ynformaasje bou | ||
| boujier | meast 19e iuw | |
| boustyl | meast neogotyk | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 11630 | |
| Webside | ||
| www.kloostersintagatha.nl | ||
| Kaart | ||
It Krúshearekleaster (ek: Kleaster Sint Aegten) is in kleaster yn it Noardbrabânske doarp Sint Agatha. Yn in diel fan 'e kleastergebouwen is it Erfgoedsintrum Nederlânsk Kleasterlibben (Erfgoedcentrum Nederlands Kloosterleven) ûnderbrocht. Alhoewol't it oansjen fan it kleaster fan bûten neogoatysk is en fan 1906 datearret, is der yn it kleaster noch in soad oer fan eardere tiden.
Bouwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is bekend dat der yn 1315 al in oan Sint-Agata wijde kapel stie. Sûnt likernôch 1371 wennen der by de kapel in pear muontsen om de kapel te bestjinjen. Sa ûntstie it kleaster fan 'e Oarder fan it Hillige Krús, wêrfan't de muontsen ek krúshearen neamd wurde. It kleaster is noch jimmeroan yn gebrûk en is dêrmei it âldste noch troch geastliken bewenne kleaster fan Nederlân. Yn 'e doetiidske Latynske Skoalle njonken it kleaster waarden misjonarissen oplaat.

Sûnt it stiftingsjier is it kleaster ferskate kearen fergrutte. Yn 1580 waard it kleaster ferneatige troch de strideraasjes yn it ramt fan 'e Tachtichjierrige Kriich. It kleaster waard yn 1610 wer oan 'e krúshearen werom jûn en yn 1612 en 1647 folge restauraasje, mar yn 1732 ûntstie brân. Yn 1856 binne feroaringen útfierd en yn 1906 folge it ôfbrekken fan in diel fan 'e gebouwen om dêr neogoatyske gebouwen del te setten. Op 8 maaie 1944 waard it kleaster troch brân troffen, lykwols net troch kriichshannelingen. In soad keunstwurken, lykas de ferneamde 14e-iuwske kalvaryberch, de trije alters en de byldhoude koerbanken út 1856 gyngen doe ferlern, mei't om de toer op it skip fan 'e tsjerke foel. De rest fan 'e gebouwen bleaune sparre en yn 1949 wie de kapel wer restaurearre.
Alhoewol't yn it Lân fan Cuijk yn 'e tiid fan 'e Republyk gjin godstsjinstfrijheid bestie, waard it kleaster net opheft om 't it ûnder beskerming fan prins Maurits stie. It troch him skonken Mauritsraam waard sûnt de 19e iuw yn 'e kolleksje fan it Ryksmuseum bewarre, mar is yn 2020 weromset en op 10 febrewaris 2021 ûnthulle troch kening Willem Alexander.
It kompleks bestiet út trije fleugels en in kapel en dêrbinnen de kleastergong. Wylst de westlike fleugel yn 1906, 1962 en 2004 ferboud waard, hat de súdlike fleugel noch in 15e-iuwske kleastergong mei spitsbôgefinsters, dy't yn 'e 17e iuw is ferhege. De kleastergong fan 'e eastlike fleugel slút oan by dy súdfleugel. De efterkant waard yn 'e 18e iuw útwreide.

Njonken it kleaster stie oant yn it lêste fearn fan 'e 20e iuw de 17e-iuwske Latynske Skoalle, wêrfan't de muorren speklagen hiene fan bakstien en natoerstien.
De kapel krige yn 'e 15e-iuw de hjoeddeiske foarm en waard om 1500 hinne noch langer makke. Yn 'e súdlike muorre fan 'e eastlike traveeën binne noch dielen fan in âlder bouwurk te sjen. De kapel hat in ier 18-iuwsk byld fan 'e Unbesmodsge Untfinzenis. Yn 'e kapel binne in oantal grêfstiennen, wêrfan't de âldsten út it lêste fearn fan 'e 15e iuw en oaren út it earste fearn fan 'e 16e iuw stamme. Se binne dekorearre mei wapens fan ferskillende skaaien.
It kleaster hat in ienfâldich poartegebou út 1644.
Kleastertunen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kleastertunen waarden sûnt de 18e iuw oanlein en wurde omfieme troch in muorre. Der binne beamhôven, der is bou en der binne fiskfivers, wylst oant 1985 ek buorkerijgebouwen yn 'e tún stiene. In oantal krúshearen wiene ek túnkers. De buksushagen binne yn foarmen fan kristlike symboalen knipt. Njonken in pear nuvere gebouwen, lykas in jirpelkelder en in 18e-iuwsk prefabhûske dat as ryksmonumint klassifiseare is, binne der in oantal monumintale beammen lykas in 150 jier âlde tulpebeam.
Erfgoedsintrum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2006 is it Erfgoedsintrum foar it Nederlânske Kleasterlibben yn guon romten fan 'e kleastergebouwen ûnderbrocht. Dy stifting waard yn 2002 oprjochte troch 80 kleasteroarders en gemeenten. De stifting beheart argiven en dokuminten fan mear as 100 Nederlânske kleastermienskippen. Yn 2004 waard in argyfdepot op it kleasterterrein boud. It Erfgoedsintrum wurket gear mei de Stifting Sint Aegten, dy't yn 1998 oprjochte waard en de monumintale bibleteek, de argiven en in grut oantal keunstwurken fan 'e krúshearen beheart, ynklusyf it bysûndere Alhoewol't it oansjen fan it kleaster fan bûten neogoatysk is en fan 1906 datearret, is der yn it kleaster noch in soad oer fan eardere tiden. Alhoewol't it oansjen fan it kleaster fan bûten neogoatysk is en fan 1906 datearret, is der yn it kleaster noch in soad oer fan eardere tiden. De graduale fan 'e krúshear Jehannes fan Dimter is in grut koarboek dat om 1500 hinne skreaun waard. Yn desimber 2023 waard it 22 kilogram swiere boek oan it Nederlânsk Memory of the World Register tafoege.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
