Springe nei ynhâld

Korresân

Ut Wikipedy

Korresân (of Corresant en Cornsand) wie in Waadeilân dat oant it ein fan de Midsiuwen bestien hawwe soe. Lykas oare lytse eilannen is it ein 17e iuw of begjin 18e iuw troch grutte stoarmen definityf oerspield. Guon fermoedzje lykwols dat it eilân Corresant tegearre mei de waadeilannen Heffesant en Bosch ta it nije eilân Bosch fersmolten is. Oare boarnen neame Cornsand as in doarp dat op it eilân Bosch lei. Nei alle gedachten lei it eilân tusken Skiermûntseach en Rottumereach.

Behalve dat dizze eilannen op kaarten út de 16e en 17e iuw fermeld steane, is der noch mar in bytsje oer dizze eilannen witten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: