Kosmas en Damianustsjerke (Groesbeek)
| Kosmas en Damianustsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | Groesbeek | |
| adres | Pannenstraat 1 | |
| koördinaten | 51°49' N 5°55' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | De Bosk | |
| patroanhillige | Kosmas en Damianus | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Caspar Franssen | |
| boujier | 1922 | |
| boustyl | neoromaanske arsjitektuer | |
| monumintale status | gem. monumint | |
| Webside | ||
| parochiegroesbeek.nl | ||
| Kaart | ||
De Kosmas en Damianustsjerke is in parochytsjerke yn it Gelderske Groesbeek yn 'e gemeente Berg en Dal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De parochy stamt út 950, doe't dêr noch in houten tsjerkje stie. Dy tsjerke waard letter de stiennen tsjerke oan 'e Kerkstraat 6, dy't mei de ynfiering fan 'e reformaasje oan 'e protestanten oerdroegen wurde moast.
De katoliken mochten yn 1672 wer in skuorretsjerke bouwe, dy't yn 1833 troch in nije tsjerke ferfongen waard. Op 29 novimber 1836 waard Groesbeek troffen troch in tige swiere stoarm. De noch nije tsjerke rekke sa slim skansearre, dat it gebou net mear te brûken wie.[1]. De bou fan in nije tsjerke folge dêrnei, dy't yn 1836 foltôge wie.

Mei't de parochy groeide wie de tsjerke oan it begjin fan 'e 20e iuw te lyts woarn. Der waarden plannen makke foar de bou fan in nije tsjerke en pastorije en yn 'e jierren 1920-1921 ûntstie de hjoeddeiske Kosmas en Damianustsjerke neffens in neoromaansk ûntwerp fan Caspar Franssen mei de ynfloeden fan in Byzantynske sintraalbou. Nei de foltôging fan 'e tsjerke waard de njonkenlizzende foargonger ôfbrutsen. De konsekraasje fûn plak troch Mgr. A.F. Diepen op moandei 23 augustus 1924.
Fanwege jildkrapte en mooglik ek feroarjende ynsichten is de tsjerke nea hielendal foltôge. De toer soe heger wurde, boppe de krusing soe in hege koepel komme en der is letter ôfsjoen fan dekoraasjes oan 'e tsjerke. De tsjerke is in gemeentlik monumint.[2]
Sûnt 2019 is de tsjerke ien fan 'e njoggen plakken fan it Karl-Leisner pylgerpaad en in plak dêr't stilstien wurdt by it wurk en libben fan 'e sillige Karl Leisner.[3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
