Kosmopolityske fersprieding

Kosmopolityske fersprieding is it ferskynsel dat in soarte (of in oar takson lykas in in skaai of in famylje) yn in grut part fan of oer de hiele wrâld foarkomt. Sokke soarten of taksa wurde kosmopoliten neamd. In kosmopolityske fersprieding beslacht lykwols hast nea echt de hiele wrâld, om't organismen oer it algemien òf op it lân, òf yn see libje. Dat wurdt it substraat fan it organisme neamt. As it organisme op it lân libbet, dan giet it by in kosmopolityske fersprieding om 'e measte kontininten, faak mei útsûndering fan 'e poalstreken, ekstreme hichten, de drûchste woastinen en/of beskate ôfhandich leine eilannen. As it organisme yn 'e see libbet, dan giet it om it grutste part fan 'e oséanen.
In kosmopolityske fersprieding op it lân hat der gauris mei te krijen dat in bist as eksoat mei bewuste of ûnbewuste help fan 'e minske oer de hiele wrâld ferspraat rekke is. Foarbylden dêrfan binne de kat (Felis catus), de hûn (Canis lupus familiaris), de hûsmûs (Mus musculus), de brune rôt (Rattus norvegicus), de huningbij (Apis mellifera) en parasiten lykas de minskelús (Pediculus humanus), de hûneflie (Ctenocephalides canis) en de katteflie (Ctenocephalides felis). Foarbylden fan organismen dy't op eigen krêft in kosmopolityske fersprieding berikt hawwe, binne de wite haai (Carcharodon carcharias) en de miggeswam (Amanita muscaria). Mar it bekendste foarbyld fan in organisme mei in kosmopolityske fersprieding is fansels de minske sels.
Foar de kosmopolityske fersprieding oer stiet it endemisme. Endemisme betsjut dat in organisme allinne foarkomt yn ien geografysk ôfgrinzge gebiet, lykas in eilân of in lân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: distribution References, op dizze side. |