Koroanafiruspandemy
| Koroanafiruspandemy | ||
| bysûnderheden | ||
| type ramp | epidemy | |
| subtype | pandemy | |
| oarsaak | COVID-19 | |
| datum | 1 desimber 2019 – 5 maaie 2023 | |
| lân | Wrâldwiid | |
| statistiken | ||
| deaden | 7 miljoen (offisjele sifers) 18,2–33,5 miljoen (skattings wiere sitewaasje) | |
De Koroanafiruspandemy, ek wol COVID-19-pandemy of koroanakrisis neamd, is de wrâldwide fersprieding fan de sykte COVID-19 en de yngripende gefolgen foar de mienskip. De feroarsaker is SARS-CoV-2, ien foar de minsk nij koroanafirus. Dit firus waard foar it earst identifisearre yn de Sineeske stêd Wuhan yn desimber 2019. Nettsjinsteande it besykjen om de útbraak dêr yn te damjen, fersprate it firus him oer oare parten fan Aazje en al gau oer de rest fan de wrâld. Yn maart 2020 waard de útbraak erkend as in pandemy troch de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO). De WHO ferklearre op 5 maaie 2023 COVID-19 net langer as mondiale needsituaasje te beskôgjen.
It firus foarme in bedriging foar de sûnens fan benammen âlderein en kwetsbere yndividuen. Wrâldwiid waarden strange maatregels naam om de fersprieding tsjin te gean en de sûnenssoarch te ûntlêsten. It ynternasjonale ferkear waard stillein, iepenbiere romtes waarden sletten en yn tichtbefolke stêden waarden lockdowns ôfkundige. It dragen fan mûlkapkes, testen, boarne- en kontaktûndersyk wiene algemiene previntive wizen om de pandemy yn 'e stringen te hâlden. Tsjin de ein fan 2020 waarden de earste faksins tsjin COVID-19 ynset.
It maatskiplik libben yn in moai grut part fan 'e wrâld kaam foar in grut part ta stilstân, dêrtroch tsjinne har in ekonomyske resesje oan. Troch ûntwjochting fan de produksjeketens ûntstie yn ferskate lannen in krapte fan ûnder mear iten en soarchhelpmiddels. Thúswurkjen waard in gongber gegeven. De krisis brocht kwestjes as misynformaasje, sosjale ûngelikensens, diskriminaasje, en it lykwicht tusken yndividuele en groepsrjochten oan it ljocht. Trochdat boargerlike frijheden beheind waarden, naam sosjale ûnrêst ta en yntinsivearren politike spanningen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|