Springe nei ynhâld

Koromandeliisfûgel

Ut Wikipedy
Koromandeliisfûgel

Koromandeliisfûgel yn it Nasjonaal Park Sundarbans (Yndia)
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiechte beamiisfûgels (Halcyon)
soarte
Halcyon coromanda
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige

De Koromandeliisfûgel of rôze iisfûgel (Halcyon coromanda) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De binomiale namme ferwiist nei de Koromandelkust yn Yndia.

Koromandeliisfûgel op 'e Andamanen.

De oant likernôch 25 sm lange readbrune iisfûgel hat in tige grutte, helderreade snaffel en poaten yn 'e selde kleur. It bealchje is readbrún oant okergiel mei op 'e sturt en wjukken faak pears of fiolet. Der is hast gjin seksuëel dimorfisme, alhoewol't guon boarnen skriuwe dat de mantsjes wat helderder kleuren ha.

De soarte komt foar yn tichte bosken en reinwâlden en dêrfandinne wurdt de fûgel faker heart as sjoen. It ferspriedingsgebiet leit tusken Súd-Koreä en Japan yn it noarden oant de Filipinen en de Sûnda-eilannen yn it suden en Sina en Yndia yn it westen. It is in trekfûgel. Winterdeis trekke fûgels út it noardlike ferspriedingsgebiet oant Borneo ta. De readbrune iisfûgel is seldsum yn Japan, dêr't fûgeltsjelju foar de fûgel útrinne, wylst yn oare dielen de readbrune iisfûgel lokaal algemien is.

Lykas oare iisfûgels ite readbrune iisfûgels meast fisk, grutte ynsekten en skaaldieren. Se ite yn gebieten mei minder streamend wetter ek kikkerts en oare amfibyen.

Fan 'e soarte binne de folgjende ûndersoarten bekend:

Undersoarten Koromandeliisfûgel
Wittenskiplike
namme
BeskriuwerFerspriedingKarakteristyk
H. c. coromandaLatham (1790)Nepal, Sikkim, Bûtan, West-Bengalen, Bangladesj, Noard-Birma en Súdwest-Sina, eastlik oant Makau. Oerwinteret op it Maleizysk skiereilân, Sumatra en JavaLila oant readbrún, sulverblauwe stút, reade snaffel en poaten.
H. c. majorCoenraad Jacob Temminck & Schlegel (1848)Japan, Súd-Koreä en Noardeast-Sina, trekfûgel yn East-Sina, Taiwan, Rjûkjû-eilannen, Filipinen, Sulawesi en (selden) Borneo.Underkant bleker as de nominaatfoarm en minder fiolet, dielen fan 'e stút blau en oant in smelle streek redusearre. Underkant learkleuriger en folle bleker as de nominaatfoarm. Snaffel smeller, langere wjukken.
H. c. mizorhinaHarry Church Oberholser (1915)Andamanen, Súdwest-BirmaBoppekant readbrún mei ljochtfiolette glâns, ûnderkant donkerder as de nominaatfoarm, boarst mei bleek fiolet. Langere snaffel.
H. c. bangsiHarry Church Oberholser (1915)Rjûkjû-eilannen, East-Taiwan. Oerwinteret op 'e Filipinen súdlik fan 'e Talaud-eilannen.Boppekant folle donkerder en fioletter. Underkant donkerder en djippere snaffelbasis as de nominaatfoarm. Lange wjukken.
H. c. minorCoenraad Jacob Temminck & Schlegel (1848)Fan it Maleizyske skiereilân oant Singapoer, Riau-eilannen, Sumatra, Mentawai-eilannen, Bangka en Belitun, West-Java en Borneo.Boppekant donkerder, ûnderfant folle donkerder as nominaatfoarm, kastanjekleuren. Kroan, mantel en boarst glânzgjend mei fiolette swym. Stút hat in grutter wyt plak. Koarte wjukken.
H. c. linaeHubbard & Du Pont (1974)Palawan en Tawi-Tawi (Súdwest-Filipinen)Lykas de H. c. minor, mar in wat donkerder boppe- en ûnderpart. Mantel en boarst hast donkerpears.
H. c. claudiaeHubbard & Du Pont (1974)Tawi-Tawi (súdlike Sulu-arsjipel)
H. c. rufaWallace (1863)Sulawesi en in pear by de kust lizzende eilannen.Lykas H.c. minor, mar minder donker. Stút bleek blau skimerjend. Lange wjukken, lange snaffel en koarte sturt.
H. c. pelingensisNeumann (1939)Op it eilân Peleng (Banggai-eilannen, Yndoneezje).Lykas H.c. rufa, mei in sulverkleurige stút.
H. c. sulanaMees (1970)Sûla-eilannen eastlik fan PelengLykas de nominaatfoarm, mar mear fiolet en lange wjukken en in lange snaffel.

De wrâldpopulaasje fan 'e Koromandeliisfûgel is net kwantifisearre, mar de soarte is yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet seldsum. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen tebekrint troch biotoopferlies. Ek wurde der fûgels sammele om se te preparearjen. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre (2016).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Ruddy kingfisher en de:Feuerliest (ûndersoarten)