Krúsferheffingskatedraal (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Krúsferheffingskatedraal

Крестовоздвиженский собор

Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Ligovski Prospekt
koördinaten 59° 54' N 30° 21' E
Arsjitektuer
arsjitekt Egor Ivanovitsj Dimmert (katedraal)
boujier 1848-1851; toer 1805-1812 (wiziging 1872-1878)
boustyl Barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7810551004 [1]
Webside
Hiemside fan 'e katedraal
Kaart
Krúsferheffingskatedraal (Sint-Petersburch-Sintrum)
Krúsferheffingskatedraal

De Krúsferheffingskatedraal (Russysk: Крестовоздвиженский собор; Krestovozdvizjenski sobor) is in otterdokse tsjerke yn Sint-Petersburch, dy't wijd is oan 'e ferhearliking fan it krús fan 'e Hear. Sûnt 1991 draacht de tsjerke, dy't yn ien fan 'e âlde parochy's fan Sint-Petersburch stiet, ek de namme Kozakkenkatedraal fan it Hillich Krús.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Sint-Petersburch noch yn oanbou wie, waard oan it begjin fan 'e 18e iuw foar de delsetting foar de koetsiers mei harren hûshâldings oan 'e iennige wei, dy't de stêd mei it Ryk ferbûn, in houten kapel boud. Yn 1718 folge de bou fan in oan Jehannes de Doper wijde tsjerke, in lyts gebou dy't it ynearsten sûnder klokketoer moast dwaan. De tsjerke baarnde yn 1730 ôf en waard doe ferfongen troch in nije houten tsjerke, mar de tsjerke wie al nei tsien jier wer oan grut ûnderhâld ta. Dêrom waard der tastimming frege foar de bou fan in stiennen tsjerke. Wa't it ûntwerp foar de nijbou levere is net bekend, mar de bou stie ûnder lieding fan 'e Dútske arsjitekt Johann Jacob Schumacher (1701-1767). Op fersyk fan 'e parochy waard de nije stiennen tsjerke wijd oan 'e Krúsferheffing.

Achter de nije Krúsferheffingstsjerke feriisde tusken 1764 en 1768 de barokke Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin.

Yn 1804 makke de arsjitekt Postnikov (1766-1830) in plan foar in grutte, sechtich meter hege, klokketoer, dy't yn 1812 foltôge waard. Oan wjerssiden fan 'e klokketoer rinne galerijen yn in bôge, dy't einigje yn in kapel. De bylden fan Petrus en Paulus folle de nissen oan wjerskanten fan de trochgong fan de toer op. De ûnderste ferdjipping fan de toer liet de keapman Ivan Iljitsj Sjigalov yn 1872 ta oantinken fan syn ferstoarne frou útbouwe ta de Tsjerke fan Kyrill en Methodius.

De Tichvintsjerke.

Nei ferrin fan tiid begûnen de Krúsferheffingstsjerke en de Tichvintsjerke brekfallich te wurden. Dat fereaske in grutte ferbouwing en de arjistekt Vasil Jegorovitsj Morganov makke foar de tjerken nije tekenings. It nije ûntwerp foar de Krúsferheffingstsjerke fertoande grutte oerienkomsten mei de doe noch net foltôge Izaäk-katedraal. De tsjerken koene net tagelyk ferboud wurde, want der moast wol gelegenheid bliuwe foar de fiering fan de earetsjinst. En dus waard earst útein set mei de fergrutting fan 'e Tichvintsjerke. Nei de foltôging dêrfan die bliken dat der te min jild wie om Morganov's ûntwerp foar de nije Krúsferheffingstsjerke noch út te fieren. De boukommisje frege tastimming om in oar ûntwerp te bouwen neffens tekeningen fan Egor Ivanovitsj Dimmert. Dy nijbou fûn tusken 1848 en 1852 plak. Dielen fan it âlde muorrewurk út de jierren 1740 waarden yn de nijbou yntegrearre en it wurk eine gaueftich, mar de arsjitekt soe de foltôging sels net mear meimeitsje. Yn desimber 1851 wie ek it wurk foar it ynterieur foar it meastepart klear.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn febrewaris 1932 waard de Tichvintsjerke op lêst fan de oerheid sletten en oerdroegen oan in skoalle. Sûnt de jierren 1940 waard der yn de eardere tsjerke in produksjebedriuw ûnderbrocht. Yn de rin fan 'e tiid ferlear ferlear de Tichvintsjerke it uterlik fan in tsjerkegebou.

De katedraal bleau noch iepen oant 1938. Yn dat jier wie der in fersyk om de tsjerke ôf te brekken, mar der folge gjin tastimming. Nei de sluting waard de tsjerke oerdroegen oan in bedriuw, dy't it gebou ferfoarme en der tuskenmuorren en plafonds yn oanbrocht. Fiif preesters dy't ferbûn wiene oan de katedraal waarden deasketten. Ek de Cyrilis en Methodiustsjerke waard sletten, nei alle gedachten ek yn 1938.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de katedraal rekke by besjittings. Under de blokkade fan Leningrad moasten yn 'e strange winter fan 1941-1942 de deaden yn 'e katedraal lein wurde, om't se net earder as yn de maaitiid op it Volkovskihôf begroeven wurde koene.

Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokketoer.

Mei de weromjefte fan it kompleks yn 1991 waard al nei trije wiken in nij fjouwer meter heech krús op de klokketoer set. In earste tsjinst waard op 24 maaie 1991 yn de lytse Kyrill en Methodiustsjerke holden. De Tichvintsjerke wie ruïnearre: yn de tsjerke wiene wurkplaatsen mei swiere masjines, de flier wie asfaltearre, de romte wie ferdield yn twa ferdjippigns, tuskenmuorren wiene boud en de koepel wie ôfbrutsen. De kozakken renovearren de tsjerke en in earste tsjinst waard fierd yn 1993. Mei help fan de stêd waard fan ôf 2008 de katedraal troch de kozakken restaurearre. Yn in koarte tiid waard der oan 900 ton púnôffal út de tsjerke helle. Ek dêr moasten betonnen tuskenflierren en skiedingsmuorren ôfbrutsen wurde. De koepels binne op 'e nij fergulde en yn 2014 waard útein set mei de restauraasje fan it dak.

Bûten krige yn 2002 oan 'e kant fan it alter fan 'e katedraal in búste fan tsjaar Nikolaas II in plak. Yn 2013 krige de búste selsskip fan in búste fan tsarevitsj Aleksej en wer in jier letter waard der noch ien fan Aleksandra Fjodorovna tafoege. By de bylden steane in tal publikaasjebuorden mei ynformaasje oer it troch de Otterdokse Tsjerke hillich ferkleare tsarehûs.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Крестовоздвиженский собор (Санкт-Петербург)

  1. Monuminten Ruslân
  2. Skiednis op de side fan de katedraal