Springe nei ynhâld

Krânsdo

Ut Wikipedy
Krânsdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaihôfdowen (Columba)
soarte
Columba guinea
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De krânsdo (Columba guinea) is in fûgelsoarte yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).

Krânsdo yn Kaapstêd, Súd-Afrika.

De 32 oant 35 sm lange do weaget tusken 220 en 390 gram. De kop it boarst en de búk binne blaugriis. De do hat in kraach fan readbrune fearkes dy't einigje yn wite puntsjes. De stút is sulvergriis en de mantel en dekfearren fan 'e wjukken binne readbrún oan fiolet. Om't de dekfearren fan 'e wjukken in ljochte, trijehoekige punt ha, liket de do pjukkelich. Om de eagen hat de do in neakene reade ring. De ferskillen tusken mantsjes en wyfke beheine har ta lytse ferskillen.

De soarte komt yn in grut part fan Afrika foar en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield.

It biotoop is tige ferskillend en bestiet út iepen en healiepen gea, lykas savannes, mar ek bosk en tunen. Yn Etioopje is de fûgel machtich yn tal op greide en yn bosk. Yn guon gebieten wit de fûgel ek stêden te kolonisearjen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels wurde allinnich of pearkes en ek yn groepen waarnommen. By genôch iten kinne de oantallen grut wurde. De fûgel is op lân en yn 'e loft linich.

It nêst wurdt boud yn borassuspalmbeammen, mar ek yn beamholtes en rotsspjalten of âlde gebouwen en ruïnes. De oan see libjende fûgel bouwe de nêsten yn rotsspjalen of -holtes. In lechsel bestiet út twa aaien, dy't troch it wyfke yn goed twa wiken útbret wurde. Nei likernôch trije wiken ferlitte jonge fûgels it nêst.

De grutte fan 'e populaasje is net bekend. De fûgel is hast oeral yn it ferspriedingsgebiet algemien. Dêrom wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: